| |
| |
| |
Tryater of hoe't der mei minsken omgriemd wurdt.
TROTWAER
sept. '70
(supplemint)
P. van der MARK (Dep. Kultuer Frl.): ‘It hat noch nea oan ien spylder hein, wy geane troch. Der sil sa gau mooglik in saeklik lieder komme moatte’. |
R. FALKENA (Foars. Tryater): ‘Dou bist in goeije aktrise, en it muoit my dat it sa gien is, mar dou giest der út, en Ryk giet der ek noch út’. |
H. KEUNING (adfiseur Tryater/Steatenlid): ‘Al dy rûzjes en dat gesoademiter, dat moat nou mar ris út wêze’ (tsjin Jeltsje Das). |
Mefr. FABER-HORNSTRA (Dir. Prinsetún): ‘Koördinearje minsken, op biropsbasis, dan komt it fansels wol klear’. (Koartehimmen novb. '68). |
R. NIJBOER (sûnt 1 sept. Nrd. Comp.): ‘Mei dat folk is net to praten: biropstoaniel bringe op amateurbasis. Je waerden by 't libben forneukt’. |
JELTSJE DAS (sûnt 18 aug. oan 'e dyk): ‘Ik meitsje kontraktueel diel út fan 'e ploech, en easkje myn rol werom’. |
Mefr. J. ZOETE-WELLINGA (bistjûrslid Tryater): ‘Na disse weer een frisse’ (nei oanbod Noorder Compagnie oan Roel Nijboer). |
J. NOORDMANS (Red. L.C.): ‘It Fryske toaniel moat foar de dokter’. |
R. KLIJNSTRA (ynstjûrd stikje L.C.): ‘Toanielspylders binne gjin kij, Falkena’ (dy't fédokter is). |
| |
| |
J. ROEST (Steatenlid Pak): ‘Een dergelijke bestuurspraktijk is onaanvaardbaar’ (oer ûntslach Jeltsje Das yn fragen oan G.S.). |
Mr. D.F. WENT (Steatenlid VVD): ‘Wat er nu ontstaat is een vrij wankel gezelschap....’ (Steaten 12-5-'70). |
IT FRYSKE FOLK: ‘Hup sûpen groatten brij en Hollân sil ús snije, hup sûpen groatten brij, hwant wy bin 't wer net iens’. |
As men boppesteande útspraken lêst en heart fan ûnderskate minsken, dan is it wis dat der wer hwat oan 'e hân is op it kulturele mêd. It toanielselskip ‘TRYATER’ - oprjochte yn 1969 (1 aug., mar gjin offisjele stifting) - rint net sa't it wêze moast. Of leaver sein, it rint hielendal net.
It motto skynt to wêzen: rotsoai mar hwat oan, alteast, sa komt it de bûtenwacht oan nei it hearren fan skelen, fetes, ûntslach fan spylders, ensfh.
It selskip hat fêst de krekte smarring noch net foun, of - en dat is miskien earder it gefal - de motoren doge net. Hwat hat him hjir ôfspile? Hwat spilet him ôf?
