| |
| |
| |
Daniël Daen / Op sikebisite
Riedsel: Hwa = Hwa?
In lichte satire op Fryske forhâldingen
yn 'e Fryske skriuwerswrâld.
Bûten boaze de wyn oan. Janke hearde der neat fan. Hja siet yn de greate keamer, dêr't omke Jan doch noch hommels yn forstoarn wie, to lêzen yn in meinimmende roman fan de forneamde Poalske skriuwer Rrreimmerr Ttrrynnssmma.
Hja wie nou oan it fierde haedstik ta, dêr't it der tige om wei gie op it mêd fan de seksuële avontûren fan de haedfiguer Albia. In jager hie har dit boek doedestiids oanret to lêzen, nei't se blike litten hie dat se sa graech oer it wurk fan Anna Blaman mocht.
‘Soa, jo hâlde fan dat soarte lektuer omt it skreaun is fan in sekse genoate fan jo’, hie er mei in skean each sein. Janke hie har net rjocht lekker field: hy doelde doch net op de avanses dy't hja foar Pytsje oer makke hie?
De langst nei in frommis sloech wer yn har del. Hie se winliken al net langer nôch allinnich sitten? Jild mei dan wichtiger wêze as oanspraek, men kin it bûten beide net stelle. Dy Poal hie it moai biskreaun, de bêdskêne tusken de twa lesbiennes Albia en Ella. Se soe dy Albia bileaven wol wêze wolle en har fan Ella nimme litte. In sacht en breed bêd en nei de wênst fan in arabyske sjeik spegels oan de muorre dy't krekt de biwegings fan de neaken lichums yn alle détails werjoegen. De sêfte streakjende fingers fan Ella op har billen, en dan it annale fingerjen. Se fielde de hite azem fan Ella yn 'e nekke. Nei geraden se fierder lies bigoun it har mear op to winen.
Janke fielde har dea-ûngelokkich doe't se it haedstik út hie. Noch nea earder hie se sa sterk field dat se allinnich oer wie. - Koe ik myn sensuële opstigings nou mar kwyt, bijneed oan in doarps-hoer, sei se bij har sels. Se luts har omheech út de djippe fauteul fan omke Jan en gie nei de koken ta. Mei in gelderske woarst roun se nei de spegel yn 'e gong. - Frjemd dat ik oan dit model woarst sa'n grouwelige hikel haw, sei se tsjin de spegel, wylst hja har hân mei de
| |
| |
woarst omheech hâldde. - En dan de smaek, dy is hielendal net to fornearen. Tipyske kost foar Pytsje, lang libje de woarsten as sekssymboalen foar de stakkers-.
As gou it in rituëel, sa bigoun hja har út to klaeiën, wolbiwust en fansels sprekkend. Achteleas goaide se it swarte slipke fansiden. It gongsljocht joech har lea yn de spegel en sêfte glâns mei. - Hwat in boarsten. Mei wolgedienens seach se hoe't se der noch altyd wêze mocht. Fjouwer en tritich jier nou en like kein en kreas as altyd. - De jierren sille gjin gewicht yn de skael lizze meije.
Se koe it net litte har kreazens mei dy fan Pytsje to forgelykjen.
Pytsje is sa moai net, lit stean as hja sa âld is as ik nou. Har liif sil útsakke wêze fan de bern dy't se oerwoun hat. Se sil it bisuorje moatte dat se mij ôfwiisd hat. Dou silst har yn it fordjêr stoarte; en mei it gebaer dat de rituële wênst fan dizze hanneling suggerearre, prike se in waeijer fan seis prikken mei oan de boppeëin de letters Pytsje op de woarst. Hwat it spegelbyld fan dyn namme makket, sil ik fan dy meitsje: in chaos-.
Yn 'e hoeke fan 'e spegelsnis seach hja ynienen hwat glinsterjen. It wie in goune, Janke pakte him beet, hja hâldde him tsjin it ljocht fan 'e lampe, doe treau se him mei in ûnbihearske gebaer tusken her billen. En der nou om tinke op bêd to kommen sûnder him to forliezen hâldde se harsels spotsk foar. De waermens fan it bêd sil my foldwaen, tocht hja, doe't se de kjelderige gongssigen oer har neaken hûd streakje fielde.
