| |
| |
| |
[Nummer 7/8]
A. Feitsma / Oanrin ta in Fryske literatuersosjology?
By it oerrikken fan de bibliografy ‘Wrotterslean’ oan prof. dr. P. Gerbenzon ta eare fan syn 50ste jierdei op 20 juny 1970.
It kin wêze, Gerbenzon, dat Jo yn de 50 jier dy't Jo nou hast folmakke ha, Jo ûntjown ha ta in goed rjochtshistoarikus dy't mei rjocht en reden syn ‘cum laude’-s en syn professorstitel draecht. Dy earbiwizen lykwols komme fan universitaire gesachsdragers hwaens autoriteit hjoeddedei net sûnder mear akseptearre wurdt. Mei't iksels noch op demokratyske, noch op autoritaire, noch sels mar op wittenskiplike wize yn steat bin om fortsjinsten op dat gebiet nei wearde to skatten, soe ik my op dit stuit mei rjocht en reden stilhâlde kinne, en my, seker yn dit formidden fan wol kundigen op Jou fakgebiet, winliken ek stilhâlde moatte.
Lykwols, de mannen fan de Pijnacker-klub dy't Jo hjir op dizze bisûndere joun útnoege hawwe, mienden dat dizze joun opfleure wurde moast mei in elemint fan feestlike fordivedaesje, en dêrom ha se in filolooch frege. As filolooch ûnder de juristen hat men it foardiel dat men frijmoedich prate kin oer jins eigen fak (men wurdt dochs wol foar in autoriteit oansjoen), en dat men sels sûnder risiko dat makket dy aspekten fan jins fak oansnije kin dêr't men jinsels eins noch net earlik yn fortrout, en dy't jin dus navenant it measte oansprekke.
Sa hie ik my yntocht, dat ik hjir joun in soarte fan praetsje ûnder it kofjedrinken hâlde soe: in mingsel fan krekt by oaren lêzen idéen en dêrop boude, eigenoanrette ûnderstellingen dy't hjir en dêr de dryste kant faeks hwat neist binne. Hwant sa, as it my noch goed heucht, waerd yn earder dagen de tiid fan it kofjedrinken op it Frysk Ynstitút yn Grins wol folpraet. Gerbenzon syn yntellektúele bydrage oan dat kofjedrinken wie net syn lytste
| |
| |
fortsjinste foar it Frysk Ynstitút, en foar my moai meinommen is, dat ik sels in ein hinne de pretinsje ha, dat ik dy bydrage op syn wearde bioardielje kin. Ik wol yn dit forbân noch in bydrage fan Gerbenzon oan it Frysk Ynstitút neame dy't sûnder myn filologyske analyse lichtwol foar altyd forgetten bliuwe soe. Dat is Gerbenzon syn wurk foar de bibleteek, bistellend, oarderjend en katalogisearjend. Hiel hwat boektitels binne troch Gerbenzon syn hannen en ûnder syn eagen lâns gien om dêrnei har rjochtlik plak to finen yn bibleteek en katalogus fan it Frysk Ynstitút.
Ik ha grútsjen heard dat in forneamd lid fan de juridyske fakulteit dy boektitels yndertiid eins lang allegearre net passend achte foar in Universiteitsbibleteek. Hwant hwat moat op 't lêst in rjochtshistoarikus oan mei ‘Haitskemoai's klachten oer de nye moden’, hwat moat men as nommel en goed bidoelend heechlearaer mei ‘Lubbert Erchtink’, ‘Oebele Glûper’ en ‘De skearwinkel fen Toan Sjipsop’, en hwatfoar wûndere stealen sille der net bybrocht wurde yn ‘De hele boel bitsjoend’ en ‘In hele tizeboel. Blijspil yn 4 bedrjuwen’? De titels ‘Sabeare dokter. Klucht yn ien útkomste’ en ‘Sabeare dronken, of: oan 't forkearde adres. Blyspil mei sang yn ien bidriuw’ binne al likemin gaedlik om genede to finen yn de eagen fan wittenskipslju dy't har faeks net iens delbêdzje litte fan de goede morael yn ‘Hwerom Rinkje nei de thé gjin slokje ha woe’, en yn gjin gefal fan in titel as ‘De bidragene perfester, of: de bikearde prûkmakker’. It mei hinnebruije dat it gewoane folk him fortelle lit ‘Hoe master in wîf krîge’, ‘Ho't de nije domeny en mâlle Tys elkoaren bikearden’, ‘Ho't de timmerfeinten fen baes Wybe forheeging fen lean krigen’ en ‘Ho Wytske hjar herte, en hjar heit in slompe jild kwyt rekke’, mar is in universiteit net ûntgroeid oan foarljochting oer ‘De fortribele frijersreis’? En hwat soe der eins, út ús heech-universitair peil fan ûntwikkeling wei bisjoen, foar grappichs wêze oan ‘In domenijs hûsbisiik en oare grappige foardrachten op rym’?