| |
I. Hwer is it kultuerbilied?
Yn myn artikel ‘Fryslân: status kwo of de 50 fan de slach by Warns’ (trotwaer, febr. '70, 2) haw ik inkelde opmerkings pleatst oer it Fryske kultuerbilied. Ik miende fêststelle to kinnen, dat it klimaet hjirre bipaeld wurdt troch in to min oan geastlike fleksibiliteit, in brek oan fantasije en in burokratyske starheit by de pommeranten. To lang deselde minsken op it selde plak jowt forstarring en bringt in stik antydynamyk mei (inkelde bistjûrsleden en adfiseurs fan Tryater bistjûre en adfisearje al hast har hiele libben). As de a-visionaire krêften, de neipraters, de kranteknippers hjir de tsjinst útmeitsje, is de status-kwo-situaesje per definysje fêstlein. It hobbyistysk amateurisme wurdt heech oanslein (Tryater as biropsselskip koe dit wol as lêste brûke; it hat bliken dien!). Doe't Roel Nijboer mei in alternatyf bistjûrsplan (hjiroer aensens) kaem, waerden fan de 7 daelk 4 man ôfwiisd (net kapabel, to opruijerich, ensfh.) en dêrfoar yn 't plak in pear oaren socht, dy't wol út wenstige struktuer weikamen (û.o. R. Falkena, kultuerriedslid). It patriarchale
| |
| |
systeem wie wer sletten, en dêrtroch ek neat wêzentliks foroare. It systeem, de tinkwrâld - birops fortaeld as amateurs - waerd net reëel omlein. Deselde minsken lykas altyd - net út namme fan kwaliteit of ynsjoch of visy, mar út namme fan jierren of lidmaetskip of freonskip - lulden wer oer, lulden wer mei Tryater om. Foar in nij medium - biropstoaniel mei al syn sweirrichheden en nijichheden - waerden deselde minsken lykas altyd setten. Idealistyske amateurs mochten hwat omboartsje mei in nij biropsselskip en mei in slompe oerheitsjild. Eksperimintearje op basis fan ‘nei ús de sûndfloed’. Ien jier Tryater (1-8-'69 oant 1-9-'70) hat nou al dúdlik útmakke dat èn bistjûrsopset èn adfiseursopset foar 100 persint fout west hawwe. In wichtich taelmedium (kommunikaesjemedium) - it Frysk biropstoaniel - hat men fortutearzje litten. It to lytse rountsje miende it wol to kinnen, en se miene it noch, binammen nou't de ‘skineskoppers’ der út soald binne.
It geklaei mei Tryater allinne al soe foar de ‘Werkgroep Kultuur Friesland’ genôch wêze moatte om to sizzen: ‘hou, minsken fan de kultuerried, iepensmite dat spul, en oare spullen, en alle oare spullen’. Wol men alteast net al hielendal ynkapselje nei de guerrilja-taktyk fan de hear Stapel....
| |
II. Foarspul Tryater.
Hwa't op it illustere idé kommen is om yn Fryslân birops toaniel to bringen is net sa wichtich. It hat to krijen mei taelpolityk, mei subsydzjes út Den Haech en fansels ek mei ‘De Noorder Compagnie’, mei it faset toaniel as sadanich. Foardat yn 1965 de ‘Fryske Toanielstifting’ oprjuchte waerd, hie him fan to foaren al hiel hwat ôfspile (letterlik en figuerlik) op it toanielmêd. It stik ‘In slet fan 10 dollar’, oerset fan Anne Wadman, frege yn 1964 bitûfte spylders. Dit wie gjin sljuchtweihinne doarpstoaniel mear, mar stie artistyk op in folle heger plan. De bêste selskippen (Selskip Roel Nijboer, It Lyts Frysk Toaniel, De Kemeedzje) soene de bêste spylders leverje moatte. Anne Wadman stelde as eask, dat Jeltsje Das de haedrol spylje moast. Letter is dit Ryk Landman wurden, omt Jeltsje Das wegere op it punt geskikte tsjinspiler (hwat it tempo oanbilanget) foar dizze rol. De kritiken wiene, hwat it tempo oanbilanget, net sa bêst nei de première, op himsels net sa slim, mar tagelyk wol in biwiis dat men nou mei in goed stik ek in better spyljen easke. De bigjinstap nei in biropstoanielopfetting wie setten.
| |
| |
Nei ‘In slet fan 10 dollar’ kaem ‘Look back in anger’ op it repertoire ûnder regy fan Pyt van der Zee (de offisjele NATU-regisseur). Om't ‘It Frysk Nasjonael Boun’ gjin subsydzje krije koe, waerd doe yn 1965 de ‘Fryske Toanielstifting’ oprjuchte, en krige as startsubsydzje f 10.000, -. De Stifting spile noch gjin biropstoaniel, omt èn de spylders èn de regisseur (P.v.d. Zee) amateurs wiene. Mefr. J. Zoete-Wellinga (nou noch bistjûrslid Tryater) siet û.o. yn it bistjûr. Pyt van der Zee skille Jeltsje Das mei it forsyk oft se yn it nije stik ‘It Himelbêd’ spylje woe. Se sei ta, mar foun it hwat frjemd dat hysels (P.v.d.Z.) tagelyk regissearje en spylje soe, wylst der wol oaren omrounen. ‘Sa 'n man’, seit Jeltsje Das, ‘hat soks 8 jier forsiere kinnen (regy + lean en spylje + lean) ûnder superfisy fan Mefr. Faber en Mefr. Zoete, wylst it yn wêzen net mocht (offisjeel NATU-regisseur). Fan dat lêste hie er in folslein ynkommen’.
