Klaas Tuinenga/
De plicht goed to sitearjen
‘Technikus Klaes Tuinenga fan O.F. hat hast in hiele middei praet oer aspekten op it mêd fan lûd en poëzij. Hy moast letter bikenne dat er it gefoel hie dat der yn wêzen neat oerkommen wie.’
Oan't safier Josse de Haan yn syn artikel - FRYSLAN: status kwo - (Trotwaer feb. '70 blz. 29).
Op woansdei 16 april '69 haw ik op oanstean fan mysels praet mei Heinze Bakker yn 'e RONO studio yn 'e Prinsentún fan trije oan 't fjouwer ûre.
Reden: ‘Operaesje Fers’ wol de dichters dy't der foar fiele de kâns jaen har poëzij mei lûd (combo of sokssahwat) to yllustrearjen. Kinne wy dêrta de faciliteiten dy't de RONO studio yn Ljouwert hat, binutsje.
It andert fan Heinze Bakker wie: ja; wol fan 'e studioromte, mar net fan 'e apparatuer. Dit om't de RONO fanwege finânsjes in tokoart oan technyske lju hat.
Dy technyske lju dy't dêr wurkje, moatte út Grins komme. Mar soe it program dat opnommen wurdt ek gaedlik wêze om útstjûrd to wurden troch de RONO, dan koene der wol lju út Grins komme.
Mei dit andert wie ik kon tint. Dit andert wie net ôfwizend, it wie posityf. Sjoen de situaesje dêr't de RONO yn forkeart, koe ik net mear forwachtsje.
Dat dizze situaesje foroarje moat, bin ik folslein mei Josse iens. De RONO Ljouwert kin, né moat in taek hawwe as sintrum fan regionale radio en dan net in suver technyske, mar ek in stimulearjende. It kin wêze dat dit euvel oan dy minsken dêr leit, mar om't it krap om komt, kinne hja ek net folle.
Ofsjoen fan 'e finânsjes: nei Bakker syn tasizzing hawwe wy praet oer de takomst fan 'e RONO Ljouwert. Ik wie binijd nei de plannen fan 'e RONO Ljouwert nou 't der praet wie fan regionale radio en telefyzje (Amsterdam, Zwolle). Doe die bliken dat der gjin fizy wie. Om 't de úntjowing fan de kommunikaesjemedia yn dizze tiid my ynteressearret, probearre ik hwat to fornimmen oer takomstplannen, al soene dat ek loftkastielen wêze. Mar fjûr wie der net, en oer wêzentlike of ûnwêzentlike plannen koe of woe Heinze Bakker my neat fordútse.
Dit lêste sil Josse him mei forsind hawwe doe't er my oanhelle hat.
Dit forsin wie forfelend, om't saeklik sjoen de RONO Ljouwert en Operaesje Fers dúdlik ta in ôfspraek kommen binne.
Wolle Josse syn útstellen fortuten dwaen, dan moat er op 'e prik oanboarje. Hy moat de minsken de kâns net jaen him op syn swakke stéen oan to fallen. Net eltsenien wol of kin it tinken efter Josse syn skriuwen bifetsje.