It spoar bjuster / Meindert Bylsma
Ynspekteur Land hat in min sin. Fan 'e moarn moast er op it matsje komme by de kommissaris:
- Der binne yn it lêste fearnsjier 3 froulju fordwoun. Jo hawwe de lieding fan it ûndersiik. Jo binne noch neat fierder kaem. It ienichste dat ik út jo rapporten lêze kin, is dat alle 3 slachtoffers foar't lêst yn 'e haedstrjitte sjoen binne. Dêr moat dus ek de oplossing to finen wêze. Ik forwachtsje meikoarten sukses fan jo. De kranten bigjinne der ek al oer to skriuwen dat it sa lang duorret. -
Dêr koe ynspekteur Land it mar wer mei dwaen.
Dêrom rint er nou ek yn 'e haedstrjitte. Dêrom hat er nou ek in pûr min sin.
It like sa'n ienfâldige saek. De earste kear dat der in frou as formist opjown waerd, rekke men it spoar bjuster yn 'e haedstrjitte. Doe't der in goed moanne letter wer in frommiske fordwoun, roun it spoar alwer nei de haedstrjitte. De konklúsje lei foar de hân: dêr moast de oplossing to finen wêze. Alle biskikbere minsken waerden ynset. Fan elk hûs waerden de biwenners ûnderfrege.
- It is mar in kwestje fan in pear wike mear -, hie Land opskepperich tsjin 'e kommissaris sein.
Dat is nou al wer 5 wike lyn. Yn 'e tuskentiid is der opnij in frommiske fordwoun, en alwer giet it spoar nei de haedstrjitte.
- Fordomme noch oan ta -, grommelt Land yn himsels. Syn harsens wurkje op heechspanning. Mar it fonkje fan: - dat ik dêr net earder oan tocht hie -, wol mar net komme. Hawar, it rint tsjin tolven, en lulke kommissarissen of net, de mage freget sines ek. Yn hotel It Sintrum, trije moanne lyn iepene, bistelt er de spesialiteit fan it hûs: bakte ierdappeltsjes mei slaed en fan dy kostlike stikjes fleis.