Trotwaer. Jaargang 2
(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 2]
| |||||||||||||||||||
Wij moatte it der oer ha / Geart van der Zwaag.Forjit se mar, de iepenlike en skriftlike reáksjes op Josse de Haan syn artikel ‘de 50 fan de Slach by Warns’.Ga naar eind1) It gefoelige fjild fan to neije relaesjes, ambivalinsjegefoelens oer de (takomst fan de) Fryske kultuer, sabeare wittenskiplike objektiviteit (lekker feilich), steane dat gewoan net ta. In pear persoanlik rjochte brieven, hwat frijbliuwend gepraet nei binnen, dat is alles. De Haan syn gelyk kin der maklik út opmakke wurde, to maklik. Dêr forhelpt de foarsitter fan de Fryske Kultuerried ek neat oan mei syn réaksje yn TrotwaerGa naar eind2), hy ûnderstreket it earder. Hiddema komt net fierder dan in forwizing nei de nije nota ‘kultureel perspektyf’ of hoe dy mar komt to hiten, en wol dat dan ek noch foar in bijdrage ta in dialooch hâlde. Foarsitters hâlde gauris de pipen yn 'e sek. Kin men dêr bigryp foar ha, yn dit gefal hie it sa adekwaet wol west De Haan syn útdaging mei hannen en fuotten oan to gripen om dúdlik to meitsjen hwat de Kultuerried wol en net wol, of, foarsichtiger: wolle soe of net wolle soe, of om byg. to forklearjen dat de Kultuerried neat to wollen hat. It bistjûr fan de Ried, dat it dúdlik is dat it allegear hwat ludiker moatGa naar eind3), soe it him grif net kweaôf nommen ha as er de diskusje mei hwat dúdliker útspraken hwat fierder op gong holpen hie. Der wurdt ommers tocht(!) oan breed oerliz mei de oanbilangjende organisaesjes en bilanghawwenden. Nou dan, dan is it dochs wichtich, ek mei it each op it nije biliedsstik, de nota, dat oer it kultuerbilied foarút in bredere ynformaesje pleats fynt, dat der in petear oer op gong komt.
It kultuerbilied sil yn de kommende jierren oandacht bisteegje moatte oan it forbetterjen fan de partisipaesje en de kommunikaesje. As dat sa is (en it is sa), dan leit it dochs foar de hân dat fuort al yn dizze geast wurke wurdt. Dochs bart it net, haw ik soarch. It is to simpel it bilied hjiryn allinne fan ûnwil to bitichtsjen. Unmacht hâld ik it earder op, ûnmacht dy't sawol forbân hâldt mei fêstrustke sosiale systemen as mei in relatyf tokoart oan deskundichheit by it bilied om de nedige foroaringen mèi de op gong kommen mechanismen, aksjes ensafh., linich to hantearjen en operaesjoneel to meitsjen. | |||||||||||||||||||
[pagina 3]
| |||||||||||||||||||
Unwil bistiet der ek fansels, by lju dy't it gewoan foar it sizzen hâlde wolle. Hwêrfoar sitte jo oars yn in bistjûr. In kwestje fan mentaliteit, fan psichyske struktuer soms ek. It ûntbrekt sokken foar sa'n hâlding dêrom net oan arguminten, hwant de lju dy't meiprate wolle witte faken ek net krekt hoe't it dan àl moat! Se wolle wol, mar kinne net of net fuortdaliks. Mooglik objektyf sjoen net, mar grif yn 'e eagen fan it sittend bilied net. De autokratyske hâlding by de bistjûrders liedt maklik ta oerkompïnsaesje by de bistoarmers en dat wer ta in fannijs forsterkjen fan it gefoel bidrige to wurden by it bilied. In aerdich komplekske, dat wol mooglikheden yn hat! Oars as Josse de Haan hâld ik it leaver op 'e wei fan de leave revolúsje, in hastich evoluearjen nei fundamintele foroaringen yn de biliedsstruktuer fan de Fryske Kultuerried. In streamforsnelling oer in bisteand bêd. Dat soe, om hwat aspekten to neamen en dy polariseärre, nei myn bitinken wêze moatte fan:
Hjir falt uteraerd mear oer to sizzen, mar earst in pear algemiene opmerkings. Troch de bigripen hjirboppe sa foar mekoar oer to setten liket it derop dat ik it iene abslút forsmyt en it oare lyksa in positive wearde takenne wol. Dat is net hwat ik mien. Ik wol allinne mar biweare, dat yn de Fryske kulturele sitewaesje fan optheden, dy't net los to tinken is fan hwat him dêrom hinne en dêrtroch hinne maetskiplik biweecht, it proses fan foroaring yn dizze rjochting gean moatte soe. Dat ‘kultuersoarch’ op tiid en plak in positive wearde hat, ûntken ik net. Ik ûntken likemin | |||||||||||||||||||
[pagina 4]
| |||||||||||||||||||
dat wy foar inkelde aspekten al net in ein op streek binne.