It wie winliken noch to bitiid de oare moarns doe't der lang oan de brede doar fan it slotsje skille waerd. Post Beuckens stie mei in telegram yn 'e hân to wachtsjen op de hege stoepe. It dearde him oan dat er mei de ynhâd net op 'e hichte wie. It is al frjemdernôch, tocht him, dat sa'n frommis allinnich yn sa'n great hûs omspoeket. Kollektes wol se gjin weet fan hawwe, lit stean it donateursskip fan de Oranje-foriening dêr't ik de foarsitter fan bin. Dit frommis is feitliks mar in bongel oan 'e poat fan ús doarp troch har a-sosiale hâlding. En nou dit telegram. Soks mei dan ta de mooglikheden bihearre bij ús P.T.T., in brief is gewoaner.
De hjerstblêdden fan 'e âlde linebeammen waeiden Beuckens om 'e earen.
- Ik stean hjir ek gâns op 'e sigen, hwerom lit dat mins my nou sa lang wachtsje? - Op 'e nij drukte er op 'e skille, net forgees.
| |
| |
Freegjend seagen him de eagen fan joffer ‘Slotsje’ - sa waerd Janke langer yn it doarp neamd - oan fan efter it skoulûkje yn 'e doar wei.
‘Ik haw in telegram foar jo joffer’, sei Beuckens koart. Hy joech it har oan troch it lûkje. ‘Asjeblyft’, en mei wie er de stoepe del. - Fan sok folk hoecht men doch neat to forwachtsjen. Hij wie al by de keatlings fan it slotsbrechje, doe't er har roppen hearde. Forheard roun er werom: soe se him kenne yn de ynhâld fan it telegram?
‘Hjir Beuckens, foar soks nijs moat men hwat oer hawwe. Hjir ha jo in goune, it is op't lêst ek gjin waer om in houn yn los to litten, asjeblyft’. Mei foel de doar ticht. Forwûndere roun er nei syn fyts werom, de goune noch yn 'e hân. It mocht dan in foech stoarm waeije, hij hie it daliks rûkt, dêr siet in frjemde swiete rook oan 'e goune, en it wie ek krekt oft er hwat kleefde. Rikeljus jild hat altyd noch stonken, tocht Beuckens, en sprong op syn fyts mei it gleufsadel.
Yn 'e gong naem Janke de wurden fan it telegram nochris goed yn har op: ‘Pytsje siik op bêd. Notaris Bakkerman’. Hwat hied er hjir mei foar? Moast se nei Pytsje ta op sikebisite, of wie se sahwat op stjerren nei dea? Op syn moaist moast hja yn 'e kream. Linkenoan foroare har blidens yn wranteligens oer de koartens dêr't it telegram yn steld wie. ‘Dat sa'n smoarrike notaris nou noch to biroerd is om hwat mear jild oer to hawwen foar in better telegram. “Mei notarissen en advokaten moatte se de snitser mar dempe”, hie omke Jan ris sein. Der siet wolhwat yn. Hawar der moat yn elts gefal hwat barre, de sitewaesje is foroare, der moat ik gebrûk fan meitsje. Om har nou to bisytsjen, wylst hja hjir wei flechte is’. Lang tocht Janke nei. Doe skeat har de namme fan dokter Boggel yn't sin. Se koe him noch fan de skriuwersrounten. Hy hie in aerdich essay skreaun oer de neioarlochse poëzije.
Hja soe him daliks skilje. Faeks wist hy mear.
‘Ja dokter jo praette mei Janke Stoffels, sa't jo faeks witte, haw ik femylje yn Ljouwert wenjen. Kinne jo my nou ek sizze yn hwaens wyk “de reade spuit” leit, hwant dêr moat se húsmoanje, siik noch wol. En oer dat lêste sit ik nou krekt hwat yn noed’.
‘Wol joffer Stoffels, aerdich, ja wis ja, de reade spuit seine jo, wol ja, ja, dêr sit myn kollega dokter Lulpy. Mar hy is ek siik wurden, sûnt juster. Der giet in goarre troch de stêd moatte jo tinke. In macht
| |
| |
minsken lizze op bêd’.
‘Dus it is in grypke tocht jo’?
‘Wyt ik net krekt fansels, mar de kâns is great. Hjoed krij ik it spul fan kollega oer trouwens. Wy pliigje yn dit soarte fan gefallen gear to wurkjen, dat moarn kin ik jo in hiel ein út 'e dream helpe’.