Hwerom túcht it Frysk Ynstitút dan dochs sokke boeken oan, hwerom binne se sekuer katalogisearre yn Grins (en noch sekuerder yn Ljouwert)? Hwerom wurdt dêr oan in universiteit tiid en muoite oan bistege? Hat dat doel?
Ek as wy alle frysk-ideologyske haed- en bybidoelingen derbûten litte (hwat op himsels alhiel net sa reedlik is as it foar guon minsken skynt to wêzen), as wy dat allegearre derbûten litte, dan noch is der ien folslein ôfdwaende argumint: dizze folkslektuer - hwat men fan in soad dêrfan estetysk ek tinke mei - hat in almeugend greate en brede ynfloed hawn op it fryske publyk fan de 19de ieu. Dy folkslektuer is lêzen, biharke en oerskreaun, en dy folkslektuer is dêrmei in sosjael forskynsel fan de earste oarder wurden, dat gearhinget mei oare sosjale forskynsels, ûnder mear dat fan de fryske biweging. De 19de ieuske fryske folkslektuer fortsjinnet it dêrom op it stik oan ûndersocht en bistudearre to wurden. Ien fan de metoaden dêrta is de literatuersosjology. Foardat wy dy wittenskip bisjen sille, wolle wy earst it eachweid ris gean litte oer de fryske tael- en literatuerstúdzje fan nou.
De bistudearring fan de fryske tael hat fan âlds syn swiertepunt foun yn de
| |
| |
âldfryske taelkunde. Dat swiertepunt hinget gear mei in positiver wurdearring fan in tael alneigeraden dy âlder is. Dy wurdearring fynt syn hichtepunt yn de romantyske ideology dy't boppedat de folkstael as âld, oarspronklik, suver en goed sjocht. Njonken it histoaryske elemint binne mei dêrtroch ek de aktúele posysje fan en de striid foar de fryske tael eleminten wurden yn de eftergrounmuzyk by de stúdzje fan de fryske tael, en winliken ek by de stúdzje fan de fryske literatuer.
Literatuer hat yn dizze kontekst foar in great part in fan de tael (leafst fan de âlde tael) ôflate wearde as taeldokumint. En literatuerskiednis bliuwt in hiel ein hinne histoarysk-biografysk, en wurdt biskreaun yn forbân mei de striid foar de tael.
