| |
| |
| |
| |
| |
| |
Tr. Riemersma / In forsetsje.
Sneons hienen se gelokkich frij, dat se hongen al sûnt achten op 'e brêge om en wachten oant kertier foar tsienen hinne de kofje brún wêze soe. Safier wie it noch lang net, mar doe seagen se ien oankommen op 'e fyts. Hwa soe dat wêze? Hwant alle manlju wiennen ommers thús sneontomoarms. Hwat soe dy kearel hjir moatte? Al sûnt jierren lei der in brede forkearsdyk súdlek fan it doarp dêr't de auto's en bussen lâns jakkeren, en sûnt wie it stil yn 'e buorren en lei de âld bochtige dyk forlitten en min ûnderholden tusken de bouwen. En hwa't dy âld dyk opried, dy moast yn it doarp wêze grif, dy wenne dêr of hie der kunde of boadskip. Mar nimmen fan 'e manlju forwachte bisite, dat koe it net wêze. Doe sei ien: ‘It liket wol in lapkepoep’.
En ja, doe't de fytser tichterby kaam, seagen se it allegear wol. Hy hie in koffer foare boppe ut tsjil en efter op 'e bagaezjedrager siet pakjeguod en oan it stjûr sleepte er ek noch tassen mei. Jawis, it wie in fordwaelde lapkepoep, dat koe net misse. Hy wie donker yn 'e klean en hie in pet op. Hy like noch net âld, foare yn 'e tritich miskien.
De manlju spijden de peuken oer de brêgeleuning yn 'e heal tichtgroeide feart en stapten, de hannen yn 'e bûse, nei de midden fan 'e brêge en hienen kwânskwiis alle oandacht by it petear. De kuorkerinder belle en die in hael oan it stjûr om de manlju to mijen, mar ien stapte foar it tsjil en dêr bleau de man hingjen en koe noch krekt fan 'e fyts springe om it gewicht fan 'e tassen en koffers to heinen en de fyts yn 'e blâns to hâlden.
‘Hui Kearel!’ rôp de oanridene.
‘Ik.... 'k skille ommers al!’ rôp de fytser noch kjel.
‘Men is jins libben lang net seker!’ grommele ien en wer in oaren frege batsk: ‘Hwat moatte jo hjir to healwiis jeijen?’
‘Jeije?’ frege de keapman.
| |
| |
‘As jo trochride komme jo fansels wer op 'e greate dyk út. Mar jo kinne fansels ek werom gean’.
‘Ik.... moat hjir wêze!’ protestearre de keapman.
‘Kikkikkik,’ lake ien.
‘Dizze dyk giet fierder nearne hinne, mar as jo trochfytse, komme jo wol wer op 'e strjitwei’, lei immen út.
‘Ik kom hjir foar handel’, sei de man.
‘Hjir is foar jo neat to fortsjinjen, keapman. Ik soe mar ôfsette’.
‘Soe 't net hwat tafalle?’ bisocht de keapman to glimkjen.
Se joegen al hwat rûmte doe't er de fyts fierder skoude, mar se bleauwen deun neist en efter him en brochten him oan it earste hûs ta. De keapman ried it brechje oer en de manlju bleauwen op 'e dyk stean. De fyts waerd tsjin 'e hûsside oan set en de koffer en twa tassen kamen mei nei de doar en de man rôp om folke.
De doar gyng op en in frommis yn in fetlike mouwskelk sei inkeld: ‘Neu’.
‘Moat der ek hwat wêze fan 'e keapman’. De koffer kaem iepen. ‘Skelken, guodkeape stofkes. Trevira, sjoch' jo wol? Oerstrûpers foar troch 'en dei, sokken....’.
‘Neu’, sei it mins. ‘Moat mar net’.
De doar gyng we ticht en de keapman lei it guod toplak en sleat de koffer. Mei it saekje wer op 'e fyts kaem er it brechje oer. De manlju namen him yn har midden op en rounen mei him del nei it folgjende hûs, in eintsje fierder.
