Trotwaer. Jaargang 2
(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 10]
| |
[pagina 11]
| |
As lead om ald izer? Nee, op libben en dea / Josse de HaanIt unike feit docht him foar, dat der tagelyk twa bondels fan ien en deselde dichter (Daniël Daen, ps. foar Willem Abma) op 'e literaire merk kommen binne. Nei myn bitinken is it nea earder bard en sil it ek wol noait wer foarfalle. En dat is ek mar to hoopjen, hwant it hat as sadanich gjin inkelde sin, noch ôfsjoen fan forkeapswierrichheden en sokssahwat. Twaddens is it unyk om't de bondels gjin fersen allinne bifetsje, mar as in gehiel fan fersen, foto's en etsen troch de dichter Daniël Daen en de grafikus Jan Stroosma gearstald binne. Sy woene in yntegraesje fan tael en byld. Ta hwat foar hichte dit slagge is, sil aensens bliken dwaen. De kwaliteit fan de twadde bondel ‘op libben en dea’ stie foar de hearen Van der Mark en Straatsma as in peal boppe wetter: ommers sy skikten elk in bidrach oan de hearen Daen en Stroosma ta fan resp. f 350, - (anjerfouns) en f 325, - (taelbifuordering). It sil wol mei kultureel bilied to krijen ha (of krekt net, mar dat is net oan my om to bioardieljen).
De twa bondels fan Daniël Daen/Jan Stroosma binne neffens my kwa layout in stap yn de rjochting dy't wy sa njonkelytsen ha moatte. Binnen- en bûtenwurk binne goed forsoarge, en binammen de earste is hwat útfiering oanbilanget tige moai. De Fryske merk soe faker sok spul to forarbeidzjen krije moatte. De forsoarging fan in boek is tige wichtich. Ek dit faset soe mear omtinken jown wurde moatte, tocht my. Hwat my yn't foarste plak opfalt by dizze beide bondels is de gearwurking tusken in dichter en in byldzjend kunstner. De iene kunstner forwurket syn | |
[pagina 12]
| |
ideeën, gefoelens en krityk yn etswurk en foto's, wylst de oare de tael brûkt as wurkmateriael om him to úterjen. In gearwurking tusken twa fan sokke fan elkoar tige forskillende kunstfoarmen easket fan de kunstners mear as in sljuchtweihinne oparbeidzjen. Der sil in sa mooglik totale yntegraesje ûntstean moatte, sa, dat der in greater gehiel ûntstiet. Is dit birikt, dan sil it meihelpe om de minsken better en faker to ynteressearjen. Ommers, twa foarmen fan kommunikaesje, elkoar stypjend, lizze in forbining (kinne alteast in forbining lizze) ta in greater gehiel. Yn de bondel ‘de âlde en de leave hear’ fyn ik op forskate plakken in reële yntegraesje tusken fers en foto. Bygelyks, ‘de hallusinaesje fan jan hin’ mei de dizenige sânfoto, dy't ôfsjoen fan ‘jan hin’ tige op elkoar ôfstimd binne. Ek it fers ‘it gelyk fan abraham cohen’ foarmt mei de foto der boppe in optimael yntegraerjend gehiel. Jan Stroosma's oanfielen fan dit fers (it bist yn de mins) wurdt mei de foto ûnderstreke. It fers ‘prénatale dea’ mei de surrealistysk oandwaende bútenwrâldske siedsellen fyn ik in hichtepunt yn de bondel. Byld en wurd sizze togearre mear as hwat ien kunstfoarm allinne dwaen kinnen hie. Fierdere kombinaesjes dy't elk foar harsels tige sprekke, binne ‘de dea foar eagen’, ‘1/11/'68’, ‘anno 2110’ en ‘eksistinsje’. Yn de twadde bondel ‘op libben en dea’ komt de yntegraesje noch better ta stân. De foto's/etsen fyn ik persoanlik hast better dan dy út de earste bondel. Se binne poetysker (soms ek hurder, mar hurde foto's binne faeks wol poëtysk). De fersen ‘nucleair’, ‘in forskil’, ‘foetael’, ‘nei forrin fan tiid’, ‘in deagewoante’, ‘er’, ‘forsyk’, ‘clean’ en ‘ekskursy’ mei de respektivelike foto's/etsen binne elk foar harsels as twaïenheit slagge, goed slagge. De poëtyske strukturen fan Jan Stroosma binne tige de muoite wurdich, in foarm fan poëzij, en kunstfoarm op himsels.