Bisjogge wy nou de posysje fan it frysk sa't dy him yn de rin fan de skiednis ôflêze lit oan de taeldokuminten, dan kinne wy rûchwei fjouwer stadia ûnderskiede:
1. | it frysk as min ofte mear folsleine tael yn de midsieuwen, |
2. | it frysk as sosjael kleure patois yn de 17de en 18de ieu (mei in lyts mar biskiedend blinkje fan Renaissance-kultuer yn de persoan fan Gysbert Japiks c.s.), |
3. | it frysk as bloeijende folkstael yn de 19de ieu, |
4. | it frysk as in ein(tsje) hinne kultuertael yn de 20ste ieu. |
It doel fan de striid foar it frysk is hyltyd wer it oerwinnen fan it sosjale foaroardiel tsjin it frysk. Dat kin, sa goed as ik it sjoch, op trije manieren:
1. | troch it nei wearde skatten fan it sosjael biheinde domein fan it frysk (dat wie Hof syn idé: it frysk hie syn sosjale en kulturele biheindens en yn dat ramt moast fierder arbeide wurde), |
2. | troch it fordeftigjen fan it frysk en it stribjen nei status foar it frysk (dat wie de oplossing fan Kalma en de Jongfriezen: it frysk moast in folsleine kultuertael wurde), |
3. | troch it demokratisearjen fan it taelbisef en it ôfwizen fan status yn ingere sin, ek foar de hegere uteringen (is dit faeks de ideology fan de takomst?) |
Yn it ramt fan de ideology fan de fryske biweging bistiet de tendins de sosjale biheining fan it frysk to sjen as in ‘tafallige’ faktor dy't weiwurke wurde moat en kin. Dat komt moai út yn de skiednis fan de term ‘frysk’. Fan âlds hie it wurd frysk in geografyske bitsjutting. Stêds- en lânfrysk beide foelen ûnder it bigryp ‘frysk’. Mei de romantyk is it wurd ‘frysk’ inkeld foar it lânfrysk claimd: as wy stedfrysk bidoele, moat de tafoeging ‘sted-’ derby; ha wy it oer it ‘boerefrysk’, dan is ‘frysk’ genôch en ûndûbelsinnich. Dat gebrûk fan it wurd ‘frysk’ hâldt de pretinsje yn fan it (lân)frysk as de tael fan Fryslân. De sosjale biheining falt wei yn de terminology, it frysk as folsleine tael is noarm wurden, en wurdt dat noch namsto mear yn de 20ste ieu.
Der wurdt praet fan de neidielen fan in lytse taelmienskip; de klam leit folle minder op de sosjale brek yn de taelsitewaesje. Yn it ramt fan de biwegingsideology binne de sosjale biheiningen fan it frysk der om oerwoun to wurden.
| |
| |
Oft se der ek binne om bistudearre to wurden, is dêrby tige de fraech. It ideologyske engagemint sil in yngeande bistudearring fan dy sosjale faktoaren faeks earder yn 'e wei stean. It soe wolris net tafallich wêze kinne, dat b.g. de stúdzje fan de twataligens krekt yn België en yn Fryslân sa let fan de groun kommen is. Krekt dêr wurdt de twataligens biwust bilibbe en yn in nasjonael engagemint bihelle.
Dochs binne dy sosjale biheiningen de greate punten fan oerienkomst tusken de ûnderskate minderheitsfolken fan dit slach. It soe wolris wêze kinne, dat krekt dêr in fruchtber útgongspunt leit foar de takomstige ideology fan fryske en oare minderheitsbiwegingen, lykas hjirboppe al oantsjut is yn de tredde mooglikheit fan bistriden fan it foaroardiel tsjin it frysk.
Oer de skiednis fan de fryske tael en syn sosjale en literaire posysje is al ien en oar skreaun. Yn it forbân fan ús problematyk is binammen Gerbenzon syn artikel oer ‘Verfriesing en vernederlandsing van de Griekse, Latijnse en Franse leenwoorden in het Fries’ (Us Wurk XI (1962), s.40-48) fan bilang. Hy wiist op de sosjale eftergroun fan de (wer)forfoarming fan de forfryske lienwurden yn hollânske rjochting. Fokkema hat forskillende kearen skreaun oer de skiednis fan de posysje fan it frysk. De hiele ôfdieling ‘Taelskiednis’ út de sammelbondel ‘Nei wider kimen’ giet eins oer ús ûnderwerp; ek yn de ôfdieling ‘Dialektkunde’ steane stikken oer ditsoarte saken, wylst syn dissertaesje oer it stedfrysk him út de aerd fan de saek ek op dit terrein bijowt. Fokkema giet miskien hwat tofolle út fan de hjoeddeiske biwegingsideology. Sels ha ik bisocht om dêr hwat oan to ûntkommen yn myn biskriuwingen fan histoaryske saken. De lêzer mei dan bisykje út to finen oft my dat slagge is yn myn artikel ‘Gysbert Japiks tusken Frysk en Nederlônsk’. (Us Wurk XVI (1967), s.1-22).
