It stedtsje / Meindert Bylsma
It is in lyts stêdtsje, in lyts jachterich stêdtsje. De minsken ite steandewei gau gau in boardfol snert, of in útsmiter mei in kop kofje, en dûke dan wer yn 'e auto nei in nije ôfspraek, en it ûnthjit fan in fette provisy. Hja biloere elkoar út it eachpunt fan oan hwa kin ik it measte fortsjinje.
En dan ynienen kin der in skok fan net forwacht sentiment troch it stêdtsje raze. It is, of hâldt elke produksje eefkes de siken yn, of sil de komputer him samar 10% forrekkenje nei de kant fan Sjouke dy't de skilen ophellet. Faeks komt er net iens op de pounskaerten foar, mar op sokke momenten heart er der ek by.
De hiele stêd wit it dan ek yn in eachwink: der is in poppe út 'e wein stellen doe't de mem eefkes gjin omtinken hie. Elkenien fortelt oan elkenien fan syn great meilijen mei de âlden, mar foaral mei de mem. Earne oan 'e rânne fan 'e stêd kin in oare mem ynienen gjin lucht mear krije as hja yn 'e widze sjocht: hy is leech! Mar dan bigjint der in bern to gûlen en hja kin wer sykhelje: hja wie forgetten dat it bern boppe yn syn bêdtsje lei.
Sa wurket de skok oan't yn 'e fierste úthoeken fan 'e stêd. Eefkes mar, en dan krije it wurk, it waer, de boadskippen en de ôfwask, har gerak wer. Allinnich yn 'e buert fan it plak dêr't it barde, kin men der noch hwat fan merkbite. Plysjes slute strjitten ôf, en in gûlende mem wurdt fuortbrocht.
In healûre nei it foarfal is it stêdtsje wer like jachterich as earst. De produksje draeit wer op folle toeren, de komputer makket in automatyske korreksje, en de minsken forflokke de plysjes om it kertier opûnthâld.
Earne yn in greate boartersguodwinkel lûkt in lyts famke har heit en mem mei nei de poppen.
- Dy pop wol ik ha, dy kin út himsels biwege, ik haw it sels sjoen. -