Der lei in houn lui op it hiem. Hy blafte doe't de keapman it hiem op kaem, mar bleau lizzen. De manlju stienen stil en puften. It wie waerm, nou al! Se seagen gnyskjend de keapman syn waer útstallen en de doar optriuwen. Der kaem in fanke by de doar dat mei brutale eagen de man en syn negoasje meunstere.
‘Moat der hjoed ek hwat wêze?’ frege de keapman.
It fanke draeide har om en fordwoun yn 'e gong. ‘Mem, der is in kearel mei lapkes’, galme se. De manlju op 'e dyk nokkeren. Yn 'e gong wie even in skym fan in frommis dat grânzge: ‘Wy hoe' neat’. It fanke kaem wer út it tsjuster fan 'e gong to foorskyn. De doar waerd tichtfierd.
De keapman skoude de fyts it hiem ôf en wiske him mei de mouwe it swit fan 'e foarholle. ‘It is waerm!’ knikte er moedich tsjin 'e manlju.
‘Jo spanne jo forgees yn, man’.
‘Jo kinne better ôfsette, jo winne hjir gjin deihier’.
| |
| |
De keapman andere net, hy roun fierder mei syn oploege fyts. De manlju sleepfuotten him nei en lichten de pet ris en klauden troch it switterige hier.
‘Dy kin jo wol oerslaen’ rôpen se. ‘Dy hat nearne mear forlet fan’, De keapman wist net rjocht hoe't er soe, mar swaeide dochs it paedtsje op nei it bihindige hûs.
‘Nou man, hwat sizze wy nou! Jo moatte net sa eigenwiis wêze!’ De keapman sette de fyts neist de doar en seach om. Hwat wie dy man bleek om 'e snút, en dat mei dizze hytte. Hy fielde oan 'e kruk, mar dy joech net mei.
‘Jo moatte belje’ rôp ien.
‘Hâld dy stil, ju’, grommele in oar, en in tredden sei: ‘Lit him piele, ju. Hwat hast der mei noadich’.
Mar de keapman hie de skille foun en prjimke der twaris mei de tûme op. It duorre in hoart foar't de doar ipenlutsen waerd en de keapman wie al op 'e knibbels tusken koffer en tassen delstrutsen yn 'e smelle stoepe. In âld, meager frommiske stie foar him, breidene sokken oer de hoazzen. Se skodholle, tryst, as wie se to oandien om to praten.
‘Moatte jo ek hwat brûke fan 'e keapman? Hierkammen, hierspjelden, himden, direktoirs, skelken, hoazzen - goed en goedkeap! - holdoeken, tafellekkens, waskhantsjes....?’
Se biweegde efkes de holle hinne en wer.
‘Mar miskien wolle jo hwat hâlde as presintsje foar jou beppesizzers? .. Op 'e dyk barstten se yn gnizen út, mar de keapman murk it net. “Jongeskyltjes, sokken, spikerbroeken, rokjes haw ik ek. Fleurige ruten, sjogge jo wol? Strikken, bûsdoeken truikes, hierlinten, piama's”.
It âldwyfke skodholle en skoude de doar stadich ta. De keapman joech it op en skikte syn waer wer torjochte. “Dan letter marris wer sjen, frou” sei er tsjin 'e tichte doar.
“Beppesizzers!” seinen de manlju. “It mins hat ommers noait troud west!”
“Dat kin ik net witte”, andere de keapman koart.
“Wy ha 't je ommers sein, man. Jo hoegden hjir net hinne to gean, seinen wy al”.
“Jo moatte net sa frekte dwars wêze. Wy ha 't jo yn goedens sein!” De keapman antwurde net. Hy woe de dyk skean oerstekke nei in huzing dy't efter swiere beammen beskûle gyng, mar de manlju kearden him. “Dêr hoe' je net hinne. Dêr is gjinien thús”.
| |
| |
“O, o,” sei de keapman. Hy switfage al wer. “Hjir is gjin kafé, tink?”