Mear yn it literaire flak leit Poortinga syn boekje ‘Préokkupaesje of frije kréativiteit’. Poortinga set de fisy's fan Hof en Kalma oer fryske tael en fryske literatuer foar inoar oer, en wiist op in ôfnimmen fan de bysûndere posysje fan de fryske literatuer troch de algemiene demokratisearring fan de literatuer. Oan de iene kant emansipearret de fryske literatuer him út it typysk fryske en fan âlds bikende genre nei in algemiener tematyk en avantgardistyske genres. Oan de oare kant nimme de foarname stannen en de salon in hyltyd lytser plak yn yn de nederlânske literatuer.
Hwat ik hjir neamd ha, is gjin literatuersosjology. Ik ha bisocht kanten fan de fryske tael en literatuer sjen to litten dy't in systematyske sosjologyske oanpak freegje, en dan in sosjologyske oanpak mei de literatuer net as boarne fan losse sosjale tema's of opfettingen, mar mei de literatuer as sintrael stúdzje-objekt.
In gaedlike metoade is faeks to finen yn de boeken fan H.N. Fügen: Die Hauptrichtungen der Literatursoziologie (H. Bouvier u. Co. Verlag, Bonn, 19704), in dissertaesje fan 1964, en Wege der Literatursoziologie (Hermann Luchterhand Verlag, Neuwied am Rhein und Berlin, 1968), in karlêzing fan stikken fan ûnderskate skriuwers, mei in ynlieding fan Fügen. Fügen syn
| |
| |
idéen binne bisprutsen yn Spiegel der Letteren 12de jg. (1969-1970), p. 186-197.
Ik wol hjir in pear fan syn definysjes jaen om sjen to litten hoe't hy it ûnderwerp fan de literatuersosjology ôfgrinzget. Sosjology definearret Fügen as: ‘Wissenschaft von den Prozessen und Strukturen zwischenmenschlichen Verhaltens’. Under literatuer wol Fügen forstean ‘jede schriftliche oder durch häufige mündliche Wiederholung in eine relativ feste Form gebrachte Darstellung eines Geschehenablaufs, die ihrer Intention nach auf die konkrete empirische Nachprüfbarkeit ihres Inhaltes verzichtet, ohne einen wie immer verstandenen, in seiner geschichtlichen Entwicklung variablen Wahrheitsanspruch aufzugeben.’
By de sosjology giet it mei oare wurden om ynterminsklike forhâldingen dêr't men de aspekten fan bistudearret dy't to systematisearjen binne (dus net de yndividuele kuriositeiten). By de literatuer giet it om forhalen, biskriuwingen, etc. dy't net de pretinsje ha dat se ‘wier bard’ binne, dy't m.o.w. forbylding binne, fiksje, of hoe't men it neame wol. De réens en it formogen om jin fan de literaire forbylding meitroaije to litten sûnder fan it wurk to easkjen dat it ‘wier bard’ is, en sûnder sa'n forhaeltsje ûnsin to finen omdat it ‘mar’ in forhaeltsje is, neamt Fügen ‘literaturgemässes Verhalten’. Dat ‘literaturgemässe Verhalten’ hat op himsels noch neat to krijen mei estetyske wurdearring. Alle ‘fiction’-litaratuer, kunst of kitsch, is yn prinsipe objekt fan ‘literaturgemässes Verhalten’.
De literatuersosjology yn Fügen syn versy ûndersiket alderearst ‘dieses Schrifttum als Objektivation sozialen Verhaltens und sozialer Erfahrung’ en rjochtet him, twad, ‘in seinem Erkenntnisinteresse auf ein zwischenmenschliches Verhalten, das die Herstellung, Tradition, Diffusion und Rezeption fiktionalen Schrifttums und seiner Inhalte betreibt’.