Om't Jeltsje Das spylster wie fan it Selskip Nijboer, dat ek regelmjittich spile, koe in konflikt net útbliuwe doe't Van der Zee Nijboer skille om to praten en sei dat juffer Das hielendal foar de Stifting wurkje moast. Dan moast Nijboer mar net spylje mei syn selskip. Fansels wie hjirmei in nuvere situaesje skepen, mei 't gefolch dat de Stifting net fierder spile. Nei dy tiid waerden se net foar de Stifting frege om to spyljen. Mei Roel Nijboer, sa sei men, wie net to praten.
It doel fan de Stifting hie wêze sillen út to groeijen nei folweardich biropstoniel, hwat net slagje koe omt yn 't foarste plak de regisseur folslein amateur wie, en forskate bêste spylders gewoan net frege waerden. Nijboer: ‘Se namen net hwa't de bêste wie, mar hwa't it maklikste wie, en fan dat stânpunt binne se noch net ôf’.
| |
III. Koördinaesje - Koördinaesje
It wie sa njonkelytsen dúdlik dat der op it tonielmêd hwat barre moast. Der soe in koördinaesje fan de selskippen komme moatte: de lytse selskipkes opdûke, de bêste spylders byelkoar swylje, en dan op dy basis trochgean. Ek it freegjen fan oerheitssubsydzjes soe earder honorearre wurde. Yn nov. '68 waerd dit probleem yn Koartehimmen op 'e skriuwerskonferinsje bisprutsen. Eltsenien seach hjiryn de oplossing fan de problemen (oanwêzich wiene û.o. ek mefr. Faber, Hein Keuning, Ryk Landman, Dikky Modderman en Roel Nijboer, mar hwêrom net it sittende bistjûr fan de Tonielstifting, mefr. Zoete en Simen Dykstra, wer wol Jeh. Spyksma).
4 spylders - to witten Ryk Landman, Jeltsje Das, Roel Nijboer en
| |
| |
Dikky Modderman - founen elkoar en soene de kearnploech foarmje fan in nij op to rjochtsjen toanielselskip op biropsbasis. Binammen Keuning en mefr. Faber woene graech dizze kant út (biropsbasis, en greatere subsydzjemooglikheden). It sittende bistjûr - mefr. Zoete, Simen Dykstra en F. Bijkerk (de lêste allinne op papier) - woe hjir eigentlik net oan. Sy woene ta op in 15 fêste spylders, hwat fansels út in eachpunt fan subsydzjepolityk noch lang net to realisearjen wêze soe. Van der Mark soe it (en torjochte) daelk ôfwiisd ha. Yn wêzen lei hjir al it brekpunt tusken it âlde bistjûr fan de Stifting en de nije kearnploech. Ommers, 15 man soe bitsjutte, dat men gewoan troch gean woe op de âlde amateurbasis. En dat wie nou krekt net de bidoeling. Uteinlik gong it bistjûr (mar 2 man) akkoard mei de opset fan 4 kearnspylders, it ûntbinen fan de selskippen en it yn libben roppen fan it nije biropsselskip (4 kearnspylders + gastspylders). Om't it wurd ‘Stifting’ tige bismet wie yn de provinsje, waerd útsjoen nei in nije namme. Jeltsje Das foun it yn it wurd TRYATER. It vignet is makke troch Meinte Walta. Nou't de saken sa stiene, wie in kontrakt tige winsklik, binammen foar Jeltsje Das om't dy úteinlik hielendal bistean moatte soe fan har wurk by Tryater. Om't de rippetysjes oerdei hâlden waerden, soe se har pedikurepraktyk dellizze moatte. It risiko wie foar Jeltsje Das tige great. Sy brocht dit yn 't midden, mar mefr. Faber en ek de oaren seagen it allegearre tige optimistysk. Nou soe it dan barre! Juffer Das moast hwat bitrouwen ha yn de saek. Op in basis fan f 40,- de útfiering en f 2,- ûrs per rippetysje setten de 4 kearnspylders út ein mei ‘Neef en Nicht frijt licht’. Dit stik soe de reklame meitsje foar, en de namme fan TRYATER yn Fryslân. Roel Nijboer
seach de mooglikheit op in djûr fan in 150-200 foarstellingen jiers (sysels hiene ommers al in dikke 100 hawn). It like allegearre tige skoan.