‘Lit my dan fan dit tafallige kontakt gebrûk meitsje om jo út to noegjen. Jo komme hjir moarn persoanlik del en fortelle hoe't it der mei Pytsje foarstiet’. Eefkes wie it stil oan de oare kant de line; doe hearde se him sizzen: ‘It kin, mar ik haw net folle tiid’. Hja hie der net folle op tsjin. Fan oaren hie se al heard dat er finansjeel goed yn 'e nederklits siet fanwegen it faillyt fan de blommenboutyk fan syn wiif.
‘Goed dan past ús moarntojoun it bêste, sa prate wy ôf’.
Dy jouns siet Janke wer yn ‘it hier fan de aep’, haedstik fiif to lêzen. De tiid moast om en dokter Boggel liet lang genoch op him wachtsje. Se hie der juster foar't se him skille, sa gau net iens oan tocht. It wie ek in moaije koÿnsedinsje dat de man jild brek wie. Hy soe skoan in stûr brûke kinne, mar der dan ek hwat foar dwaen moatte. As de man him nou mar yn 'e fûke fange litte woe, dan soe se sûnder in soart omwegen folslein ta doel komme kinne. Pytsje soe har bern krije sûnder dat se der erch yn hie. Hja soe de earste kear dat de ûngesteldheit weibleau har forheard ôffreegje hoe't ik kaem dat de saek op slot siet. Nei twa moanne soe se har liif útsetten fiele, en har sels wiis meitsje dat it inkeld mar de symptoamen wiene fan in skynswierens. Har stik yn 'e skelk lykwols soe fierder groeije. As yn in dream dy't se bilibbe, mar dêr't se tagelyk bûten stie, soe se nei njoggen moanne in bern to wrâld bringe. In jonkje op en moaisten, in nije leat, oerwoun. Janke seach notaris al eptich foar har sitten: ‘Pytsje hawwe de bitingsten to slim west, tonei is jou part dûbeld’. Dan soe hja de blomkes ris goed bûten sette, fan it ekstra jild dat se ynbarde in faem hiere, en dêrmei hannelje as de kleaster-abdes yn ‘Juliëtte’ fan markys de Sade dwaen soe. Yn mominten fan greate ienlikens en gleone riten bigoun se der yn to lêzen en yn har fantasy organisearre se alles hwat se oan orgiastyske feesten bitinke koe yn de kelders fan it slotsje. En Pytsje, hja soe, alhiel op reapsein as biddelereske bij de slotsbrêge, bisykje moatte de moaiste nimfen út to rûpeljen. As dat slagge, hja soe noch fan 'e feesten oer hâlde.
| |
| |
Spoekeftich steane de hôfbeammen yn it feale ljocht fan de âlde sitroën fan dokter Boggel. Ut de keamer wei sjocht Janke oan it ljocht fan 'e koplampen dat in auto de leane op riden kommen is. Eefkes litte tûken harsels bisjen, mar as de auto tichterbij komt, swevet it ljocht fierder oant alles bûten wer is sa it wie: dûnker. As de skille giet wachtet Janke eefkes.
Se wol har net kenne litte, hy mei net witte dat hja it measte bilang by syn bisite hat, noch net alteast. Dan stoepet se starich op 'e doar ta.
‘Dei dokter Boggel, kom der yn’.
‘Joun joffer Mohr, bliid jo wer ris to sjen, fansels, ja, ja,.... bliid. Ik mei der wol ynkomme tink’?
‘Sa'k sei’.
As se yn 'e keamer sitte komt earst nei de wênstige klisjés oer en wer, it petear op Pytsje.
‘Oer Pytsje hoege jo sa bot net yn noed to sitten. Hja is hwat oerspand en hat der in gryp by skipe. Hwat rêstich oan yn earsten, dan bûkelet se der wol wer troch mei de tiid’.
‘It docht my deugd dat se yn elts gefal net op stjerren nei dea is’. Dat heart nog al kru, tocht dokter Boggel. Hy hie der al hwat fan grútsjen heard dat de beide froulju mei spul byinoar wei rekke wiene. Hoe en hwat krekt like wol hast gjinien to witten, op notaris nei, mar as safaek soe der wol jild tusken sitte, tocht him.