Yn wêzen is it net rjochtfeardich en knip de fersen los fan de ‘yllustraesjes’, om't se sa faek in tige yntegraerjend gehiel foarmje. Dochs liket it my wol nijsgjirrich om inkelde fersen neijer to bisjen en sadwaende ta in oardiel oer de fersen as sadanich to kommen. Yn it ‘Satans Groot Woordenboek’ fan Ambrose Bierce biskriuwt de skriuwer it bigryp PIAS ûngefear op de folgjende manier: ‘yn earder tiden in ambtner dy't forboun wie oan it hof fan de kening en de opdracht hie de kening en syn freonen to formeitsjen mei gekke hannelingen en útspraken, hwerfan it bilachlike noch ûnderstreke waerd troch syn gek pak. Om't de kening sels tige waerdich klaeijd gong, hat it inkelde ieuwen duorre, foar't de wrâld yn 'e gaten krige dat syn hannelingen en útspraken allinne al om to laitsjen wiene, net allinne foar it hof, mar foar de hiele wrâld’. As ik sa'n útspraek mei ynhâld trochlûken gean, soe ik de PIAS forgelykje wolle mei de dichter, dy't al dwaende de kapriolen fan de ‘keningen’ oan 'e oarder stelt (ironysk, satyrysk, sarkastysk en soms leaf). My tocht, dat de dichter Daniël Daen yn dizze twa bondels op sa'n wize wurke hat. Yn syn fersen sprekt soms in tige engageard-wêzen mei de tsjintwurdige tiid, bgl. (út: | |
[pagina 13]
| |
‘de âlde en de leave hear’):
it gelyk fan abraham cohen
it boalske yn 'e minske hat him forklaeijd
as in emeferide yn 'e ivichheit
alle dagen foroarje har methoaden
foar hwa't net leaut
hy kin toplak by joaden
It is net allinne in polityk engageard wêzen dat nei foaren komt, hwant ek faek sprekt út 'e fersen in omkeard bitrutsen-wêzen-by, in twifel oan it bistean as sadanich, oan de wrâld, oan himsels. Poëzij is in bulte argewaesje, mar dat net allinne, hwant soe poëzij allinne argewaesje bitsjutte, dan hold de poëzij op to bistean. Dichtkunst soe dan gewoan polityk gewriuw en geskriuw wêze, byneed polemysk gewraksel. Poëzij is krekt in fraksje mear, it is it alternatyf foar it deistige klisjee, en as sadanich kin it de minsken losmeitsje fan fêstrustke foaroardielen. De greate krityske funksje fan de poëzij is dúdlik: it oantaesten fan de klisjees yn wurdgebrûk en tinkstelsels. De oanlieding ta in fers sil it kreative elemint wêze om in emosjoneel of yntellektueel aspekt yn en middels it fers op 'e foargroun to setten. Dizze fasetten spylje by Daniël Daen in wichtige rol. Hy is mei hûd en hier bitrutsen by it greatste part fan syn fersen. It binne gjin wurdboarterijkes lykas noch tofolle foarkomt (en dan trochgean moat foar eksperimenteel, of poëzij). It ûnpersoanlike, frijbliuwende fers sil men net faek tsjinkomme yn de bondels. Ien, my hwat al to frijbliuwend (wol mei in ironyske ûndertoan), soe'k neame kinne: ‘in forskil twa tûzen jier forlyn / roun de hear / jezus fan nazareth / syn route nei golgotha / dat dit in histoarysk barren is / leit him minder oan it rinnen as oan de hear / ek hjoeddeistigen yn harren “house of england” snit / geane / as hearen / de via dolorosa / sûnder it perspektyf histoarje to skriuwen.’
Yn dit fers ûntbrekt it oan in persoanlik ritme. De fersrigels wurde bipaeld troch it natuerlike proazaritme (it rint soms ek synchroon, mar it is gjin aksioma). Dit fers is in stik proaza, sûnder mear, hwant it hat úteinlik gjin ritmyske basis. Dizze poëzij is gjin ekspressy mear, mar impressy. Engagemint, persoanlikheit en antiklisjees ûntbrekke folslein. Der binne oare fersen dy't folle better binne, en to krijen ha mei it Leauwen, de Erotyk en de Wrâld. Lykas Jan Wolkers (mar hy yn romans) bisiket ek Daniël Daen it dilemma tusken in ûnfrije, kristlike opfieding en in hâlden en dragen nou to biskriuwen, to analysearjen en to kritysearjen. De heit, soms Heit, - dit is: de god, de autoriteit, de supermacht, it Befehl ist Befehl - hat it swier to forduorjen. En | |
[pagina 14]
| |
mei rjocht en reden. Yn in tige eigen, soms emosjonele styl bringt de dichter de eleminten op it toniel. Hurd en forneatigjend, bygelyks yn:
‘projeksy
ik bin in wolvejong
opgroeid yn in formidden
leafdeleas
fan in diktator en skrutene skiters
ik siz god is dea
en alles hwat dermei anneks is
hjoed haw ik myn heit bigroeven
hjoed haw ik
Myn Heit
bigroeven
leafdeleas’