| |
IV. It bistjûr forsûpt der yn.
Foar in better bigryp fan de situaesje moat efkes dúdlik steld wurde, dat TRYATER úteinsette mei in bistjûr fan 2 man (mefr. Zoete en Simen Dykstra), mei Jeh. Spyksma as dramaturch, sûnder saeklik lieder en mei in stik jild fan f 20.000,-.
Fierders as adfiseurs mefr. Faber en H. Keuning. It kontakt tusken spylders en bistjûr roun net sa bêst. Roel Nijboer moast as koördinator tsjinst dwaen om't it bistjûr mei dat oare spul net prate woe (mefr. Zoete). Alde kwestjes spilen in
| |
| |
rol. It fiersten to lytse bistjûr (bismet mei âlde ideeën en per definysje swak) koe de nije situaesje lang net oan. Sûnder oerliz mei de adfiseurs en de spylders setten de 2 bistjûrsleden in nije produksje op priemmen (‘De tipelsinnige frijer’) dy't spile wurde moast troch oaren as de fêste kearnploech, útsein Roel Nijboer.
Wer bliek dat it bistjûr net troch hie, dat soe it biropstoniel ea in feit wurde, ek nou de kearnploech dit stïk spylje moast. Spylje, spylje, biwize dat it earnst wie mei de opfetting om biropstoaniel to bringen troch biropsspylders. Yn dit stadium hiene de adfiseurs yngripe moatten, en wreidzje it bistjûr út, en stel in saeklik lieder oan. Allinne ien bistjûrslid kaem derby: Jan de Vries fan Jorwert (op groun fan it skriuwen fan in doarpsiisrevue?? of op groun fan it kultuerriedslidmaetskip??). Om't de krêftige hân, de visy op langere termyn, fan it bistjûr, net oanwêzich wie, fielden de 4 spylders har hwat langer hwat mear op driuwsân. It die bliken, dat it bistjûr neist de kearnploech, ûnder namme fan de Stifting ek noch mei in twadde ploech it fjild yn woe. Se seagen it bilang fan in fêste biropskearnploech net yn. De 4 kearnploechleden seine har bitrouwen yn it sittende bistjûr op, hwant twa ploegen soene elkoar ôfbrekke. Sy easken in foltallich krêftich bistjûr, èn in saeklik lieder.
| |
V. Alternatyf bistjûrsplan
Roel Nijboer seach it nije bistjûr noch net sa skerp - der wie al sa faek oer seurd - en gong de provinsje yn om hjir en dêr ris minsken to peilen oft se miskien ré wiene to helpen TRYATER fan 'e groun to krijen. De 7 man fan Nijboer (as foarstel oan 'e adfiseurs en perfoarst net as direkte eask) wiene: mefr. Wadman, Berber van der Geest, Tamminga (kondinsfabryk), Harm Abma (byldzjend kunstner), Sjoerd Bijleveld, Tasma (De Jouwer, nou It Hearrenfean) en Josse de Haan. Dizze minsken wiene neffens Nijboer net bismet mei âlde feten en kwestjes, en soene mei nije ideeën komme kinne. Mefr. Faber en Hein Keuning founen 4 net geskikt (oer Bijleveld: ‘dy komt ommers ek nearne en hat nearne gjin tiid foar: in showfiguer’; oer Abma: ‘giet neat fan út’; oer Tasma: ‘is in amateur’; oer Josse de Haan; ‘net to brûken’). - Hwat Sj. Bijleveld oanbilanget forwiis ik nei trotwaer '69.4; Josse de Haan: trotwaer '70, 2 en Harm Abma yn syn konflikt ('64) mei de kunstniverheitsskoalle en mefr. Faber-.