‘Jimme hawwe net sa'n bulte kontakt mear haw ik bigrepen’?
‘Och jo moatte tinke der is hast in generaesje forskil tusken my en Pytsje. Soks uteret him yn alles, en foaral op it mêd fan manlju. It bern hat suver hwat nimfomane trekken. Hja kin in man amper fan 'e gulp ôfbliuwe en soks kompromitearret in earber minske fan eale komôf’, sei hja mei eat fan spotskens yn har toan.
‘Dêr haw ik oars net folle fan murken doe't ik by har wie hjoed’, sei er spitich. ‘Hja kleide wol oer jokte, mar dat lei ek foar de hân. Se hat hwat lêst fan faginale skimmel, faek in gefolch fan de anti-konseptiva fan tsjinwurdich.
Der binne mear dy't der lijen mei hawwe. Tink der allinnich wol om dat jo der net fierder oer prate. Ornaris past it ús dokters net om hjir oer to praten tsjin leken’.
Janke hie al har triedden spand: it koe dus allegearre like maklik as se it har tocht hie. Sa hoegde dokter Boggel syn frou noch net ûntrou to wurden ek. Hommels forsette se nou de beakens.
‘Hoe giet it nou mei jou frou dokter? Har boutyk woe net rjocht
| |
| |
ha'k heard? Jo moatte my mar net yndiskreet fine, mar ik haw gauris oan jim tinke moatten doe't it jim sa tsjinwierre. Gek feitliks, safolle hiene wy nou ek wer net bipraet togearre. Op de ien of oare wize fielde ik my oan jo bisibbe, geastlik dan. Frjemde triedden forbounen ús meielkoar, jo en my, in ûnsichtbere hân like in kontakt lizze to wollen. Trouwens jo sille wol murken hawwe dat ik op ús jounen altyd hwat mear as gewoanwei nei jo seach, mar suver, nea net erotysk. Lit ik hjir winliken ek gjin wurden mear oan spendearje, it bêste biwiis mei wêze dat jo it binne dy't ik skille haw oer Pytsje en gjin oaren lyk as notaris Bakkerman’. Dokter Boggel wist net rjocht hoe't er mei de wurden fan Janke oan moast. Wranteligens en sympaty wikselen elkoar ôf.
‘It is wier, ik haw slim yn 'e nederklits sitten, oer alle boegen. It giet meast al sa as men in frommis trout om har kreazens. Dy frekte boutyk hat my gâns jild koste, mear as lije koe, en wie der nou noch hwat fan op 'e hispel kommen, mar né hielendal neat. Yn dit gefal kaem it noch aerdich út dat wij gjin bern hawwe tinke jo nou. It hat ús slompen jild koste, se hat der al foar yn it bûtelân west, en gjin resultaet. En dan moat ik myn hipoteek noch ôflosse dy't op myn praktyk sit. En dat is dan dokter en smoart yn't jild neffens de folksmûle alteast’, sei er sinysk.
It wie oan Janke net foarbygien dat er al in moaije swolch drank op hie.
‘Jo wolle noch wol in romer tink’, sei se oansjitsk. ‘In slok drank en de waermens fan in yntym petear dogge ús beide goed. Togearre sitte wy yn't selde skûtsje’.
De ûnsin fan har lêste wurden gie him al foarby.
‘Lit ús de wrâld forjitte Janke, spiritualien en it spirituële binnen fan 'e joun ús sterkste wapens-boomke boppe-jow my noch mar ien, ad fundum, hoefolle frouljusneaken soe ik al net sjoen hawwe, it docht my neat. Nammestomear meist dou it dy as in kompliment oanrekkenje dat dyn koele eagen mij alhiel yn 'e bisnijing krije. It is dy oan to sjen dou hâldst net fan geâldehoer, noch minder fan kliemerij. Nou’.
‘Né’.
‘Just en derom gjin praet kom by de dokter en lit dy ûndersykje, hwant ik leau dat er hwat mei dyn krús is’.
Janke lake.
‘Sibe foartoan, tink dêrom’, sei er oanhellerich. Janke lykwols bleau noch sitten dêr't hja siet: it djippe fauteul fan omke Jan.
| |
| |
‘Sibe, se sei syn namme fluensk, hwat tinkt dy nou fan Pytsje as mins, as persoan? Lit my foar it each earlik nayf wêze, as tou de iene like aerdich fynst as de oare, en se wiisde op har sels, dan meitsje dyn wurden net safolle yndruk op my’.
