hân, lûke mei de wynbrauwen, biwege de lippen amper as sjogge se nei in swolm. Dan begjinne se to skriuwen. Der is net ien dy't my fortroud. Allegear meitsje se in synjalemint. Notearje sifers, wilens se nei my sjogge sûnder hwat to freegjen.
‘Hoenear berne?’
‘Ik kin hjir neat sjen’.
De assistinte docht it ljocht oan en skout it gordyn oan kant.
‘Berne?’
Fordomme, al wer? Allegear wolle se witte hoenear ik berne bin, hwer't ik wei kom, hwa't myn mem is, myn heit, myn pake, myn beppe. Ik wit it net. Ik kin gjin antwurd jaen. It binne weake fluezen dy't har oppompe en wer leech rinne yn myn harsens. Ik stiich en fal tusken de flier en it plafond.
‘Jo kinne jo wol wer oanklaeije; dêr mar efter it gordyn’.
Myn klean hingje oer in stoel. Myn broek is lytser wurden. Se hawwe hwat oan myn broek dien. En myn boesgroen is nauwer. Ik kin de knopen amper mear fêst krije. Myn skuon binne my to lyts. Dit binne myn klean net, of ik bin it net. Se hawwe my yn it forkearde hokje brocht. Hjir moast in oarenien him oanklaeije. Ik bin it net dy't him hjir útklaeid hat. De assistinte is fuort en ik wit net oan hokker kant ik it gordyn iepenlûke moat. Ik hear se wol praten mei de dokter. It is itselde lûd dat ek út 'e masine kaem. Myn hier sit yn 'e ties. Ik kin de kaem der net troch krije. Der sitte allegear hurde stikken yn. Dat hat dat frommis dien doe't se my dy dingen yn it hier draeide. It liken wol krolspjelden.
‘Binne jo klear?’
‘Noch net. Eh, ik kin myn klean net fine.
‘Dy lizze by jo, hjir op 'e stoel’
‘Dy binne my to lyts. Dy binne grif fan in oar’.
‘Doch dy klean mar oan’.
‘Bin ik dan deselde?’
Se triuwt my de broek yn 'e hannen. Ik gean op it puntsje fan 'e stoel sitten en lûk de broek oan. As se it gordyn wer fansiden lûkt bin ik klear. Ik bin wiet fan swit yn dy nauwe klean en ik bin deabinaud as se it gordyn foar my fansiden hâldt. Ik moat ûnder har earm trochrinne. Ik sjoch de masine stean, swart en blinkend, mei in protte nikkel en triedden. Dêr njonken in glêzen kap en in kast mei reade en griene lampkes dy't op en út flitse. Dokter laket as er tusken de nikkelen platen wei komt, as wol er hwat moais fortelle. Hy rint nei de kast mei lampkes en bigjint op knoppen to drukken,