Priisfraech Rely Jorritsmafouns 1969
It Rely Jorritsmafouns skriuwt - ta bifoardering fan de Fryske literatuer - de neifolgjende priisfragen út:
1. | foar oarspronklike Fryske gedichten; |
2. | foar moai koarte, oarspronklike forhalen yn Frysk proaza (sketsen), fan net minder as likernôch 2000 wurden, net mear as likernôch 5000 wurden. |
Oan prizen foar 1969 is biskikber de somme fan f 3000, --. 1/5 part fan dit bidrach is ornearre foar de priisfrage foar gedichten, 4/5 foar dy foar sketsen. Ien en oar wurdt - lykop - fordield ûnder de 5 bêste ynstjûrders foar elk ûnderdiel of - mochten der minder as 5 ynstjûrders wêze foar ien ûnderdiel of foar beide - ûnder harren dy't ynstjûre. Op groun fan de kwaliteit fan it ynstjûrde wurk, hifke op syn letterkundige wearden, kin de jury útmeitsje, dat ien of mear ynstjûrders dy't foar in bileaning yn'e bineaming komme, net it folle foar him of har biskikbere bidrach útkeard krije.
It boppesteande is sa fêstlein yn it testamint fan de stifter fan it founs, útsein de bigrinzing yn tal wurden fan in ‘skets’; dy hat, foar dizze priisfraech, dizze jury fêstlein. De prizen wurde takend - sûnder mooglikheit fan birop of oare aksje - fan in jury, bisteande út 3 persoanen en wol de hearen M.J. de Haan fan Feanwâlden, J. Smit fan Hilversum en S. Sybrandy fan Ljouwert.
It earste publikaesjerjucht fan de bikroande ynstjûringen komt oan it bistjûr fan de Fryske Bibleteek, sûnder dat der apart noch wer foar bitelle wurdt; as it bistjûr net binnen it jier nei de publikaesje fan de útspraek fan de jury fan dat rjucht gebrûk makket, forfalt it wer oan 'e skriuwer. Alle auteursrjochten bliuwe ek fierder by de ynstjûrders.
Deselde skriuwer mei net mear as ien gedicht en ien skets ynstjûre; it ynstjûrde wurk mei net earder publisearre wêze.
Ynstjûringen (yn trijefâld typt of yn dúdlik hânskrift op papier dêr't mar ien kant fan brûkt wurdt) wurde ynwachte oan it adres: J. Rienstra, Domineesteeg 1, Ruurlo.
Wurk dat foar in eardere priisfraech fan it Founs ynstjûrd west hat, mei net wer ynstjûrd wurde.