“Fjouwer kilometer fierderop”.
“Ja, ja”, sei de keapman. Hy seach nochris nei it tsjustere hûs efter de beammen en sette doe fierder.
“Fytsen giet hurder” sei ien fan 'e manlju.
De keapman ried it brede, rommelige hiem fan in stjelp op. De frou en in great fanke sloegen in loper út.
“Hâld it spul mar op 'e fyts” rôp it frommis dat in holdoek om 'e read opsette troanje droech. “Dêr stiet my de kop nou net nei”. Se helle de loper in ein fierder oer de line en rôlle him in pear slaggen op. It fanke stie sleau mei de matteklopper by de skonken del de keapman oan to gnyskjen.
“Toe ju, wurdt it ek noch hwat,” bekke it mins.
It fanke grommele hwat en tyske mei de klopper tsjin har kuten. “Ik bin fiersto hyt”.
“Miskien wol de frou dochs ris yn 'e koffer sjen?” frege de keapman. “Moaije simmerstofkes. Foar de jongfaem bloezes, rokken. Earbellen, hierspjelden, kammen..”. “Hâld op, man! Hâld op. Sjogge jo net dat wy 't flaenende drok hawwe? Toe nou, sjutsje, avensear nou! Ik bliuw hjir de hiele dei net stean.”
“Ik sil wol beethâlde, dan moat mem marris slaen. Ik swit my dea”. “Eê hwat! 't Luije swit mei der wolris út. Dou moast de lea marris brûke.”
De keapman hie de fyts al swaeid en kroaske it hiem ôf. Twa jonges yn mânske overals klompen him nei. De manlju stienen him op in rigele oan te gapjen. “De koffer hast leech, keapman?”
De keapman seach by har lâns en trape fierder.
“Ha jo ek sjitgewearen mei klapperkes?” frege ien fan 'e jonges.
“Né,” sei de keapman.
“Ha jo ek raceauto's?”
“Né, jonge. Dou moatst foar my wei gean, dou rinst my lyk foar de fuotten.”
“Eê, kom ju, dy kearel hat neat,” rôp de oare dy't in trêdmannich achter de fyts roun.
“Miskien hat er wol in rokje foar dy. Moatst marris freegje,” lêbbe ien fan 'e manlju.
“Eê mon, doch sels mar in rokje oan!”
“Nou sil er nei jimmes ta, Pier. Meist de frou wol even warskôgje. Bist al oan in nij bûsgroentsje ta, wol 'k leauwe. Dut wurdt sa
| |
| |
sútrich.”
“Bliuw my fan 'e hûd!” gnoarre de man dy't pier hiet.
De keapman wie in reetsje opdraeid dêr't in dûbelde went en noch in inkeld hûs oan stienen. De manlju gyngen yn 'e berm sitten, de beide jonges strúnden efter him oan. De keapman sette de fyts tsjin in beam en sjoude mei koffer en tassen nei de doar en drukte de kruk del. De doar siet fêst en in skille wie der net. Hy stapte nei de twadde doar, dy't lossiet, en rôp om folk. Der kaem in jonge de hoeke fan it hûs om.
“Heu, tseard,” seinen de overaldragers.
“Is jim mem net thús, jong?” frege de keapman.
“Dy is hjirneist.”
“Hjirre? Nou, de doar sit fêst.”
“Se binne achter, tink,” sei de jonge.
De keapman sjoude om it hûs hinne nei it giele stiennene strjitsje tusken efterhûs en hokken. Hy seach nimmen efter it keukensrút. “Binne se hjirre?”
“Miskien wol” sei de jonge.
De keapman rôp folk en klapte de koffer iepen. De trije jonges stienen der op kop en earen by, wylst de keapman syn waer útstalde op it lid fan 'e koffer.
