‘Op myn rêch fansels!’
Tusken har skouderblêdden koe er har rêchbonke sjen. In plokje ljocht ûnderhier kipe ûnder har baeimûtse út. Hy stiek syn finger yn de krème en naem in fikse kwak, matr it fettige doaske ûntglûpte him en foel yn it sân.
‘Och hea’, sei er.
Fyntsje hie neat sjoen. Hy suchte en striek mei syn finger oer har rêch.
‘Sa net, útsmarre!’
Leendert wreau mei de flakke hân. Har fel foarme ronfels foar syn fingers. As hy de palm fan syn hân even optilde, hearde er in sopjend lûdtsje.
‘Hwat dochst nou?’
‘Utsmarre’.
Har rêch glinstere, Leendert wurke de lêste fegen krème wei. ‘Klear’ sei er. Hy bisocht it sân út it doaske to feijen, mar der kaem hieltiten mear yn. ‘Ik ha it falle litten’
‘Okse! Dou kinst ek neat’.
Fyntsje fiske noch hwat sânkerlen út it doaske, die it deksel der op en treau it yn har taske. Se sette har sinnebril op, seach Leendert mei stúdzje oan, glimke en sei: ‘Dou bist in houtene Klaes.’
‘Ik bin goed yn gym’ sei Leendert.
‘Dat bidoel ik net’. Se het har foaroer sakje, forskeukte har lichem noch hwat op de baeiskûldoek en bleau mei healspraette earms lizzen.
Leendert kaem oerein en roun nei de oaren ta. Hwat tichter hy by de jonges kaem, hwat mear der mei boartsjen opholden en har fornuveren. Guido stie him ek al to bigapjen. Mar hy roun rjocht troch, lyk foar Guido lâns. En yn it foarbygean frege Leendert lûd: ‘Haw ik hwat fan dy oan?’
‘Ja’, sei Guido, ‘myn swimpak’
Se skatteren it út. Nou hie Leendert it earst yn'e smiis. De jonges hiene allegear in swimbroek oan, allinne hy hie in swimpak.
‘Fan syn pake’, sei Freddy.
‘Krekt in famke’, sei Pyt.
‘Fiel ris’ stelde Jochem út. Meiiens seach er om oft Dak it ek heard hie. Dy stie noch stees in ein fierder yn de sé.
‘Fiele is fiis’, sette Guido fuort.
‘Fiis fielen is lekker’, folle Jochem oan.
Leendert liet himsels foardel yn it wetter falle. Hy hie wol yn if sân