Meidieling fan de redaksje
De redaksje is fan doel om it febrewarisnûmer to wijen oan it Fryske toaniel. Yn dit nûmer sille û.m. opnommen wurde de toanielstikken ‘Fûgels’ fan Oene Spoelstra en ‘Dalek’ fan Leo Popma.
De Stifting ‘Operaesje Fers’ hat in hoartsje lyn fan 'e provinsje Fryslân de tasizzing krige foar in subsydzje fan f. 1500, - oer it jier 1970. Dit wie foar in stifting, dy't it foar it greatste part ha moat fan subsydzjes, in wolkom birjocht.
De redaksje fan O.F. hat in wiziging ûndergien:
Meta van IJzer (Den Haech) en Willem Abma (Ljouwert) hawwe bitanke. Klaes de Wit (Grouw) is ré foun sit to nimmen yn 'e redaksje, dy't nou bistiet út Meindert Bylsma, Pier van Dijk, Wybren Veeman en Klaes de Wit; foar de bernepoesije Gerben Beeksma, Meine Boonstra, Rob Haije; technikus Klaes Tuinenga; administraesje Betsy de Vos.