Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 72] [p. 72] Anne Jousma / Kunst anno 1970 It skreaut jin yn 'e mjitte by 't geknetter, it noarmleas skokken fan diskant en bas, yn 't bernlik virtuoas trompetgesketter: dit skaei lit eltse foarm fan skientme los. It griist jin yn 'e mjitte fan de muorren yn munsterlik gegriem mei kleur en foarm en fan de platte tsjerken sûnder tuorren: dit slachte is blyn en dôf foar elke noarm. It stjonkt jin yn 'e mjitte út 'e boeken fol nearzigens en aeklik seksgegriem, út wurden, dy't men sels net doar to brûken: gjin libbensblidens is dit folk mear hiem. En dat sil dan in bett're wrâld ús bouwe fol frede en groune op gerjuchtichheit en 't minskedier bifrije út syn kouwe... Men skriemt en laket, wylst jins mûle 't seit. uitgez. 14-11-'70 Vorige Volgende