De adfiseurs founen Berber van der Geest nei wiidweidige ynformaesje wol geskikt (‘en komt boppedat út 'e Roomske hoeke, en dat
| |
| |
is wol nijsgjirrich’), ek mefr. Wadman en Tamminga (de lêste ek nei skerpe ynformaesje, hwat in 14 dagen duorje moast) koene akseptearre wurde. Fan de kant fan de adfiseurs waerd noch neamd de hear R. Falkena, fédokter op 'e Sweach. Mei it âlde bistjûr (mefr. Zoete, S. Dykstra en J. de Vries) wiene de 7 leden nou kompleet.
Roel Nijboer hjiroer: ‘it gewicht fan 'e kultuerriedminsken (J. de Vries, R. Falkena, H. Keuning en mefr. Faber) weage fansels fiersten to swier; wer wie der gjin struktuer trochbrutsen, hwant se hâldden it yn eigen hannen, hwat op himsels net slim is, as der mar hwat út komt. Mar hjir kaem neat út’.
| |
VI. Oanbod Noorder Compagnie oan Nijboer
Foar't it lêste spile, wie der earst noch hwat oars, mar wol tige yngripends bard: Jaap Maarleveld frege Roel Nijboer in gastrol to spyljen yn ‘De Brug’, eventueel letter forfolge mei in fêste oanstelling. Yn dizze tiid bistie it bistjûr fan Tryater út mefr. Zoete, S. Dykstra en J. de Vries. Nei alle swierrichheden nou dit noch. De iennige réaksje wie (mefr. Zoete): ‘nou, na disse weer een frisse’. It forlies foar it Frysktalige toniel fan in bêste spylder seagen se net yn. Der waerd net op 'e trom slein. Dat barde al doe't Jeltsje Das yn in persoanlik petear mei Van der Mark de saek útiensetten hie. Ommers, it fuortgean fan Nijboer bitsjutte in bihoarlike dûk yn 'e kearnploech, dy't sa wichtich wie foar de opbou fan it birops. It kommentaer fan Van der Mark wie dat hy it bistjûr nea seach (en dus de adfiseurs likemin), en yn wêzen fan neat wist. It bistjûr hie forsomme in slachfeardich bilied to fieren (hwant in krêftich bistjûr + in goeije saeklik lieder wie soks net oerkommen). Nei't de kranten mei greate koppen it oanbod fan de Noorder Compagnie birjochte hiene (mefr Faber foun dy greate stikken yn 'e krante nou net daelk needsaeklik) lei der ynienen samar noch wol in f 15.000, -. Miskien soe Nijboer as saeklik lieder fungearje kinne? Nijboer lykwols foun it spyljen kombinearre mei it saeklik liederskip net gelokkich. In saeklik lieder moat ommers foar 100 persint manager wêze, hy sil syn tiid dêrmei wol nedich ha.
By eintsjebislút is Nijboer dan dochs nei de Noorder Compagnie gien, binammen ek om it feit dat it bistjûr fêsthâlde woe oan de 2 elkoar konkurrearjende ploegen, mei in soad produksjes, dy't neffens Nijboer de krêft fan it nije Tryater brekke soene.
| |
| |
Hy seach it doe net mear. Van der Mark: ‘it hat him noch nea oan ien man lein’.
It wurdt fansels al oars as der net sa'n bult fan sòkke mannen binne, mar dat forjit men dan op sa'n stuit mar efkes. In bêste spylder is fordwoun nei it Hollânsktalige toniel.
| |
VII. De biropsbasis fan Jeltsje Das
Ek Jeltsje Das woe earst, nei it fuortgean fan Nijboer, net mear meidwaen om't se it in greate forswakking foar de kearnploech foun, en yn it twadde plak ek biswieren hie tsjin 2 ploeggen. De biropsbasis soe to lyts bliuwe (finansjeel en artistyk). Uteinlik bleau se meispyljen, ek op groun fan it feit dat der brieven kamen, dat men oergean soe op in fêst moanne-ynkommen.