Njonkelytsen wie er yn in stimming om har net mear ôf to fallen. ‘Pytsje is dûm en sast seiste it wol my doch wol oan dat se hwat nimfomanysk hat. In echte seksbom is se yn elts gefal’.
It fielde Janke oan dat nou it geskikte momint om him har útstellen to dwaen kommen wie.
‘Pytsje hat der dan ek fan alles mei to meitsjen as ik dy graech slim yn bitrouwen nimme wol. Dou moatst my helpe, en ast dat dochste, sil it ús beide gjin wynaeijen lizze. Der sit dan foar dy genôch oan fêst om net langer yn 'e fysten to sitten.
Eefkes wie it stil, doe andere er: ‘hwat dyn bidoelings ek binne, ik offerje myn biropseare en kliëntele foar gjin noch safolle op’.
Mar Janke die gjin lichten.
‘Sels mar witte, dou wytst net iens hwer't it krekt om giet. Mei it risiko dat ik dyn sympaty forspylje wol ik it dy doch fortelle. Net mear en net minder, mar Pytsje moat in bern hawwe moatte’.
‘Der sille wol genôch wêze dy't har dat jaen wolle’, sei er spotsk.
‘Sa to hearren net’. Hja seach him skerp oan.
‘Nou noch moaijer’, lake er lûd. ‘Ik soe mei Pytsje yn't bêd moatte tink, fan myn wiif skiede, en dan Pytsje en ik mar bern fokke. Janke jowt alimentaesje oan de iene kant, wylst hja it dûbele derfoar werom hawwe wol. Né mon amour, sa net’.
‘Krekt, sa net. Dou litst dy net skiede, dou giest net mei Pytsje yn bêd, dou krijst gjin alimentaesje, dou krijst gjin lijen mei biropseare of hwat oars der wêze mei, mar mear as dat, dou krijst: Janke’.
Hja gie by him op 'e knibbel sitten en skoude him noch in folle romer ta. Syn hannen bitaestten har folle boarsten, mar net sa lang. ‘Ik bin mear faginael fiksearre’, lake er, en liet syn hannen nei ûnderen gliede. Rêstich en sûnder dat it har hwat die liet Janke him bigean. Ek doe't har joepe omheech skoude en har it slipke útlutsen waerd. Foar hwat hearde hwat, hij mocht syn gong gean. De kâns fan myn libben moat in minimael risiko forneare kinne, ik kin elts momint ûngesteld wurde, tocht se by har sels. Se fielde hoe bitoeft syn fingers har klitoriks streaken. Se slette har eagen, en joech har oer oan de waerme gloed dy troch har hinne sloech. Hoe is it mooglik, tocht se, ik bin by. Yn in dierlik antisipearjen spraette se
| |
| |
har skonken en liet syn geslacht as in waerme forseane merchpiip by har ynglide.
‘By dy meitsje ik op dizze stoel in bern, net by Pytsje, net by myn wiif’, hime er biskonken. As in pylk fuerre se har fraech op him ôf: ‘Sibe soestou Pytsje net kunstmjittich ynsemenearje wolle? It giet ommers om ús togearre, en om Pytsje, se is it type fan de oermins dat dochs ivich longeret op it krijen fan in bern’, sei se flaeikjend. ‘Foar dy doch ik alles, Janke’, sei er mei in dûbele tonge.
‘En dyn biropseare dan’, lústere se, wylst se syn geslacht noch hyltyd yn har fielde.
‘Dy is wichtich, mar dou noch mear. En hwat Pytsje oanbilanget, dy kin har oerspannens noait gauwer kwyt reitsje as hwanneart se in bern krijt. Boppedat is it it bêste middel tsjin faginael skimmels’.
Hy triuwde har ynienen fan him ôf: ‘Siz my hwer't it húske is, en dan moat ik fuort, op hûs oan’. Gâns yn 'e weef roun er de keamer út.
Eefkes letter riid in âlde sitroën ûnwis de leane del, en draeide de dyk op rjochting Ljouwert.
