heech geastlik fielen fan guon elite. Kultuer is gjin kwestje fan smaek, sels net fan stân mar de needsaeklike en wurksume entoeraezje fan it kreatyve wêzen dat minske hjit.
Dit klinkt allegear maklikernôch, en bliuwt it by greate wurden en sitearjen fan moadistyske kreten út it noflik yn it gehoar lizzende ‘W.K.F.-kabouter-Axies-Kreamune-Makrobiotyk’-jargon, sûnder fjirdere analyse en motyfearring, dan sil hiel Fryslân oan 'e skouders lûke, - dit mei dan ornaris sa wêze: in karaktertrekje dy't lykwols dan toplak wêze sil - en sil it foar nimmen mear nijsgjirrig wêze en sjoch of't der faeks hwat by útkomt, lit stean hy docht mei.
Is kreativiteit yndie wêzentlik foar de minske, dan mei de wrâld en de minskemienskip jin op it stuit wol tige ûnwêzentlik foarkomme, hweryn nammers it greatste part fan de skeppende krêften tangele sit mei ûnderhâld en forsoarging fan de materiéle needsaek. Kreativiteit is allinne dan mûlk as jins ûmwrâld yn syn gehiel tsjinstber is oan it Idé; hwannear't alles materiael wêze kin en sil foar de wurkseme uterings-needsaek fan de minske. Foar dizze idéaeltastân oer stiet de realiteit fan hjoed: de minske is tsjinstber oan syn ûmwâld, de doelstellings fan syn wurksemheit binne ôflaet fan in needsaek bûten him; yn pleats fan yn himsels it wurkseme Idé to finen is er materiael wurden foar it mechanysk-industrieel ‘Plan’ fan ‘Foarútgong’.
Mei dizze realiteit hawwe wy it to krijen, en wy kinne de wrâld net hielendal de fleksibiliteit ta foroaring ûntstride. Jit krijt it hanneljen, it engaezjeard-wêzen, pas syn sin en wearde yn it perspektyf fan it idéael, dat, en dat moat moai wis wêze as dit alteast net in wrâldfrjemde dreamerij wêze sil, krekt út dizze realiteit to ûntwikkeljen is. De ûntjowing nei it kommende tiidrek fan de ‘homo ludens’ en de ‘homo creator’ kin toneist net oerlitten wurde oan in Liberale ‘frije untwikkeling fan de maetskiplike krêften’ - de Unsichtbre Hân dy't ús mear frije tiid taskouwt, leart ús net dizze ek to brûken - sels net as dizze ‘frije ûntwikkeling’ (yn Marx syn eagen) needsaeklik ta revolúsje fiere soe. De toneisteande oergong fan it ‘Ryk fan de Needsaek’ nei it kommende ‘Ryk fan de Frijheit’ (Fr. Engels) kin nea, biwust likemin as ûnbiwust, in taek of útkomst wêze fan hokker ekonomyske of polityke ûntwikkeling dan ek mar easket it weromlûken fan de minslike energie út de slavernij oan it Systeam, it radikael ynhawwen fan de geast as superieur prinsyp ta hanneljen - de biwuste ynventarisaesje fan de minslike fasiliteiten, yn dit systeam ûnkinber fan him forfrjemde - om hjirmei ta útfiering to kommen fan de radikale foruterliking yn it bouwen fan in wrâld hweryn syn djipste sels him kinber wurdt. Hja easket it foarbyld en it wurk fan de kunstner fan de kratyf ynstelde minske, en de niisneamde oergong markeart in kulturéle revolúsje.
Hwannear't de skriuwer troch de ieuwen hinne syn engaezjemint der oan hie en biwiis dat syn lânslju Friezen wiene mei de wenst dat to bliuwen, hokker kar hat dan de skriuwer út '70 hwannear it sinneklear is dat syn lânslju as minsken mar systeem-slaven binne mei de historyske opjefte dat nèt to bliuwen?
Hwannear't de fryske taelstriid yn de lêste hûndert jier, alteast ta risseltaet hawn hat dat ús tael him ta in literair molotov-koktail ûntwikkele hat, mei in litteraire tradysje foar it greatste part ûntsprute oan de ynspriaesje fan de ‘underdog’, hoe soe de skriuwer fan '70, mei in bytsje konsjinsje, krekt troch dizze tradysje frijsprutsen fiele?
Myn doel wie ûtkomme to litten dat de fryske skriuwer fan tsjintwurdich yn syn bining oan it hjoed én it forline, - de realiteit én de tradysje - alles mei hie oan dizze histoaryske opjefte mei to wurken.
In seksje Letteren yn de W.K.F. hat doel allinne as de greatst mooglike forieniging fan eltsenien dy't opbouend en ôfbrekkend, skriuwend en skôgjend, útjaend, útstjûrend, útfrettend dwaende is mei it Frysk nei de letter, it wurd, it forheal, it tiidskrift, roman en toanielstik, oanfolle faeks mei guon lânslju dy't dit yn ús oare memmetael fikse. In forieniging fan tsjindielen, hawar, mar lit ús net skrutel weze en slút ûnhegeliaens de paradoks bûtendoar.
Yn syn krûdich kommentaer (‘In strang hear’ - L.C.15-10-'70) profeteart N., - neist it oantippen fan sokke bihertenswurdige saeken as it iene litteraire tiidskrift, it ‘magazine’ en wrichtich in biwegingsburo mei aksje-sintrum,- in oplôgjen fan de taelstriid. - Striid giet in skriuwer fan '70 net út 'e wei, mar hwer't de ‘êlde’ taelstriid fan 'e weromstuit dy faeije Trou en Solidariteit brocht ûnder de Bodders - emoasjes ûntsprute oan it biwustwêzen fan deselde tael to sprekken, itselde lân to biwenjen, itselde folts út to