Sa'n fers hat in úterste foarm fan persoanlik engageard wêzen. De lêzer wurdt twongen yn dit spanningsfiild to stappen, men fielt de dramatyk. In hiele wrâld fan misbigryp, ûntflechting en to skoar setten falt op jin del, letterlik dellein yn: ‘sneintojoun: it reittêk raest it wer nei boppen / de ruten springe útinoar / fan / lukas / keesje dénik / “oan des Heilands fuotten” / en wer / ik kloatsek set my / wer / to skoar’. Sokke fersen binne foar myn gefoel foar hûndert persint poëzij, hwant de tael sit fol mei elan en yntensiteit, sûnder sliten klisjees. It fers is in persoanlike ekspressy, forwurde yn in antyromantysk engagemint. Men soe it leafdeleaze poëzij neame kinne. De hiele earste bondel bistiet út in loswrakseljen fan de tinkpatroanen en strukturen, mar tagelyk ljochtet in opnij bigjinnen op fan in nije wrâld. De fersen lykje faek ynhumaen, sarkastysk en wreed (en soms binne se it ek). Se sprekke in tige persoanlike kleur; se geane út fan in nau bitrutsen wêzen by de situaesje. De autoriteit, it libben, de dea en soms de leafde (mar de lêste minder bilibjend) spylje as machten in forname rol. Soms blykt in sosjael engagemint (‘dea fan in arbeider’). God - en binammen syn trawanten op ierde - fungeart as oplader, en as sadanich kin men ‘de âlde en de leave hear as lead om âld izer’ in wiere kristlike poëzijbondel neame (hwat net as in dekwalifikaesje bidoeld is, mar krektoarsom). De bondel ‘op libben en dea’ is rommer fan opset, binammen hwat de thematyk oanbilanget. De bitrutsenheit op ien ûnderwurp (God, c.s.) is folle minder, en dêrtroch faeks wrâldsker, en dus algemiener, mar net per definysje poetysker. In sterk fers yn al syn koarte unformaesje is: ‘koartsluting: ik haw myn leafste skille / en om 'e wille fan it goed begryp / myn finger oan 'e loop / troch hoarn en line is / myn stimme hoar / as ik op kilometers ôfstân yn har | |
[pagina 15]
| |
boar / metafisysk sied / dat dript fan magysk wiet / har eisel-wurden ha bifruchte: / in miskream / hwat woun like is forlern’.
Ik leau dat de twadde bondel in bigjin is fan in mear symboalysker foarm fan dichtsjen, rommer en universeler. It trochsetten fan de thematyk yn de earste bondel hie in dearinnen bitsjutten. It is to hoopjen dat retoryk en bombast net de oerhân krije, sa't dy yn de lêste bondel wolris hwat to faek foarkomme, hwant dan soe de dichter syn doel glêd foarbysjitte. Soms docht er dat al yn in al to maklik boartsjen mei wurden, bgl. yn: ‘in opmerking: it paradys hie it paradys net west / as der gjin slangen west hiene / in moai paradys / en ek yn: ‘in misbigryp: eangje net / wurdt tsjin ús leauwigen sein / op 'e drompel fan 'e gaskeamer / “jimme religieuze ûntsnappingsklausule is ommers in god” / en homonimysk gniisde er / ynsté fan god kaem gas nei binnen / troch in gat’.
De twadde bondel is wikselfalliger as de earste, dy't foar in great part boud is rounom ien thema, en miskien ek dêrtroch wol sterk to neamen is. ‘op libben en dea’ fyn'k swakker, frijbliuwender en soms ûnpersoanliker. Neist hiele sterke fersen komme der hiele swakke yn foar. It boadskip efteryn is wol aerdich, mar hat mei de bondel as sadanich neat to krijen, lykas de annotaesje yn bondel ien. Soks neam ik irrelefant.
Resumearjend kin sein wurde dat tige hurde fersen folge wurde troch poëtysk teare, mei in ûndergroun fan humor. De fersen, binammen yn de earste bondel ‘de âlde en de leave hear’ geane rjocht op it doel ôf. Eksperimintele wurdboarterijkes binne komselden oanwêzich. De tsjinstelling súver visuele, yntellektuele poëzij en de folle direkter oansprekkender fersen, dy't foaral foar poëzijheppenings bidoeld binne, is net to finen. It auditive elemint is minder oanwêzich, binammen yn de twadde bondel, dy't dan soms ek yntellektualistyske steriliteit meibringt. Yn de hjoeddeiske Fryske literatuer binne dizze fersen sûnder mear eigen luden, net eksperiminteel, mar wol eksperimintearjend mei gegevens en thema's. De fersen binne faek ynhumaen om't se oer de klisjeetael hinne wâdzje. It is in tael fol forskrikkingen, om't it de mins yn kontakt bringt mei de oare mins yn de foarm fan ûnminsklike bylden út de natuer, de hel, de himel, it hillige en de bernetiid. Yn in op oalje rinnende en in yn oalje swimmende maetskippij kinne sokke fersen wichtich wêze. De striid fan dizze dichter is minsklik yn syn ûnminsklikheit. Daniël Daen taest de mandarijnen fan 'e maetskippij yn't krús. It is tagelyk syn maetskippij, mar úzes ek. Der binne fersen by mei dûbeld fel foar de kop: skyl se skjin oant de kearn oerbliuwt. Om it mei in Frysk understatement to sizzen: der binne minder ûnder de Fryske dichters as dizze D.D.
Herbeam/april '70. |
|