De literatuersosjology bistudearret alsa de prosessen hwertroch de literaire organen (lykas it literaire wurk, skriuwers, publyk, krityk, boekhannel, bibleteek) ynstitutionalisearre wurde en bliuwe, en hwertroch b.g. it niis oantsjutte ‘literaturgemässe Verhalten’ trochjown wurdt. Hy biskriuwt it strukturele forbân tusken de ûnderskate literaire organen yn it hiele literaire systeem. In foroaring yn ien elemint fan it systeem kin it hiele systeem foroarje. Mar ek bûten-literaire faktoaren kinne ynfloed ha op it literaire libben. Ek it sosjael prestiizje fan bûten ôf b.g. kin sa syn ynfloed ha op de posysje fan in literair orgaen yn it ramt fan it literaire systeem.
Yn forbân mei de sosjologyske analyse fan literaire wurken komt Fügen op de ‘Verhaltensnormen und Werthaltungen’. Hokker wearden wurde yn in literair wurk foarstien? En oan hokker mentaliteit appellearret it? Fügen ûnderskiedt fierder tusken ‘gruppenkonforme’ literatuer (dy't bisteande wearden stipet), ‘gruppenkonträr-destruktive’ wurken (dy't bisteande wearden ôfbrekke) en ‘gruppenkonträr-konstruktive’ wurken (dy't nije wearden proklamearje).
It giet Fügen binammen om de konstruksje fan in goed teoretysk ramt foar de
| |
| |
literatuersosjology. Der binne oant nou ta wol hiel hwat literatuersosjologyske ûnderwerpen oan de oarder steld, mar de metodology koe út literatuersosjologysk eachpunt hiel faek gjin sprekken lije. Ik sil hjir fierder net in gearfetting jaen fan Fügen syn teory. De boppeneamde literatuer is dêr gaedliker ta foar hwa't him djipper yn dy saken jaen wol. It liket my better ta nochris in pear punten to neamen út de fryske literatuerskiednis dy't faeks dúdliker kontoeren krije koene yn it ljocht fan Fügen syn literatuersosjologyske teory.
As wy sjogge hokker ‘genres’ oft ús oerlevere binne yn de fryske literatuer fan de 17de en 18de ieu, dan fine wy (as wy Gysbert Japiks der earst even bûten litte): brulloftsfersen, promoasjefersen, jierdeifersen, roufersen, reisbiskriuwingen, almenakjes, greater of lytser stikken toaniel, en godstsjinstige stof. Men soe dy ‘genres’ gearfetsje kinne ûnder de bineaming ‘gebrûksliteratuer’. It sa mar, omdôch, lêzen fan ‘fiction’ is der winliken net by. Men makket stikjes foar in gelegenheit, of men tsjinnet praktyske (geastlike of stoflike) doelen. De aestetica komt dúdlik op it twadde plak, of sels dêr net iens. Dat is net sa bysûnder. As Marion Beaujean har yn har boek Der Trivialroman in der zweiten Hälfte des 18. Jahrhunderts (H. Bouvier u. Co. Verlag, Bonn 19692) ôffreget, hwat der eins yn de 18de ieu lêzen waerd (s. 19), dan jowe guon boarnen sahwat dizze yndruk: ‘80 Prozent aller Titel sind geistliche Literatur: Bibeln, Gesangbücher, anonyme Erbauungsschriften, Werke von Luther und pietistischen Autoren. Der Rest setzt sich aus Kalendern, Almanachen und Fabelsammlungen zusammen; allenfalls Gellert und Rabener sind mit schöngeistigen Schriften vertreten’. Mear biskûl gie in oar soarte fan lêsstof, de folksboeken, lykas ‘Reinike Fuchs, Eulenspiegel, der Gehörnte Siegfried und die Schildbürger, die schöne Magelone, das Faustbuch, der Fortunatus, die Historie vom Herzog Ernst’. De folkskalinders dy't Beaujean noch apart neamt, sille útwreide útjeften fan de oarspronklike kalinders en almenakken west ha; se moatte yn kearn en opset as praktyske boeken sjoen wurde.
It samar, omdôch, lêzen wurdt net (of faeks meast stikem) dien, hwant, sa't Beaujean skriuwt: ‘Jede nur die Phantasie unterhaltende Lektüre war nicht allein nutzlos, sondern geradezu verwerflich, da sie das Gemüt von den tieferen Wahrheiten ablenkte, in die sich zu versenken allein einer christlichen Daseinsauffassung entsprach’.
