Hy bisocht foar syn liif lâns de hân yn 'e oare bûse to stekken, mar dat slagge him net. - Myn bûsdoek, krij myn bûsdoek even.
Oeds stoarre mei greate eangsteagen nei de bluodderige pinke.
- Toe jong, sjit dan op!
Oeds kaem net fan syn plak, hy hold him fêst oan it bekling fan in stoel. Foar him sakke in read flues en it wie oft sakke er sels mei.
Hidde flokte jitris. Hy gyng nei de kraen yn 'e hoeke ta en liet in fikse strael oer syn hân spuitsje. Doe stiek er in tippe fan in goare handdoek tusken de tosken en omwuolle syn hân. Mei in brede gniis kaem er op Oeds ta.
- As in baerch, as in baerch, sei er, wyls er tofreden nei it wynsel knikte dat al trochblette. Oeds seach net mear nei Hidde syn hân. Hy forroere him net, mar syn eagen sochten tusken de spoannen.
- Hwat sikest?, lake Hidde. - Myn wart? Hjir!
Hy bûgde him om de fleisknikkert op to krijen. Oeds liet de stoel los, stoude by him lâns nei bûten ta. Earst op it Lyts Skavernek bleau er stean. In boat waerd losse. Op 'e kade stienen splinterige kisten, dûkerige fetten en griene flessen yn izeren kuorren. It rûkte nei sjippe en ammoniak. Oeds sette him op in hege stoepe del. Hy seach nei de miuwen dy't op har eigen spegelbyld dûkten. Oan de oare kant fan it wetter ried in man foarby mei twa glêsplaten op it rak fan syn bakfyts.
Der striek in kat by Oeds skonken lâns. Se sprong op 'e stoepe en bleau in meter fan him ôf sitten. De kop draeide skean, bigoun to knikken, hold eefkes op, draeide de oare kant út en knikte troch. It bist haffele grif op in sinich stik fleis om, mar Oeds seach neat, dat it koe net great wêze. Einlings waerd it mei in forheftige biweging fan kop en hals trochslokt. De kat bleau knypeagjend sitten. Doe bigoun har liif to skokken, se kaem oerein, de tonge stiek út de bek, oer it liif weagen ronfels, se kokhalze en koarre it stik fleis út. It wie mar hiel lyts, bluodderich, mei wyt skom en giel slym der om hinne. De kat stiek foarsichtich in poat út en bigoun it stikje fleis om to rôljen. Op it lêst hie se it sa fier, dat it bûten it slymplak kaem. Se rûkte der noch even oan, liet it lizze en sette eigenwiis ôf.
Oeds stoarre nei it stikje fleis. It bloed wie der ôf, in swartbrún baltsje mei djippe barsten. Hy kaem oerein en sette syn skoech der op. Hy treau syn foet foarút, hy fielde it rôljen fan de knikkert ûnder de soal. Hy makke mei de foet draeijende biwegings, skoude him hinne en wer, mar it baltsje woe net plat, ik bleau oan syn skoech plakken. Doe krige er in prikje út de goate hinkele nei de rânne fan de kade ta en wipte it stikje fleis yn it wetter.
Hy hingele noch in set by de boat om en gyng doe nei de útstalkast fan De Harmony ta. Hy biseach de kleurefoto's. ‘De dief van Bagdad’. Hwat soe er graech nei dy film wolle. Mar hy wie noch lang gjin fjirtjin jier, hy hoegde thús net iens to freegjen, hy kaem der dochs net yn. Fammen mei walen foar en lange tinne pofbroeken oan dounsen oer in flier fan kleurde tegels. De kening siet ûnder in ôfdak fan kleden, neist him stiene twa grouwe keardels mei bleate hierrige boarsten, brede halzen en keale glimmende koppen. De