“Tink der in bytsje om, jonges, jim traepje my suver op 'e hannen.” “Follek!” rôp er nochris, mar it bleau stil yn 'e hûs.
“Helje jim mem ris op, jong.”
“Ik sil wol ris sjen.” Tseard die de klompen út en ferdwoun yn 'e hûs.
“Der sit allinne mar frouljusguod yn. Ha jo neat foar ús?”
“Jim mem woe neat keapje, jonges.”
“Mar ha jo wol hwat foar ús?”
“Messen, fluitsjes, kompassen.”
“Sit' dy hjiryn? Mei 'k ris sjen?”
Net oankomme, jonges.’
Tseard kaem wer yn it gonkje. ‘Us mem is hjir net.’
‘En buorfrou?’
‘Ek net.’
‘Hwer binne se dan?’
‘'k Wit net.’
De keapman die de koffer ticht en sjoude oer it strjitsje de daem út nei it lêste hûs. ‘Tseard! Wytse!’ rôpen de manlju. De jonges draefden fuort.
| |
| |
De keapman trof efterhûs trije froulju dy't drok yn petear wiennen. ‘Oe heden,’ bearde ien. ‘De keapman foar jo, Lyske! Ik sil mar gau nei hûs.’
Jo meije ek wol even yn 'e koffer sjen,’ noege de keapman.
‘Eê man, tinke jo dat 'k sneontomoarns oars neat to dwaen haw?’ Se stoep him foarby.
‘Ja, 'k sil sjen dat 'k de kofje brún krij,’ sei it oare frommis en skeat efter de earste oan.
‘Ik soe sizze, jo moatte alris even sjen, hwant ik ha goed spul, en jo sille grif hwat fan jou gading fine kinne. Jerappelskyldersmesken, stopnullen, spjelden, ylestyk, fyters, mesine-en hanjern....’ Hy hie de tassen delplante en die de koffer op.
Nou, dat sit sa, keapman, dat mei my op 't heden net barre.’
‘O, mar ik bin net djûr! Ik ha wol hwat foar krappe beurzen. Sjoch, stofkes om sels in jurk út to meitsjen. Trije meter is it en dan ha jo bêst genôch. Foar tove goune in jurkje.’
‘Né, dat moat 'k net ha.’
‘Reaven jern, suver wol. Fiif reaven ha jo in trui út foar josels of jou man.’
‘Né, ik moat hjoed mar neat ha. Letter marris wer sjen.’
‘Himden, broeken, Berneklean, kyltsjes, koarte broeken....’
‘Né, ik wurdt hjoed neat.’ Se roun de hûs yn en die de doar efter har ta.
De keapman sjoude it hiem ôf en it reedtsje del nei de dûbele went dêr't syn fyts stie. Hy sette de koffer toplak, hong de tassen oan it stjûr en karke it reedtsje út. De manlju stienen op 'e dyk en tusken harren seach er de trije jonges. De fyts skoude swier en it stjûr twong. Mar pas flakby de dyk, doe't er oer in losse stien ried, murk er dat de foarste bân leech wie. De mânlju seinen neat, gniisden net en glimken net. Hy liet ek neat skine, kriemde om harren hinne en sette fierder. De fiif, seis mânlju en de trije jonges folgen him.
Hy stiek de dyk oer nei in âld baeijert, in ferveleas en skurf hûs mei in heechoppich houten hok derefter dat ienris blauferve west hie mar nou út 'en grienens skynde en dutsen wie mei golfplaten. In man en in greatjonge stienen by in autowein mei in mannich heapakjes.
‘Soe der ek hwat wêze moatte fan 'e keapman?’
‘Dan soenen jo ris freegje moatte, hin,’ sei de man. Hy ging op it foarkret sitten en stoppe de piip út in plat blikken doaske. De mânlju en de jonges stoatskaefden it hiem op.
| |
| |
‘Ha jo ek even in fytspomp foar my?’
