Rachel I
trotwaer draeit troch. alles giet wer op it slot. se bigounen oars sa moai los to kommen. noordmans yn 'e ljouwerter, bylsma yn 'e strikel. nou is de diskusje sletten. wy wolle net forfelend wêze, mar wy hiene wol forwachte dat de hear j.j. bylsma iepentlik ekskuzes freegje soe foar syn minderweardige útfallen tsjin in skriuwer dy't er net oan 'e neil fan 'e lytse tean takomt. wy bigripe wol dat it der yn hinget, mar hwa't himsels ienris útspijt, en net opfeijt, bliuwt altyd in rachel.