Der wurdt oer klage dat net bikend is hwat de Fryske Kultuerried krekt út 'e wei set. De jierforslaggen jowe tomin ynformaesje. Ek heart men de klacht dat it bilied, foarsafier dêr al sicht op is, net motivearre wurdt. Foar ien biliedsaspekt soene dísse fragen steld wurde kinne:
Bilied sûnder motiven bistiet net. Mei motiven sit it sa: hawwe jo se net, jo hawwe se dochs. De motiven efter it kultuerbilied yn Fryslân binne ûndúdlik. Jo komme der net efter. Mooglik spilet dit yntern al, ûnder de leden fan it bistjûr fan de Kultuerried, mei har eftergrounen fan libbensskôging, noarmen en oare hâldfêsten. As dat sa is, hoecht it gjin nij to dwaen dat ek nei bûten ta de saken gjin klearrichheit krije, net trochsichtich wurde. Myn yndruk is, dat it bilied fan de Kultuerried, om hokker reden dan ek, foaral birêst op persoanlik ynsicht en eigen motivaesje fan de útfierders. Dat soe noch sa slim net wêze, as der mar oer to praten foel.
Mei it op it earste gesicht frjemd lykje tagelyk to pleitsjen foar it sprekken it bikendmeitsjen, èn foar it harkjen, it binne de beide poalen fan de needsaeklike kommunikaesje. De bisteande ûnrêst oer it funksionearjen fan de F.K. is in dúdlik synjael fan it forskil tusken it biliedspatroan en it forwachtingspatroan by de kultuerpartisipanten, binammen ûnder de ‘produsinten’. Foar in trochgeand bydetiids kultuerbilied is it nedich to witten hwat der libbet ûnder de bifolking: hwêr lizze de forletten, hwat manifeastearret him en hwat kin manifest wurde c.q. makke wurde. Dêrom wol ik hjir pleitsje foar in aktyf en fakmjittich harkjen, in methoadysk forantwurde freegjen, hwerby wier net fuort tocht wurde hoecht oan in breed opset en kostber sosiologysk en/of sosiael-psychologysk ûndersyk. En der is noch in oar harkjen, it harkjen dat him allegeduerich spontaen en sûnder foaroardiel iepenstelt foar nije | |||||||||||||||||||
[pagina 5]
| |||||||||||||||||||
idéën.
Fant simmer is der in soarte fan kommunikaesje op gong kommen tusken de Fryske Kultuerried en de Werkgroep Kultuur Friesland. Dat is hwát. Guon foaroanmannen út 'e wurkgroep roppe al jûchhei, ryklik bitiid en justjes to nayf. De Kultuerried nimt my fierstofolle in ôfwachtsjende hâlding oan om nou al gerêst to wêzen op wezentlike foroaringen. It bilied mei hwat forlegen wêze mei de stoarm dy't opsetten komt, guon bistjûrsleden lykje de buije gewoan ôfskûlje to wollen, mekoar treastgjend: tiden hawwe tiden, it bettert wol wer oer. Se sille noch fan de bok drome! Mar foar my is der in oare en folle wichtiger reden om noch net sa hurd to leauwen yn de needsaeklike foroaringen. It bilied fan de Kultuerried, in tûzenpoatich wêzen, is nammers nei ûnderen organisatoarysk en ynhâldlik forankere yn withoefolle gemeentlike rieden en oare ynstânsjes dit en dat. En nei boppe is it bilied ôfhinklik fan hwat de oerheden reine litte wolle en... dêrby bitingje. Hwa 't dit èn de forlangens fan de Werkgroep Kultuur Friesland achtslacht, kin it ûnmooglik sjen op koarte termyn. Foroaringen yn de makro-struktuer, yn de tinkpatroanen fan follen, sille pas de romte jaen foar in iepen en trochsichtich bilied. Dat is net in saek fan hjoed op moarn. En dan noch hwat, yn de konsepsje fan de Werkgroep sille de wurkgroepen foar de forskillende seksjes fierhinne sels it bilied útmeitsje. In goede gedachte, sa goed, dat it skande wêze soe as soks mislearre troch ûnfolsleine bislútfoarmingsprosedueres. Hwêr is de sosiael-kulturele wurker of sa'n soarte figuer dy't hjiryn bigeliedt, nei binnen en nei bûten ‘fortaelt’, in man of in frou mei gefoel foar relaesjes, mei kennis fan de tipysk Fryske forhâldingen, mei in dúdlike eigen ynbring en forantwurdlikheit, in kommunikator, in hielen. En hwêr binne de sinten der foar? Komt sa'n ien net, dan sjoch ik it in gat yn 'e kop. It helpt net as wy foar ien dominante tante tsien autoritaire omkes weromkrije. Foar my is biskiedend hwat it bistjûr fan de Kultuerried yn syn gehiel wierliken wol, hwat de direksje kin, hwat jierrenlang bisteande relaesjes tasteane en hwat juffer Klompé en har opfolgers ôfsteane. Hwant it is mar sa, op it jild rint in soad stomp. | |||||||||||||||||||
[pagina 6]
| |||||||||||||||||||
Yn wêzen giet it om de tinkpatroanen efter it bilied, efter de polityk. It bilied is ta oan in nije fizy op it forskynsel dat kultuer neamd wurdt.