As wy it hear nou oersjogge, dan kinne wy konstatearje dat de midfryske literatuerprodukten ornaris by de gongbere, offysjeel akseptearre literatuersoarten hearre dy't Beaujean foar de 18de ieu foun hat. En twad kinne wy fêststelle dat it ‘fiction’-elemint dat yn Fügen syn definysje fan literatuer sa sintrael stiet, yn de fryske lektuer fan dy tiid nou just net it measte opfalt. Soe der njonken de literatuersosjology ek noch in lêssosjology nedich wêze? Men soe jin nammers yntinke kinne dat by de hyltyd oanwinnende niget oan populair-wittenskiplike lektuer ek in hyltyd greater part fan de hjoeddeiske lêsstof bûten Fügen syn literatuersosjology komt to lizzen. Hoe't dat ek wêze
| |
| |
mei, de fryske literatuer fan de 17de en 18de ieu stiet in hiel ein hinne oan de rânne fan de stof dêr't Fügen syn literatuersosjology him mei dwaende hâldt. Winliken is it Gysbert Japiks dy't allinne en op eigen manneboet de fryske literatuer min ofte mear ynstitutionalisearret; hy wurdt neifolge, en hy hat in publyk; syn Rymlerije is lange tiden it iennichste boek yn de fryske literatuer. Hokker publyk ha dichter en boek? Hokker plak nimme se yn yn it gehiel fan it literaire libben fan dy dagen? Hokker kultueridéael fortsjintwurdigje se, en hokker sosjale wearden? Hoe wurdt de boer opfette by G.J.? En sa fierder. Men soe op sa'n manier bisykje kinne it eigen plak fan G.J. yn syn tiid yn to perkjen en to omskriuwen.
Foar de dialektliteratuer dy't fierders hwat it frysk oangiet, hast it hiele fjild bihearsket, soene soartgelikense fragen steld wurde kinne. Hwa ha it skreaun en hwa ha it lêzen? Hokker folkslektuergenres hie it frysk al en hokker net? Al hoe tige in rânnegebiet op it stik fan de literatuersosjology - of miskien krekt dêrom -, de stikjes fryske lektuer út dy ieuwen foarmje aldernijsgjirrichste stof, ek yn dat ramt.
It is de fraech, oft it by de midfryske literatuer net altyd by brokstikjes literatuersosjology yn in greater ramt bliuwe sil. In helte folsleiner (folks-) literatuer lit ús de fryske 19de ieu sjen. Ek dan binne der fansels mear ôfhinklike as selsstannige trekken yn it fryske literatuerbyld, mar it fryske literaire libben bislacht nou in folle greater part fan de bifolking, en de ynfloed fan dy literatuer giet sa to sjen ek folle djipper. Der is navenant in greate produksje. Dy produksje sil net dy fariaesje en dy estetyske hichtepunten ha as yn oare literatueren wol, mar syn sosjale funksje wurdt net gau to heech oanslein. It hiele klimaet fan de folksskriuwerij mei syn biskriuwen fan it eigen formidden en mei syn krityske tendinzen is in ynteressant stadium: ‘der Wunsch, die eigene Lebenssphäre geschildert zu sehen, ist historisch am spätesten wach geworden’, skriuwt Beaujean (s. 15).
De fryske literatuer út dy tiid bistiet hast allegear út lytse stikjes en lytse boekjes: lytsguod dat hjoeddedei de wanhoop is fan antikwariaten en bibleteken! Mei hokker faktoaren hinget dat gear? Hokker genres en hokker tendinzen lei de klam op? Hokker formiddens fan skriuwers en útjowers diene oan frysk en hwat wiene de relaesjes ûnderinoar? Yn hoefier wie it fryske literaire libben yn dy tiid hwat unyks, en yn hoefier sleaten smaek, genre, stof en publyk oan by hwat wy op oare plakken yn Europa sjogge? Hokker rol spilet de sosjale gearstalling fan de frysk-pratende bifolking hjir, en hwat is de ynfloed fan de ekonomyske posysje fan de fryske boerestân en fan de emansipaesje fan dat bifolkingsdiel? Al mei al moat it, sa fan bûten bisjoen, mooglik wêze in ynteressant stik literatuersosjology to skriuwen oer de 19de ieu yn Fryslân.