‘De bân lek?’
‘Lek, dat wol 'k net leauwe. Se sille him wol even holpen ha.’
‘Sjoch ris yn 'e skuorre, Sytse.’
De keapman sette de fyts tsjin it hok en sjoude nei foaren, dêr't er in doar sjoen hie. It grindpaedtsje derhinne wie oergroeid en oan 'e sydposten fan 'e doar sieten spinreagen. Hy drukte op 'e skille dy't grif fêstruostke siet, hwant it ding die inkeld ‘krik-krik’. De keapman wachte in setsje en kroaske doe werom nei de hûsside dêr't de manlju tsjin 'e wein oanhongen.
‘Moat ik hjirtroch?’
‘Moatte, dat net. Mar 't kin al.’ De mânlju gniisden.
De keapman gyng it hok yn en sette de koffer tusken de klompen del.
‘Folk yn?’
‘O, bin je nou dêrre? 'k Tocht dat je by de foardoar wiennen.’
It frommis birôlle de hannen yn 'e skelk. De ûnderjurk kaem in hanbré ûnder de rôk wei. Se wie hwat tsjelskonkich.
‘Ja, mar de bel woe net, dat sadwaende. Mar 'k ha jo al foun, Moat der ek hwat wêze?’
‘Dy bel docht it wol, hear. 'k Hie him wol heard.’
‘O? Nou, der kaem nimmen, dat ik tocht....’
‘Ik wie dwaende! Men kin net oeral by weirinne.’
Né, wisnet. Mar wol de frou ek ris yn 'e koffer sjen? Stoffen, de meter, waskhantsjes, handoeken, ôfdroegers, dweilen, tafellekkens, bloeskes, rokken....?’
‘Né, né, 'k soe 't net sizze.’
‘Stofdoeken, skuonpoets, bjinders, ôfwaskkwasten, tsjettels, kofjekannen, blikiepeners?’
‘Né, jo moat tinke, ik ha suver alles wol. Alles wol, hear. Der hoecht neat mear by.’
‘Jo binne baes.’ sei de keapman op in fleurige toan.
‘Ja,’ knikte it minske. ‘Já, hear.’
Hy knypeage yn it felle sinneljocht bûten. De fyts stie op itselde plak en de bân wie noch plat. Hy sette syn waer toplak en frege: ‘Gjin pomp fine kinnen?’
De gernier smookte troch en antwurde net.
Lekke bân, keapman?’ frege ien út 'e ploech.
‘Leech tominsten,’ sei de keapman.
‘Nou, dan sil er wol lek wêze.’
| |
| |
De mânlju lieten him strûpe, tominsten hy hearde neat efter him. In meter as fyftjin fierder ried er in eptich tegelpaedtsje op. De gordinen en blommen foar de ruten joegen it hûs in earmoedich boargerlik oansjen. Hy sette de fyts tsjin 'e muorre en gyng efterom nei in foech houten stoepe.
‘Nou is er by Thys,’ hearde er in jongeslûd.
Der kaem in âld man út it healtsjuster to foarskyn. ‘Gean mar fierder! Neat noadich, neat noadich.’ Hy wappere mei in biennige han en hie gjin gebyt mear yn 'e mûle. As er prate, wipte it kin efter de boarstlige snor op en del.
‘Mar kinne jo my dan ek helpe oan in fytspomp? Ik ha in lege bân.’
‘Fytspomp? Fytspomp? Dêrre!’ De earm skeat út en de finger wiisde nei it skud efter de keapman. Dêr hong in pomp tusken twa spikers.
‘Sik 'k him mar krije?’
‘Dat doch 'k sels,’ sei de âldbaes. Hy kaem op toffels ta de doar út en heakke de pomp los. ‘Nou mar. Ja, nou mar pompe.’
De keapman draeide it fentyl oan en knypte de slang derop fêst. By elke triuw skaefde it stjûr omheech tsjin 'e muorre oan.
