Geart van der Zwaag /
In net forstjurd brief
Oan it Bistjûr fan it Skriuwersboun.
Achte bistjûr,
Hjirmei komme wy werom op jim brief fan 27-1-1970.
Jim skriuwe yn dit brief, dat jim net ynstimme kinne mei ús útstel, omt dat ôfwykt fan de oanbifellingen en bisluten fan 31-12-1969.
Wy wolle der jim mei klam op wize, dat der yn de gearkomste op âldjiersdei gjin bisluten fallen binne. Dy koene der ek net falle omt 2/3 fan de sittende redaksje net oanwêzich wie. Geane wy, hwat formeel, út fan fiif redaksjeleden (Bauke de Jong en Trinus Riemersma dus meirekkene) dan wie 3/5 part der net.
Fan de kant fan 'e redaksje is dúdlik steld, sawol op 'e earste as op 'e twadde gearkomste: de sittende redaksje nimt it bislút, dêrby rekken hâldend mei de ynbring fan 'e gearkomste.
Dat ha wy dien.
Yn pleats fan ien sit foar de Sonde-groep (ús earste útstel) joegen wy twa, sa't frege waerd. It idé fan de ‘bounsman’, in fortsjinwurdiger fan jimme boun yn 'e Trotwaer-redaksje, namen wy oer.
Oan de kandidatuer fan Remco Heite hâldden wy lykwols fêst, tomear omt dêr op 'e eigentlike reboeljegearkomste, nei in diskusje hjiroer, gjin biswier tsjin bistie. Wy hawwe der noch oer stimd!
Dat jimme dêr de 31ste op werom kamen, út namme fan it boun Remco Heite dochs ôfwiisden, sûnder jimme leden hjir earst oer to hearren, fornuvere ús allinne mar. Op ús stânpunt kin sok dwaen fansels gjin ynfloed ha.
Omt Steven de Jong en Reinder van der Leest konform de eardere ôfspraken (sjoch it redaksioneel yn it Trotwaer-maertnûmer '69) net sa lang mear oan bliuwe woene, ha wy der in nije kandidaet bysocht, en foun yn Josse de Haan.
Op groun fan de kontakten tusken Josse de Haan en Sjoerd Bijlefeld (sjoch it yntervjoe yn it aprilnûmer '69) en de petearen op en om de reboeljegearkomste forwachtsje wy, dat De Haan yn dizze gearstalling wol past. Syn ja-wurd sterket ús yn dy miening. Biswieren tsjin dizze bineaming ha wy net heard.
It ‘team’ fan sawn redaksjeleden kin letter weromfalle op fiif: in alhiel nije keppel. Dit jowt mooglikheden foar jim boun en forgreating fan de partisipaesje.
Al mei al in hiel ridlike oplossing, tinkt ús, in oplossing hwêrby alle partijen hwat ynskikke moatte (dat is sa), hwêrby de kontinuiteit fan it tydskrift net yn gefaer komt (bitingst fan de útjower), de groep Sonde rojale kânsen kriget en ek ús fisy, it trochbrekken fan it sosiael-psychologysk kleurde isolemint fan de fryske literatuer, konsekwinsje fan Schurers adagium (1946) yn in tiid fan oergongen en wider forbannen, symptoon fan in werklike emansipaesje, mar dan dynamysk opfette, net as einpunt, net as foltôging, mar foarút gripend (nim ús net kwea-ôf), hwat stal kriget.
Dat jimme hjiryn net meigean wolle, is jimme saek. Dat jim yn jim brief de eigentlike motivearring derfan forswije, moat jim ek sels witte.
Mar wy nimme dan it frij dizze eefkes to forwurdzjen. Sjoch earder.
Dat jimme Sjoerd Bijlefeld advisearje gjin sit to nimmen yn de Trotwaerredaksje is nijsgjirrich, tekenjend, forklearjend en ek noch oplossend.
Soks wurket in goede foar-seleksje yn 'e hân. Ommers as Bijlefeld him hjir yndied hwat fan oanlûkt en hy akseptearret gjin redaksjesit, dat moatte wy sa'n man ek net ha. Mei oare wurden, as jimme as boun op sa'n direkte wize yn de redaksje fan Trotwaer jilde litte wolle en kinne, dan kin it mei dy bounsman mar better oergean.
Yn dat gefal fine wy mekoar yn it negative ta de bêste oplossing.
It giet ús nammers om in redakteur, in echten.
Mei achting, foar de redaksje, Geart van der Zwaag.
Ljouwert, febrewaris 1970.