It lytse jonkje / Meindert Bylsma
It lytse jonkje sit op it tegelpaedtsje efter hûs. Ut in gatsje tusken twa tegels komme allegearre grappige beestjes. Hiel foarsichtich stekt it lytse jonkje syn fingerke út en lit der in pear opkrûpe. Mei in earnstich gesichtsje sjocht er de dierkes nei as hja by syn bleate earms opklimme. Komme se to heech, dan set er syn oare hân derfoar, en it feest bigjint opnij. As er fuort moat om in suertsje of sa, lit er se hiel foarsichtich wer op 'e groun krûpe.
Dêr komt mem oan. It jonkje laket. Mem wol ek meiboartsje. Hja jit it gatsje fol sierend wetter en giet wer yn 'e hûs. It jonkje leit op 'e noas by it gatsje to wachtsjen.
Dan sjocht er mei eagen dy't great binne fan net bigripen nei syn mem, dy't efter it keukensrút drok dwaende is mei it middeismiel.