‘Homar, homar,’ sei de âld man dy't de tûme op 'e bân holden hie. ‘Sa kin 't wol.’
De keapman lange him de pomp oer. ‘Freonlik bitanke.’
‘Sa is 't klear,’ sei de man en skeat de stoepe yn.
De mânlju stienen op 'e dyk mei de rêch nei him ta. Dy greatjonge, Sytse of Wytse, wie der ek by kommen. De keapman seach dat der oan 'e oare kant in betonpaedtsje lei nei in pleats en in dûbele went. Mar it paedtsje wie smel genôch om to fytsen mei sa'n bipakking. En om dat ein to rinnen....
‘Hy slacht jim oer, Teake! Moatst him even roppe. Toe ju!’
‘Hâld dy stil, ju.’
‘Heu, man! Jo slagge Teake-Tryn oer. Dy hat forlet fan heidebiezems.’
De keapman skoude fierder nei in suterich streekje huzen ûnder ien kap. Foardoarren wiennen der net. Hy ried de daem troch en skoude de fyts tusken huzings en hokken. Der stienen twa froulju to kletsen en der skopten jonges mei in bal om.
‘Och heare gwant! Ik bakjerinder!’
‘Kin jo it spul oars net kwyt dat je hjir komme?’
‘Jim moatte marris even sjen, froulju,’ sei de keapman wylst er de
| |
| |
fyts tsjin in hok sette. ‘Ik ha grif wol hwat dêr't jimme forlet fan hawwe.’ ‘Wy ha alline forlet fan sinten, hwat jo, Akke?’
It frommis lake.
De keapman lei de koffer iepen. ‘Sjoch, moaije stoffen, allegearre goedkeape kûpontsjes. Der kin in jurk út, of in rôk mei in hesje. Ik haw it ek wol yn dizze kleur, grien, mei in lyts figuerke...’
‘En hwa moat de naeister bitelje?’ frege it iene frommis. De oare sei: ‘Hy net.’
‘Mar as jim sels net fan naeijen hâlde, dan haw ik wol.... hjirre....’
‘Hwa seit dat wy dat net kinne, mar hwa hat it oan tiid mei in hûshâlding?’
‘Ik ha wol kant en kleare rokken. Foar froulju en famkes.’
‘Hoe djûr binne dy?’
‘Dizze komt op f 10,90. Dy op f 9,90. Dy ek. En dizze, dy is wer in slach djûrder, f 11,50. Mar dat is ek in bettere kwaliteit, fiel mar.’ De froulju rekken de stof net oan.
‘Us fanke hat yn 'e útforkeap in rokje kocht fan f 8,50. En moai!’
‘Ja, mar dat is treffen. En mei de útfoarkeap, dat kostet jo in middei plus in buskaertsje.’
De froulju sweijen. De mânlju kamen troch de daem en bleauwen op in distânsje stean.
‘De froulju ha grif wol forlet fan waskhantsjes, handoeken. Sjoch, it binne rojale dingen foar in priis fan f 5,90. Net djûr, nou? Tafellekkens, tafelswilkjes....’
‘Hy set jim ôf!’ rôp ien út 'e ploech.
‘It is allegear rotsoai.’
De keapman loek mei de mûle en skodholle as woe er dy tergjende lûden fan him ôf skodzje.
‘Ha jo miskien in gleske wetter foar my?’
‘'t Is near, hin?’ sei it neiste frommis.
De keapman knikte en switfage mei in greate reade bûsdoek. ‘Kin 'k wol hwat wetter fan jo krije?’
‘Dêr is de kraen,’ wiisde it frommis mei de holle.
De keapman makke in kûm fan syn hân en sloarpe it koele wetter op.
‘Moatst him bitelje litte, Akke. Wetter kostet ek jild!’
‘Kinst der wol in broek foar freegje.’
