skriuwers dy't in manuskript oan it FLMD ôfstien hawwe. En dan bisjogge wy de mooglikheden foar it FLMD. In foar de hân lizzende réaksje soe dan wêze kinne: Hwat moatte wy yn godsnamme mei dit papierpakhús? Hawwe wy slach levere om dit drôfgeastige mausoleum? (It festje fan Harmen Sytstra, it knypbrultsje fan Obe Postma, de maiskolven piip fan Fedde Schurer.) Hwat moatte wy mei dy brod? (Ta goed bigryp, ik haw dit - mar hwat parlemintairder - ek skreaun yn myn sollisitaesjebrief. Stom miskien.) En hwat moatte jo mei al dy manuskripten, typoskripten en printkladden? Hwat myn eigen spul bitreft, dat hat gjin wearde. As ik it manuskript oertikje, foroarje ik suver neat. Mar goed, miskien binne der manuskripten dy't ôfwike fan it typoskript, en dat wer fan it boekwurk - hwa hat tiid en nocht om to bisjen oft de wizigingen relevant binne? Hwa wol dêr in stilistyke stúdzje oan wije? Gjin mins. Dêrom binne de yn potinsje weardefolle manu- en typoskripten yn praktyk ek weardeleas. As jo dêrom manuskripten sammelje wolle, moatte jo tagelyk in rounte fan lju byienbringe dy't dy saek bistudearje wol. (Hint foar Dam). In mannich stielen kasten fol bitypt papier en kranteknipsels rjochtfeardigje net de kosten fan in gebou en twa man personeel.
Kinne dy mannen oars neat dwaen? Ja, ik soe sizze: sammelje út kranten en tydskriften jierliks de kritiken en op 'e literatuer bitrekking hawwende artikeltsjes en meitsje dêr in steensele of fotokopiëarre boekwurk fan yn, lit sizze, 500 eksimplaren en stjûr dat ta oan (subsidiëarjende) biblioteken en stipers fan it FLMD. Tagelyk kinne jo in (losblêddige) yndieling per skriuwer meitsje (foar it FLMD sels en foar PB, Akademy, universiteiten en partikulieren dy't der in pear sinten foar oer ha. De skriuwer sels moat alles hwat op syn wurk bitrekking hat om 'e nocht tastjûrd wurde.) Sa meitsje jo it essayisten maklik in stúdzje to skriuwen oer Xstra, en sa krije bilangstellenden in handich oersjoch oer in jier literaire kreauwerij. Hwat soe it aerdich wêze as takom jier in boekwurk forskynde hweryn't û.o de koarte kommentaerkes stienen dy't Rink van der Velde skreaun hat op (stikken út) Trotwaer yn syn Fries Mozaiek. Bygelyks.
It FLMD kin mear dwaen as it nou docht. Mar seure oer dat ynaktive bistjûr hat gjin sin. Fan seuren wurde se neat aktiver, dy mannen. It is better om mei idéen to kommen en it bistjûr in wurkteam oan to bieden dat dy idéen útfiere wol. Pas as bliken die dat se dat net akseptearje woene, soe praet wurde kinne oer forfanging fan bistjûrsleden. Ynbring rjochtfeardiget ynspraek.
De Fryske Akademy - de literaire ôfdieling: Poortinga. Ik bin der wis fan dat ik faker as hwa jonge skriuwer ek de kaertebakken op Poortinga syn ôfdieling oer de kop hawn haw. Hy hat my alle frijheit litten en my skewield mei fotokopyen en bibliografyen. Dat der net mear gebrûk makke wurdt fan Poortinga syn materiaelsamlingen, hwa syn skuld is dat?
Ik leau net dat de Haan syn skernekroaderij útkomst bringt. Lit Poortinga mar stil mei in forgreatglês de manuskripten fan Joast Halbertsma bistudearje. (Woestou dat dwaen? Ik net graech!)
Ik leau ál dat Poortinga de rounte fan it Literair-Histoarysk Wurkforbân werris gearroppe moast om it plan fan Van der Mark, in stúdzje oer de literatuer fan 1900-1940, (sjoch De Tsjerne fan hûndert jier lyn), to bipraten. Mar as Poortinga dat docht - en ik soe him út dit omstriden tydskrift wei taroppe wolle: doch dat! - lit dêr dan ek in pear jongere minsken forskine, dy't hwat dwáén wolle, oars stiet Josse de Haan mei syn ludike plannen foar aep. En wy allegear, jaseker!
Oer Koartehimmen haw ik forline hjerst skreaun: allinne de ynspraek fan it manuskript telt. Hwat it FLMD en it Lit-Hist-Wurkforbân bitreft, soe ik sizze wolle: allinne de ynbring fan idéen en wurkkrêft telt. It easkjen fan ynspraek bleatwei is itselde as it blazen yn in mikrofoan om to sjen oft er it wol docht. Nou, hy docht it wol, mar de harkers skrikke har rot fan dat nuvere lûd en triuwe watsjes yn 'e earen.
Nou bin ik ûnbinlik, hwant de Haan hat wol idéen bybrocht yn syn artikel, to witten oer in regionale omrop en skielk omsjoch to Ljouwert en in Ried foar de Kunst.
Spitich (foar mysels tink) dy radio-omrop yntresjerret my neat. Moarns acht ûre hear ik even nei de radio om de juste tiid to fornimmen, klok en heloazje lyk to setten, en dan de hiele dei net wer.
Fan in Ried foar de Kunst falt allinne de subkommisje literatuer binnen myn eachweid. Hwat moat dy kommisje dwaen? My tinkt dy moat romans skriuwe, hwant dat is it alderneedsaeklikste. Oaren aktivearje en stimulearje? Dy oaren binne der net. Prizen