Bistjûrsleden fan sa'n stifting wurde foardroegen troch it sittende bistjûr dat himsels yn eigen geast en fleis opfult en opstoppet.
De iennigen dy't in wurd oer sa'n bistjûr en syn bilied sizze kinne, binne winliken de Steatenleden. Mar hwat wol je. Dy hawwe oare dingen as in bilied en de útfiering fan in bilied oan de kop, dy hawwe har eigen wurk en húshâlding, har funksjes en kommisjes. Ja wis, de kultuerminnenden fan de Fryske Steaten sitte al yn it bistjûr fan de F.K. of hawwe derynsitten of steane op de nominaesje om deryn. Man, man, dy mesine draeit sa glêd as it kin. Kontroleurs en kontrolearden yn ien en deselde persoan. Kin it moaijer. It giet wol tsjin de grounprinsipes fan de demokratsy yn mar wy binne allegear sa fan goede wille en bidoele it sa goed dat wy witte net better as it heart sa.
Mar dy bistjûrders mei har hopen oare bistjûren kinne ek net alles. Dat dy delegear: nei it apparaet. Yn dit gefal Frou Faber. En dy kin ál alles. It makke de saek marttryster hwant dêr roun in hoop op fêst en as yn in fûke dea.
Fansels witte de lju fan ien juny wol dat it hart fan it probleem net by ien fromminske leit. En fansels wisten de lju fan ien juny allang dat in knoarre saken yn dit gebiet sa forrekte skeef sitte. Allegear hawwe so omroun mei it frustrearjende gefoel fan wearze en wanhoop dat mei de klompen oan to fielen mistastannen troch in hearskjende laech strak en stiif yn stân holden wurde.
It resultaet is yn elk gefal dat fan de Fryske Kultuerried net ien kreatyf minske yn it bistjûr sit en dat dit bistjûr oppropt sit mei mear as minder oansjenliken dy't mei problemen en sitten heinderbalje nei bileaven. Hwerfan ik, op in inkeling nei, de yntegerens folslein oannim.
It wûnder fan de earste juny is dat nou ynienen sawntich minsken by elkoar komme, it iens binne oer dát is mis is, hwát der mis is, dat it oars moat en hoe. Se kloaije net mear allinnich om en prakkeseare, mar moetsje elkoar en meitsje mienskiplik front tsjin hwat hei har earlike oertsjûging oan de woartel bidoarn is.
As earste punt oangeande de F.K. waerden se it iens - der binne mear punten oan de oarder lyk as it doel dat de gemeente Ljouwert hat mei Sealen Skaef en de oprjochting fan de Ljouwerter Kultuerrie - dat it bistjûr oars keazen wurden moat. Dit is net doel op himsels mar dêrmei komme automatysk oare en oarsoartige lju yn it bistjûr. It bistjûr fan de F.K. moat foar in part - de helt plus ien en letter mooglik hielendal - kandidaet steld wurde troch wurkgroepen, d.w.s. groepen fan aktivelingen yn de kréative sektor. Men soe dit m.m. forlykje kinne mei de wurkforbannen by de Fryske Akademy. Hwant dat hat by ûnderskreaune meispile: doe't by de F.A. writen dien waerd dêr de bistjûrsopbou to foroarjen, wie it sittende bistjûr royael ré yn de foarstellen mei to gean en in mannich foroaringen ditoangeande (sels) foar to stellen, Foarstellen dy't der net om lige. En it mei ek sein dat it Frysk Genoatskip - twatalich en fan namme âld en ‘hearich’ - foargien wie.
De wurkgroepen moatte sa iepen mooglik holden wurde en elk mei der by. Mar dy elk moat dan wol op ien of oare wize warber wêze en mei, as er ôffurdige wurdt foar syn wurkgroep nei it bistjûr fan de F.K., net fêstrustkje en jierren foar lou sitten bliuwe. Warberens is wichtiger as kunde, moaije jaknikkende praetsjes, leeftyd, titel, pretinsje. De Kultuerrie, sa ien kear opboud, moat dan net in wale wêze foar in