Se gniisden wakker en der waerd mear sein, mar dat koenen de froulju en de keapman net forstean.
| |
| |
It frommis gniisde fiis nei har buorfrou. ‘Dat sil der wol net oansitte!’
De keapman sloech it wetter fan 'e hân. ‘Tink der ris even om, jonges,’ sei er tsjin 'e bern dy't yn syn koffer stienen to sjen. Hy stroep de snelbiners fan it reiden kofferke achter op 'e fyts en helle it lid derôf. De jonges kamen tichterby, de froulju stienen ek to sjen en de mânlju folgen de biwegingen op in distânsje. ‘Sjoch, dit is foar jimme, foar it drinken. Elk ien.’ Hy joech se beide in read plestiken fluitsje. De jonges setten it fluitsje oan 'e mûle en blaesden om it lûdst.
‘Hâld jim de bek, bern! Gean de dyk út!’
De keapman knikte de froulju ta en karke nei it twadde dûbele hok efter it folgjende pear doarren en bjinhouten.
‘Nou giet er nei dyn wiif, Lolke, en nei dines.’
‘Dêr giet jim wyklean, mannen!’
‘Se sille wol wizer wêze.’
De mânlju stapten de strjitsjes oer tusken huzen en hokken en de beide froulju en bern gyngen mei.
‘Dêr net! Myn wiif hoecht neat!’
De keapman, op healwei nei de doar, sette de koffer del en draeide him om nei it keppel folk en liet syn eagen hinne en wer gean. Se stienen skouder oan skouder.
‘Hwa sei dat?’
‘Hwa? Ikke! Hwat woestou hjir!’
‘Is jou frou net thûs?’
‘Jawol, mar se hoecht dyn djûre rotsoai net!’
De keapman naem de koffer wer op en stapte oer it bjinhout.
‘Mines hoecht ek neat. Donderje mar gau op!’
Mar beide doarren gyngen suver tegelyk op en twa sloanzen stienen nei de keapman en it folk to gapjen. ‘Nou, hwat ha wy hjir?’
‘Jo ha hjir neat mear to sykjen, kearee!’
‘Hwat moat dy man hjir?’
De keapman stapte nei de fyts dêr't de mânlju heal foar stienen. ‘Mei ik even rûmte!’
‘Sjit mar op!’
En doe bigriep de keapman hwerom't se foar syn fyts stean gien wienen. De greatjonge lei op 'e knibbels oan it fentyl fan 'e achterbân to fingerjen.
‘Dou oerkommeling! Bliuw derôf!’
Hy snapte de jonge by de kraech, mar dy skuorde him los en fleach
| |
| |
om it hok hinne. De keapman roun him in pear stappen nei, mar hy doarst ek net by syn negoasje wei.
‘Ik ha 't fentyl! Ik ha 't fentyl!’ raesde de jonge. De mânlju en froulju gûlden fan wille.
De keapman boun redsum de koffer fêst en skoude fuort. De minsken rôpen en laken, de bern fluiten, de greatjonge kaem mei de taknypte hân omheech wer hwat tichterby.
‘Toe mar, ju!’ In kearel sette de kloamp tsjin it spatskerm en joech in wâd. De keapman tûmele foarût my de fyts. Se laken. In oarenien joech in hoart oan it reiden kofferke. De keapman bleau stean en kearde him om. ‘Kinne jim de hannen net thúshâlde?’
‘Trochrinne!’
‘Hâld de bek!’
‘Soal op, fint!’
Hy roun de daem út de dyk op. Wer joech immen in triuw tsjin it kofferke, en dêr gied it ûnder de snelbiners wei op 'e bikke stiennen. ‘Hé ju, dyn koffer!’
De keapman bleau stean, mar wist net hoe't er soe. Hy koe de fyts net mei ien hân hâlde om it kofferke op to pakken. ‘Pak it mar, ju. It is dyn eigen, net?’
De keapman sette de fyts in eintsje fierder tsjin in ljochtpeal. Immen skopte him it kofferke efternei de dyk op.
