De suster kaem mei bôlle en thé. ‘Yt lekker hearen’.
Kramer joech 'm oerein. ‘Sil 'k mar foargean?’ Kramer bidde lûdop. Dat die er alle dagen, hy hie't sels oanbean. Net ien dy't biswier makke, Bekius ek net. Sels sei er dat er net oan godstsjinst die, mooglik miende 'r wol dat it by it sikenhús hearde.
‘Ik haw in bytsje sliept fannacht’.
Dat wie Jaling wer fansels. In oar út 'e sliep hâlde mei syn gesnoark en dan sok praet. Mar net nei hearre, oars wie 't iten him oer.
Hoe't it nou thús ris wie. Wiger moast alles regelje. Woene Klaes en Jentsje sizzen fan him ha? Dêr woe er net mear oer ynsitte, hy soe't sels wol sjen. Hjoed kaem Jehanne, dan moast er 'm goed hâlde. Neat blike litte, oers wie de kaert forjown. Hy moast mei oerlech towurk gean.
Klinyk. As sa'n dokter dat yn 'e holle hie moast it fansels trochgean, sa wiene dy dokters. Mar hy wie der ek noch!
De moarn foel him lang. Hy hong yn 'e konverseasjeseal om, de piip oan. Hjir siet er foar gek, wylst de jonges it thús net neikomme koene. En dokter praette fan 'e klinyk!
Middeis kaem Jehanne, hy lei op bêd. Al sa'n útfining, as der bisyk kaem waerd men op bêd treaun.
‘Hoe is't jonge?’
‘Sa bêst as hwat. Myn mage mekeart neat oan, ik tink dat ik hast nei hûs kin’.
De ûre foel him lang. Tomûk seach er út en troch nei de klok.
‘Moatst de bus net forsitte’.
‘Ik gean in bus letter nei hûs. Wiger woe graech dat ik hwat meinaem fan Mebius. Hy hat der oer skille, se soene it klear lizze’. Dat ek noch. Nou soe se sitten bliuwe oan trije ûre ta. En hwat moast Wiger fan Mebius ha? Safolle saken die er dêr net mear mei. It waerd al tiid dat er nei hûs gyng.
De lêsten wiene al fuort doe't Jehanne oerein gyng. It soe dan dochs wêze. Mar krekt wie de doar efter har ticht doe't er al by de kast wie om syn klean.
‘Jo koene it wol drok ha’.
Jaling mei syn smeulsk praet. Neat sizze.
Hoe soe er nou? De tas meinimme? Stean litte, dy tas roun net fuort. As er 'm meinaem soe't opfalle. Nou kalm bliuwe.
Mei stive skonken roun er de lange gong del. Gjin suster to bikennen. Se soene noch oan it thédrinken wêze.
Sa, de hoek om. Hy kaem foar tichte glêzen doarren. Nou wie er de