[W. Hiddema]
It sil de Haan as skoalmaster sûnder mis ynteressearje: myn dochter fan 7 jier hat dizzer dagen in skelboekje makke. Dêrmei hat se samar in rige wurden ta har foldwaen om har verbale agressy op oaren to spuijen. Dizze fariaesje fan it skelhûs fan de bruorren Bever kin yn Hearbeam ek noch wolris brûkt wurde, tocht my. Guodkeaper as sa'n hûs to bouwen. In publikaesje yn Trotwaer is net perfoarst nedich. Jo lûke jou boekje en bigjinne to skellen. Twa jier argewaesje om Operaesje Fers hinne is der samar út en foar ‘noch hwat’ hoege Jo miskien allinne mar inkelde wurden to foroarjen.
Ik woe mar sizze: yngean op bipaelde argewaesje, alhoewol ek noch wol spuid nei in romer fol mei neat deryn, liket my, krekt dêrom, litte wy sizze: better fan net. De redaksje fan Trotwaer hat dit treflik oanfield en him rjochte ta it bistjûr fan de kultuerried.
Mar wol yngean op argewaesje fan dyjinge, dy't nei twa jier kultuerstriid net mear myld is, mar fan himsels tinkt, dat it nou krekt oarsom is. Dat mechanisme wurdt yn part I wol aerdich dúdlik biskreaun. Dat hat to meitsjen mei koartebaenmentaliteit en mei in finansjele kwestje en deagewoan mei wer oare dingen dwaen wolle. En sa hingje it earste en trêdde punt wol aerdich gear en bliuwt it twadde punt der oer mei as bonke yn it fleis: hwêrom net daliks mear jild foar it eksperiment? Hwêrom net daliks mear út de subsydzjepot foar it eksperiment dat himsels noch biwize moast?
Dat is, tinkt my net allinne de sitewaesje, dy't Operaesje Fers oantroffen hat, mar jildt foar alle eksperimenten en is mei de Haan syn eigen wurden goed werjown: der is in diskrepânsje tusken de forgoeding fan de kosten fan de fêstige kultuerynstellingen en de yn embryonael stadium forkearende ûndernimmings.
Der wurdt wol gauris sein, dat men by libbenforsekeringspolissen de lytse letters goed lêze moat. Sa is it, tinkt my, ek by de ein fan I. ‘Hwat toloarsteld’ en ‘forrekte frustrearjend’ wize wol oan, dat der in tal emoasjes by de Haan opkommen is, dy't him bringe ta de útwurking fan it thema: hwat der nou is, is steryl en moat ûndergroeven wurde. Hy seit it yn I noch hoeden: ûndergrave is miskien noch better. Mar yn de útwurking wurdt it dúdlik: de boel sil barste, wol it ea hwat wurde. Yn III is it dan ek al safier: nij revolúsjekader as gongmakkers/iepenbrekkers.
En as dat nou sa wie, as wier de boel barste moat, wrychtich dan hie dit program fan winsken (VII) en it kredo net skreaun hoegd to wurden. In bytsje is der blykber noch wol oer fan de wil ta de dialooch. Ek noch wol mei de fêstspikere boarger-baen-figuren, forkalke oan it rêchpiid ta, avisionair en reaksjonair en see-a-oos en fakânsjetaslach en antydynamyk en... Ik hâld mar op, op dit stuit leau ik nammers net mear oan de romerfol mei neat deryn en gean ik oer ta de mooglikheden fan de dialooch.
It program fan winsken hâldt û.o. yn: ombou fan de kultuerried en de eask fan meipraten. Yn dit stik fan saken moat de Haan each hawwe foar it feit, dat in kultuerried mear bihertiget as allinne de kunst. Hy soe dat neigear kinne, bygelyks yn de útjefte ‘20 jier kultuerried’ en ek oan it ‘Kultureel Perspektyf’, útkommen yn 1962. Nou komt dat Kultureel Perspektyf op 'e helling. It provinsiael bistjûr hat oan de kultuerried de opdracht jown, in nij rapport gear to stellen en dizze opdracht hat de kultuerried oannommen. Utgongspunt by it opstellen fan dit rapport is it konstatearjen, hwat yn dizze 7 jier ta stân kommen is en it oanjaen fan takomstige ûntjowingen. Dêrby is tocht oan breed oerliz mei de oanbilangjende organisaesjes en bilanghawwenden.
Nou tocht ik, dat it gearstallen fan sa'n rapport net allinne in ludyk karwei wie en hwat fan in systeem noch altiten nedich is. Faeks kinne wy komme ta in hwat mear ludyk systeem. Dat is, tocht my, hiel dúdlik foar Jo en foar ús. Nei twa jier Operaesje Fers en nei 7 jier Kultureel Perspektyf, mar binammen yn it ramt fan alle foroaring, dêr't de maetskippij op 't stuit mei dwaende is.
Frjentsjer, april 1970.
W. Hiddema.
foarsitter Stifting Fryske Kultuerried.