‘Bliuw derôf!’ rôp de keapman.
‘Pak dy rommel dan op!’
De keapman bûgde him nei it kofferke, mar ien reage it mei de klomp foar syn hannen wei en tagelyk krige er in skop ûnder de kont dat er efter it kofferke oan dûkele. Doe wie it makke. Se skopten it kofferke as in fuotbal de dyk oar. It lid rekke derôf en messen, riemen, fluitsjen, kralen, prikblokken en autootsjes rôllen de dyk oer. De bern fleagen derop ta en hienen de knûsten fol.
‘Ofbliuwe! Bliuw derôf!’ rôp de keapman. Hy raemde ien fan 'e bern by de earmen ûnthelle him it boartersding. It bern sette it op 'en moartsjen.
‘Moatstou dy jonge tramtearje, dou smoarch stik ûngelok!’ raesde in frommis.
Hy krige in klap yn 'e nekke, dat er foarút stroffels, mar in kearel stompte him yn 't boarst en kearde him op. ‘Hwat woestou?’ Woestou hwat?’ De keapman seach wyld om him hinne, die wer in hael nei it iepene kofferke en liet him der skonkje-oer op del falle. Se skopten tsjin it kofferke en tsjin syn skonken. ‘Donderje op!’
| |
| |
Doe rôp der immen: ‘Heu, heu! Hwat sil dit bitsjutte!’
De plysjeman út it buordoarp dy't inkeldris hjir oan ta fytste as it waer útlokke, stie neist de fyts fan 'e iene op 'e oare to sjen.
‘Nou, hwat is hjir to rêdden?’
‘Eê, dy fint, dy slacht de bern!’
‘Se ha my bistellen!’ rôp de keapman. Hy gyng stean en knypte it skansearre kofferke tsjin him oan. ‘Se ha my de boel stikkenskopt en se ha....’
‘Hy lycht! Dy smearlap lycht!’ rôpen se. ‘Hy hat dy lytse jonge ôfknoffele. Pak dy fint op! Hy moat fordoarje syn smoarge bek hâlde, oars sille wy him wolris even geweken nimme!’
‘Nou, nou! Hâld jim ris stil! It spul mar op 'e fyts. Oan 'e kant, jim, lit ús der ris troch. Hwer is jou fyts?’
‘Ik moat it lid noch ha,’ sei de keapman.
‘It lid? Hwer is dat lid?’
Der mompelen in pear hwat: ‘Noait in lid sjoen. Sier der in lid op?’
‘Is dut it?’ frege in frommis. Se joech de plysje it stikkene deksel oer.
‘Hjir is 't al! 't Lid derop en op 'e fyts it spul’.
‘Se ha de helt derút stellen!’ sei de keapman.
‘Hy lycht it allegear! Hy hat it sels knoffelje litten!’
‘Op 'e fyts it spul!’
De keapman bûgde it deksel yn 'e fûgen en paste it op it kofferke. De snelbiner hold it wol byinoer.
‘En nou ride!’
‘De bân is leech! Se ha 't fentyl derút helle!’
‘Hwa hat dat fentyl?’ De plysje seach de lju oan, mar dy swijden ûnder skeane, healtaknypte eagen. ‘Dan mar rinne. Kom, man. Jo kinne hjir net steanbliuwe. Hwat dogge jo hjir ek!’
De keapman karke troch en seach op noch om. De plysje seach ris oer it skouder doe't se sahwat oardel hûndert meter bûten it doarp wienen. Hy slingere de skonk oer 't seal en fytste fuort. De keapman sjokte troch.
‘Heden, heden!’ De tongen kamen wer los. Se rôpen trochinoar hinne en gniisden.
‘Heit! Ik ha in mes.’
‘Hâld dy stil! Stek yn 'e bûs!’
Se setten nei hûs ta. Man, it hie allang kofjetiid west! It wie by healwei alven! De tiid wie omflein.
|
|