Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 22] [p. 22] Geart van der Zwaag / De tromslagger hy hat it drok en hy makket him drok mar wier is it der is tsjintwurdich gauris hwat to rêdden it ding krijt sokke roffels op 'e hûd jo soene sizze trommen wurde makke fan minskefel en myn trommelflues wit der fan ien grize dou dôf oars alle fûgels opjage de tromslagger is ek in minske bûm sjoch hoe't er knypt mei de eagen Vorige Volgende