II. Subsydzje ‘Trotwaer’
Hoewol't de fordieling dy't yndertiid troch de hear J. Noordmans opsteld is ús wol noasket (a. in literair tydskrift; b. in ‘magazine’ en c. alle biwegingspublikaesjes by elkoar), wolle wy dit faset net fierder analysearje. It giet ús binammen om it literaire tydskrift yn Fryslân.
Wy binne fan bitinken dat ‘Trotwaer’, ôfsjoen fan alle oare, as paddestuollen út 'e groun fleanende nije tydskriften (L.C. fan 11 oktober 1970), sjoen wurde moat as it offisiële, ek troch it ryk subsidiearre, Frysk literaire tydskrift, dat dochs de fuortsetting fan ‘De Tsjerne’ (‘Asyl’ en ‘Quatrebras’) is en as sadanich al sûnt 1945 bistiet. Binammen dizze twa punten: rykssubsydzje en 25 jier bistean. jowe neffens ús ‘Trotwaer’ it rjocht, ek troch de provinsje Fryslân subsidiearre to wurden.
Fierders hat it blêd 400/500 fêste abonnees en in fêst minimum tal siden fan likernôch 450 jiers.
Ek forwize wy nei de opjeften fan printer en útjower oer de saeklike en konkreetfinansiële aspekten. It liket ús gaedlik dat de útjower de iene helte fan it subsydzje fan to foaren, en de oare helfte efternei kriget.