As ienmoannich tatebern is de iennige forhâlding dy mei men en dat is leafde; noch is it libben net op him sels mar hielendal út mem en foar har. Dus bistiet de forhâlding tusken dizze ‘twa’ persoanen en is sa libbenswichtich en fanselssprekkend dat hja allinnich mar leafde wêze kin.
Fan dit ‘oantinken’ - foarsafier't hjir in biwust oantinken oanwêzich is - giet de dichter werom nei himsels en sjocht de leafde as in bismodzge karbonkel yn syn forkrampte hân lizzen: as oarsprong fan syn wêzen is hja der noch wol - in fonkelstien hat in lang bistean - mar hja is sa smoarrich wurden en hwat mear is, hy kin der gjin kant mear mei út. De hân dy't de stien fêsthâldt - faeks biwurkje moat - kin de fingers net mear byinoar krije: soe de fonkelstien der aenst samar útfalle? Kin de selsforfrjemding sa fier hinne wêze dat dy ek noch fuortsmiten wurdt, wurde kin?
De eangst safolle forlieze to kinnen forlammet: om it noch gau wer to forliezen.
De dichter giet fan dit ‘oantinken’ út, ek noch fierder werom:
forsyk
lit my genietsje fan it skûlliif
dêrstou myn oanrin yn bigroeven hieste
dat ik dy der fan fortink
myn libben wold to hawwen
Ek yn dit gedicht wer it langstme nei de oarsprong ta. It bigjin nochris oerdwaen to meijen, mar nou ‘biwust’ hwant... ‘lit my genietsje’. Soe it genietsjen fan it warme skûlliif it liiflik geniet wêze, dan is it bitinken fan mem, har ‘myn libben wold to hawwen’ de ôfslúting fan de wrakseling om it bisteansrjocht.
- Sa soe it fundamint fan it ‘dizze-minske-to-wêzen’ de leafdes-wil fan de mem wêze -
Mar dêr is noch In Oaren Ien dy't wichtich foar it opwaeksende bern wurdt (dan pas): De Heit.
Yn Abma's fersen wurdt it wurdtsje HEIT wikseljend mei in lytse en in greate H skreaun; der wurden dan ek omraek forbannen lein - troch de projeksjelear fan Freud - tusken de ierdske en de perfekte, de himelske heit. Eltsenien dy't Freud syn ‘Unbehagen in der Kultur’ lêzen hat, wit nou sa ûngefear hwer't it mei Abma's religyeuze tinzen op ta giet.
De bundel ‘de âlde en de leave hear...’ wurdt bisletten mei in kreaze annotaesje hwer't wy leare kinne:
projeksje
- fan Sigmund Freud (1856-1939) as psychologyske term yntrodusearre; yn syn analyse fan de psyché (geast) seach er it as in ôfwar-