‘Godfordomme net’ hime er.
Ik loek syn hân los, in neil klaude troch de mouwe hinne hyt oer myn fel.
De soldaten rounen mar troch. Se seagen stiif foar har út as se minsken foarby kamen. Se praetten net iens. In hiele protte krukten, de sydtassen op en del oan de riemen, dy't net mear glânsgen. It wetter roun har yn donkere plakken fan de skouders.
Ynienen hearden wy sjongen. It lûd fan learzens op stiennen kaem de kant fan it tramstasjon. De minsken seagen op.
Hoatse stie ynienen stil. Hy die de holle efteroer, it hek as biweegden syn earen. Hy draeide him skokkend om. Syn earms hingen slop by syn lichem del. Syn eagen stieken en syn wangen waerden noch reader.
‘Se sjonge goddomme noch’ pipe er.
It sjongen waerd lûder en lûder. Doe kamen se de hoeke om. In ploech swarte soldaten, de rein dripte fan de kleppen fan har petten ôf, it sulver skittere op harren skouders. Se marsjearden fûleindich, foarop de greatste. Harren earms gelyk en de learzens klapten yn ien kear op 'e stiennen. Se seagen neat, en se songen. Hoatse hime. Hy folge de swarte soldaten mei greate eagen.
Ynienen seach ik it. Hielendal foarop roun heit. De holle yn 'e nekke, syn brul omheech nei it reinen. Syn learzen giene strak hinne en wer en syn hannen kamen krekt oan de riem ta.
Myn hannen waerden my waerm en ik moast slokke, myn earen sûzen.
Doe sloech hoatse my op it skouder.
‘Dat is dy s.s.-rotsak hjirwei!’
Hy flokte dat it hwat die.
‘Ik hoopje dat se him dea slaen’, raesde er.
Myn knibbels waerden slop. Ik moast my stiif hâlde, oers foel ik. Ik fielde dat ik gûle moast. Doe stiek ik de hannen yn de loft en ik raesde.