Yn de 20ste ieu wurde bidoeling en karakter fan de fryske literatuer wêzentlik oars. Njonken it âlde genre fan de folkslektuer nimt de ‘echte’ literatuer navenant in hyltyd greater plak yn, ek en binammen yn de publisiteit. De krityk krijt in mear literair aksint, der komt in publyk foar de folksaerdiger
| |
| |
en ien foar de hwat literairder skriftueren. It jongfryske literatueridéael bliuwt alsa net sûnder gefolgen. Hwat is krekt aerd en posysje fan it fryske literaire bidriuw hjoeddedei, en hwat is syn status nei bûten ta? En hokker rol spilet de noch altyd bisteande sosjale biheining yn it fryske taelgebrûk dêrby?
Myn fragen en opmerkingen binne net allegear like systematysk, mar jowe miskien dochs oan dat systematysk ûndersyk yn dizze rjochting leanje kin. Krekt de forwûndering oer de fraech hoe't de fryske literatuer ûntstean en bistean koe, makket dat in literatuer-sosjologyske oanpak yn 'e reden leit en fruchtber wêze kin. Faeks dat op dy manier ek de literatuerskiednis wer nije ympulsen krije koe. Net omdat it allegear sokke nije dingen binne dy't ik hjir nei foaren bring. Bûten de niis neamde literatuer binne der ek wol guon fryske detailstúdzjes skreaun op dit gebiet. Mar yn it ramt fan - en foar in oar part yn alle gefallen mei help fan - in literatuersosjologyske teory kinne al dizze saken faeks in dúdliker plak en bitsjutting krije, en dêrmei oanlieding jaen ta systematysker en djippergeande stúdzje.
Nije wittenskiplike termen en teoryen oarderje net allinne it âldere wurk gauris op 'e nij, hja kinne boppedat it ûndersyk yn in biskaet fakgebiet legalisearje. Mei in nije namme komt men, om it mar ris hiel praktysk to sizzen, ek wer yn 'e bineaming foar nije subsydzjes. Mar by de yntroduksje fan sa'n nij wurd komt ek wer oer ús hwat fan de fornuvering fan Monsieur Jourdain: ‘Par ma foi, il y a plus de quarante ans que je dis de la prose, sans que j'en susse rien.’
En sa sil it Jo, Gerbenzon, hjoed faeks ek gean: Jo ha fyftich jier lang op it sykheljen past, om nou ynienen to fornimmen, dat Jo al dy tiid dwaende west ha mei de monumintale wurksumheit fan it birikken fan in saneamde mylpeal yn it libben fan in feestbondel-fähige persoanlikheit: de 50ste jierdei fan prof. Gerbenzon.
De Pijnacker-klub hat Jo by dy gelegenheit in mienskiplike lokwinsk oanbiede wollen, mei út namme fan oaren fan Jou freonen, kollega's en learlingen. Nei't wy hoopje krekt genôch ta it bistevigjen fan de mylpeal, en krekt to min om ús tonei to twingen Jo by de arrivéë establishment to rekkenjen. My is de eare tabidield Jo dy lokwinsk yn stoflike foarm oer to rikken mei in, nei't elk hope hie, passend wurd. Dat passende wurd wol ik bislute mei de winsk dat Jo ek yn 'e takomst noch gâns krityske kanttekeningen, en tagelyk gâns forantwurde en binammen ek ûnforantwurde stellingen ponearje meije ûnder it genot fan kofje of oare geastrike dranken. Sokke eksperiminten mei de geast binne nammentlik it bigjin fan alle wittenskip.
Wy forsykje minlik oan de skriuwers dy't in manuskript foar de ‘Gurbe-rige’ fan de Ljouwerter Krante ynstjûre sille, in duplikaet ré to hâlden.
Noordmans is nammers fan doel manuskripten foar in setsje wei to tôgjen, lyk as er dat mei it hânskrift fan Hoatse de Jong dien hat.
|
|