Foar har wie dit in wichtich punt: hwant sy allinne moast hielendal fan it spyljen bistean (sûnt aug. '69 hie se har pedikurepraktyk oan kant skoud om't de rippetysjes oerdei foelen en de ynkomsten út it Selskip Nijboer wiene fuort omt it net mear bistie troch Tryater). Se fielde lykwols wol oankommen, dat it earst net sa maklik wêze soe, ek al omdat de homogeniteit yn 'e âlde kearnploech forbrutsen wie (Nijboer fuort, en in Ryk Landman dy't mear en mear de side fan it bistjûr socht hie yn de kwestje fan de 2 ploegen). Se bisefte dat it spyljen it bilangrykste wêze soe, hwant dat wie har wurk. Se soe mei dwaen.
It bistjûr hie yntusken 2 nije stikken, ‘Mary-Mary’ en ‘Ingeborg’. Mei de spylders waerd net oerlein hwat stik it wurde soe, hwant Jeltsje Das moast bgl. út 'e krante fornimme dat it ‘Ingeborg’ wurde soe. It earste kommunikaesjekonflikt wie skepen, opsetlik of ûnopsetlik. De fordieling fan de haedrol waerd in twadde konflikt, alteast, it levere stof ta in forsterking fan it konflikt. De audysje, hwêr't de rollen lêzen wurde soene neffens Jeltsje Das, soe om acht ûre bigjinne. Dat wie tsjin har sein. Doe't se om acht ûre yn Sealen Schaaf kaem, bliek dat de oaren al om 7 ûre oanwêzich west hiene. In misforstân, sei it bistjûr. Nei it lêzen fan in pear rigels tekst waerd de haedrol oan Ryk Landman forsein (de oersetter fan it stik, Tasma, hie de rol daelk foar Ryk Landman ornearre). Mar Jeltsje Das hjiroer: ‘hwêrom dat dan net fuortdaliks sein? hwêrom stjûrde Falkena my it stik net fantofoaren? hwêrom like it krekt of wie ik in ûre to let útnoege mei it rollêzen? hwêrom net lyk op de man ôf sein hoe't it lei mei de rolfordieling; dan hie de kemeedzje fan it rollêzen efterwege bliuwe kinnen’.
De rippetysjes bigounen. Ek Jeltsje Das wie akkoard gien mei har
| |
| |
rol. Lykwols, der kamen nije swierrichheden, dy't leine yn it feit dat Ryk Landman bisocht Jeltsje Das op de rippetysjes to korrigearjen. De regisseur stuts hjir gjin stokje foar. Jeltsje Das naem soks net, mei 't gefolch dat der swiere wurden foelen, hin en wer. Ek in skeelpunt wiene de forwiten dy't oan Jeltsje Das rjochte waerden, om't se faek daelk nei de rippetysjes nei hûs ta gong ynsté fan mei de oaren in potsje iten to keapjen. Sy soe hjirmei de sfear yn de ploech bidjerre. Sy hâldde har tofolle ôfsidich. Jeltsje Das: ‘omt ik dit jier net in soad fortsjinne ha by Tryater, en it myn iennichste ynkomsten wiene, koe ik net rûch mei it jild omslaen. Ik hie deagewoan it jild oars wol nedich. It wie myn basis. Ik wie de iennige dy't der fan libje moast. En dat wisten de spylders en it bistjûr ek donderse goed’.
| |
VIII. Untslach Jeltsje Das
Op oantrún fan Jeltsje Das, nei in telefoantsje fan mefr. Wadman oft der ek hwat wie, of alles wol goed gong mei de rippetysjes, kaem der in gearkomste mei it bistjûr, de spylders en de regisseur (Berber van der Geest wie der al wer in tiid út). Op dizze gearkomste wiene de mieningen fordield. Men kaem der net út. De oare deis gongen de rippetysjes gewoan troch. De regisseur sei dat er tige tofreden wie. De moandeis dêrnei (twa dagen letter) skille de foarsitter, Falkena, Jeltsje Das: ‘Jo moatte út 'e ploech. Nei yngeand petear mei de adfiseurs (H. Keuning en mefr. Faber) en Van der Mark (Dep. Kultuer) ha wy bisletten Jo der út to setten’. En nei folle hin en wer gepraet: ‘Ja, en Ryk Landman giet der ek noch út’.
