Joop Boomsma / Kruse mei kruskes
Jo hawwe de kar út dizze persoanen:
LIEUWE: |
berne 7 jannewaris 1945;
oplieding: legere skoalle, legere lânbouskoalle;
type: in ein keardel mei greate hannen;
takomst: meikoarten de buorkerij fan heit oernimme. |
|
GEORGE: |
berne 8 novimber 1934;
oplieding: legere skoalle, h.b.s. (7 jier), universiteit (2 jier ekonomy), nei folsleine mislearring by heit yn 't fabryk (sûkersekjes);
type: glêde kop/swart snorke;
takomst: joast mei 't witte. |
|
KLAES: |
berne 13 augustus 1940;
oplieding: legere skoalle, u.l.o., kweekskoalle;
type: nonkonformist, skriuwt (nea publisearre) fersen, swier yn 't burd;
takomst: grize mist mei yn 'e fierte de dizenige kontoeren fan in akte m.o.-pedegogyk. |
|
WYTSKE: |
berne 18 febrewaris 1948;
oplieding: legere skoalle, h.b.s. (1 jier), u.l.o. (½ jier), húshâldskoalle (1½ jier), forkeapster yn skuonnesaek;
type: forkeapster yn skuonnesaek;
takomst: trouwe en bern krije, sa 't liket. |
|
ANKE: |
berne 2 april 1935;
oplieding: legere skoalle, gymnasium, universiteit |