in boartlike menear in boadskip bringe, in oertsjûging forkundigje. Hokker boadskip? Dat wy ús dea frette? Dat wy yn in moarddiedige wrâld libje? Dat wy inkeld oan ús sels tinke? Dat wy de blynkapen foar hawwe? Wy wisten it al. En as wy it noch net wisten, of it jitris hearre woene, dan sille wy grif net oertsjûge wurde troch teksten lyk as dizze fan De Vos:
Yn Delden hat De Vos op in dichtersjoun ris in lange tekst grôtfol selsbiskuldigingen foarlêzen. It gyng ûnder mear oer Biafra en Vietnam. Hy sei dêryn earne: ‘en wat doe ik? ik koop mooie pakken’. Nei ôfrin sei in kunde oan my: ‘Het overtuigde mij niet. Ik dacht maar steeds, man, je hebt helemaal geen mooi pak aan’. Nou bin ik net sa nochteren as dy kunde, mar de teksten fan De Vos oertsjûgje my ek net. Gewoan omdat er syn boadskip net op in persoanlike menear ûnder wurden bringe kin, hy kreammet de iene algemienheit nei de oare út. En hwer 't De Vos alris boartsje wol, dêr is syn tekst sa skier as in reinloft:
‘myn famke: alles komt/moai út oan dy/dou soest/likegoed/alles/út/dwaen/kinne/better noch: /doch/alles/út.’
Dizze/tekst/is/út it/twadde/boekje ‘ynfiltraesje, lyk/as/de spreuk/dy't/nou/folget. As ik dy boppe myn bêd hingjen seach, soe ik fuortendaliks forfarre. ‘Ik ben/geboren/om te leven/niet om/gauw/weer/dood te gaan’.
De teksten fan De Vos oertsjûgje my inkeld hjirfan: hy kin noch net boartsje of in boadskip bringe.
Bylsma hat wol in eigen toan en kin ek wol boartlik wêze. Mar it liket oft er by in soad fan syn teksten tocht hat: och, dizze kin der ek noch wol by, of: hoe skriuw ik ús boekje fol? In wurkstik as dit, út ‘boartlik boartskipje’, fyn ik foar him fier ûnder de mjitte:
It ûngemak fan Rink van der Velde is: yn syn romans is er journalist, en yn syn krante-rubryk skriuwt er fiktyf proaza.