It is net mear hâldber kultuer to sjen as in fan oare maetskiplike forskynsels isolearre beuzichheit, dy't útslutend op nivo wurdearre wurde moat, kompinsaesje foar it libben troch den dei, slútpost op de bigreatingen. In forâldere stânpunt? Wie 't mar sa. Trinus Riemersma jowt dêr noch in dúdlik biwiis fan: goede romans produsearje en oars de bek hâlde.Ga naar eind4). Hwêrom soene jo pas oer de saken fan it Frysk Literair Museum meiprate meije as jo sels literair hwat presteard hawwe. Sokke saken binne yn prinsipe foar elk bisprekber. Net elk hat dêr doel oer, dat is sa, mar it skriuwersskip is wrachtich net de iennichste ynbring. Riemersma jowt der blyk fan de saken net yn relaesjoneel forbân to sjen. De roman is ien aspekt fan in potinsjeel breed fjild fan mooglikheden. In wichtich forskynsel, sa bilangryk dat wy der oer neitinke moatte hoe't sa'n utering optimael oerkomt. Krekt nei dy kant lizze de problemen, foar de roman en foar party oare uteringen. Wy sille de psychologyske drompels fan de sosiologysk sletten groepen en groepearringen, dy't gauris in eigen tael sprekke, soms forâldere noarmen hantearje, sljochtsje moatte. De saek iepen goaije is dan wol it earste. Iepen hûs dus, mar dan hielendal.
Laurens ten Cate praet yn syn ‘dagelijks’ fan 11-6-'70Ga naar eind5) as er it hat oer de Kultuerried, ek de westerske bourgeosiekultuor út en yn, pleitet wol foar ûndersyk en ûnderwiis, mar komt not oan de bisteande uteringsfoarmen, har antoeraezje en presintaesje. Mei dêr net oer praet wurde? Dat liket wol sa, hwant Ten Cate skriuwt: ‘De raad, tot voor kort een vreedzaam gezelschap, dat niet of nauwelijks werd aangevochten, staat nu ineens onder de felle kritiek van allerlei personen, die van het democratiseren de nieuwste vrijetijdsbesteding hebben gemaakt. Het komt op een vervelend ogenblik, want de raad moet beginnen aan een nieuwe nota over de Friese cultuur’. Just, en dêr hawwe ‘allerlei personen’ neat mei to meitsjen? De problematyk fan de kultuerpartisipaesje sil yn in breed struktureel forbân pleatst wurde moatte om ta oplossend tinken to kommen. De kultuerfoarmen, presintaesje, foarming, fi- | |||||||||||||||||||
[pagina 7]
| |||||||||||||||||||
nânsjes, de adekwatens en de tarikberens derfan, sille yn de kontekst fan de maetskiplike ûntwikkeling de oandacht hawwe moatte. It soe dan wolris blike kinne, dat de sitewaesje fan kultureel Fryslân foar it bilied mear in probleem is dan foar de bifolking, dat de problemen ek mear skûlje by it bilied dan by de potinsjele partisipanten.
It fryske kultuerbilied lit him kenne troch in sterke fisy op it forline. Dochs soe der, om it foar elkenien hwat leefber to hâlden, ek yn 't foarút tocht wurde moatte. De wurdearring fan de ‘haute culture’, hwêrby yn Fryslân hwat west hat in tipysk aksint kriget, stiet de frije kreátiviteit gauris yn 'e wei, allinne jildlik al, troch it oanjaen fan de prioriteiten yn it subsydzjebilied, ienmansbilied, bilied dat op motiven birêst, motiven dy't net bisprekber binne, ensafh. Mar ek it boartlike en it momintane fortsjinnet wurdearring en honorearring. De ûnderskieding kultuer/sub-kultuer, dy't kunstkritisy graech tapasse, is in theoretyskenien, in perspektivyske helpkonstruksje. De wurklikheit is oars, dêryn is alles yn alles, yn potinsje. Litte de kritisy de streepkes mar sette, salang as hja dêr noch nocht oan en reden foar ha. It kultuerbilied lykwols bislacht in breder terrein. |