Jeltsje Das stie op strjitte, mei in brief hwêryn't se nei sosiale saken en har dokter forwiisd waerd. Fan 'e iene dei op 'e oare waerd in wurknimmer op strjitte setten. 30 rippetysjeûren à f 5,- koe se noch barre. Fierders neat. Gjin fekânsjejild (dat hie Tryater noch net), gjin oerbrêgingsjild. Sosjale saken en de dokter. In tige a-sosjael, swak, mar fansels wol amateuristysk bilied, ûnder supervisy fan èn Steatenlid Keuning, èn kultueriverster mefr. Faber, èn de Deputearre fan Kultuer, de Rju Eale hear P. van der Mark, dy't úteinlik rjochtstreeks forantwurdlik is foar it bilied fan Tryater. Hy sil alteast de f 65.000,- fordigenje moatte tsjinoer de Steaten fan Fryslân. Ek sil hy it fordwinen fan Roel Nijboer forklearje moatte (is alles dien om him foar it Fryske toaniel
| |
| |
to bihâlden?). Mar boppe alles sil er it ûnsosjale ûntslach fan Jeltsje Das fordigenje moatte.
Hie hjir net it prinsipe fan hoar en wederhoar tapast wurde moatten? En wol tr ch in ûnôfhinklike kommisje? Of kinne wy it ús hjir yn Fryslân permittearje sa mei ús tonielspylders om to slaen? As dit bifoarderjen is foar de hiele kultuerûntjowing, dan is der mear geskikt. Earst Roel Nijboer. Nou Jeltsje Das. Hwa folget?
| |
IX. Amateuristyske hobbyïsten
It bistjûr fan Tryater hat nochal autoritair, om mar net to sizzen koartsachtich hannele troch de maklikste wei to kiezen. Om der twa tagelyk út to setten (ek Ryk Landman) hie har bistjûrsswakte tofolle aksintuearre, en dêrmei hienen se harsels hielendal foar gek setten. Jeltsje Das moast derút, se wie to forfelend, alteast neffens dit a-visionaire bistjûr. Fierders hat ditselde bistjûr gefaerlik hannele troch de brutaliteit to hawwen, bûten har om, mei de hûsdokter fan Jeltsje Das to skiljen, en har efternei to adfisearjen yn in ‘iepen brief’ har dokter mar ris op to sykjen. En dat ûnder de eagen fan de Deputearre fan Kultuer yn Fryslân. Dit binne bistjûrspraktiken, dy't net mear earlik to neamen binne.
It misklunen fan it bistjûr (earst 2, doe 3, doe 7, doe 6 leden) is sa klear as in brún klûntsje. Yn syn burokratyske starheit hat it bislissingen nommen op de wize fan ‘nou sa mar, dan binne wy fan dat gedonder ôf’. De bistjûrspatriarchen skôgje har as de farao's, dy't by harren libben al oan de piramide fan ‘eare en rom’ bouwe, by need oer liken. It bilied wurdt útmakke troch eigenbilang en tradysje.
Manifestaesjes foar ien kear wurde der samar trochdrukt mei in flinke subsydzje, lykas ‘tusken goed en kwea’, dat in negatyf saldo hie fan f 80.000, -. In 4000 minsken binne hjir de man subsydiearre mei f 20, -. Soks neamt men dan it demokratysearjen fan kultuer (Tryater die net mei!). Amateuristyske hobbyïsten kinne sokke produkten fordigenje, foar alle oaren is it om fan to grizen.
It konflikt mei it toanielselskip ‘Tryater’ is net allinne in skeel tusken twa spylsters. It ûntslaen fan Jeltsje Das is in teken, it iepenbrekken fan in swolm. In fordomde kwealike saek is it lykwols dat hjirfan in wurknimster de dupe wurde moast. It sil saek wêze Tryater sa gau mooglik iepen to brekken.
Josse de Haan - sept. '70.
| |
| |
(yn forbân mei finansjele swierrichheden fan trotwaer (gjin subsydzje mear fan J.M.) forskynt dit stik as supplemint op stensil)
|
|