Se siet allinnich yn 'e keamer. Op tafel twa lege romers en in mingelske flesse Bokma, leech, opsûpt troch dokter Boggel. It ôfskie by de doar hie goed west. It soe foarinoar komme sa't sy't har winske. Syn jild kin er krije, mar hy moat net tinke dat ik mei him trouwe wol. Hwat dat oanbilanget moat er him op my net forsjen. De linige sachte fingers fan in faem foldogge my op 'en dûr better. Hy is mar in wurktúch. Tocht Janke.
Dokter Boggel wie nou sahwat yn Ljouwert. Hij hie it rútsje hwat iependraeid om hwat ôf to kuoljen. Hij liet it forrin fan 'e joun nochris by him lâns gean. Se mient nou dat se myn meiwurking krigen hat dus. Hawar dy hat se ek, mar oars as se tinkt. Folslein idioot, stel jo foar ik Pytsje kunstmjittich ynsemenearje. Enfin as ik dat jild mar yn 'e fingers krij. Dy gekke Janke sil ik by de poat nimme, se hat net better fortsjinne. Dat tocht dokter Boggel doe't er muoiteleas syn auto yn 'e garage sette.
Pytsje lei har slim to forfelen op bêd. Dokter Boggel hie har moanne om hwat geduld to hawwen. ‘Oerspand bin je samar net ôf’, hie er sein. Dat wie winliken ek de iennichste ôfwikseling dy't hja hie, de
| |
| |
bisite fan dokter Boggel. Jins kunde leart men kennen by sykte, tocht Pytsje sarkastysk. Klaas Kleefstra b.g. hie him nea wer sjen litten. Enfin dy sil wol by syn mem op bêd lizze, tocht har. Menear Kwits hie it fiersten to drok fansels, lyk as altyd. Syn frou like boppedat wol hwar erchtinkend to wêzen, nei it petear dat se hawn hiene oer it ûntstean fan de namme de ‘reade spuit’. It wie mefrou Kwits net ûntgien dat it Pytsje net ûntgien wie dat him, menaer Kwits, de kleuren op en ôf gien wiene doe't hja it der oer hawn hiene. Mei de holle troch de doar hie er sein dat er notaris Bakkerman fornijd hie fan har sykte. Sadwaende soe Janke der ek wol fan witte. Doch wol frjemd dat dy nou by har komme woe nou't se siik wie.
Juster wie har de brivekeart brocht: ‘Kom moarn om trije ûre op bisite. Betterskip, Janke’. It hie mear fan in telegram dan fan in persoanlik skriuwen wei. Hoe it dan ek wêze, hja hie it gefoel dat der hjoed hwat to gebeuren stie. Se tocht mei in triomfantelik gefoel oan it momint dat Janke der ynkomme soe. Dat se har slim bidondere fielde doe't Janke fuort flechte wie, soe noch op har gesicht to lêzen wêze. Soe se alles wer yn 'e jamkste fâlden bilizze wolle?
Se mimere troch oer alle mooglike en ûnmooglike driuwfearren dy't Janke hawwe kinne soe foar har bisite, oant se yn sliep foel, dreamleas.
Doe't se har dommeljende wei nochris omdraeije soe, de eagen heal ticht, seach se twa knibbels, de reade seame fan de joepe fan.... ‘Janke’, sei Pytsje, ‘bist hjir al lang, hoe let is it’?
‘Dei Pytsje, wurd mar kalm wekker, ik bin hjir al in heal ûre ja. Ik haw lêzen yn dit boek hjirre’. Hja wiisde op de titel: ‘Libje De Duvel’. ‘Ik soe hast tinke fan sokke lektuer kin in earber minske net siik wurde. Dou silste wol hwat lêzen hawwe dat dy de holle hwat oeral makke hat’, sei se fluensk.
Nou dan forskille ús smaken, ik haw it net lêzen, mar hie dat al sa west, dan hie myn gryp nou wol in pleuritus west dus, as ik dyn gedachtegong trochlûke mei’.
Pytsje fielde har superieur. It wie oft der in jager foar har stie yn syn ûnderbroekje, as in fûgelforskrikker sa potsierlik.
‘Notaris Bakkerman hat my dyn sykte oanbrocht, hy woe hawwe dat wy wer hwat mear en better kontakt hiene do en ik. Neffens my hie de man wol hwat gelyk, en dêrom sit ik hjir nou ek. Hwat dy
| |
| |
krekt skeelt haw ik lykwols net rjocht bigrepen. In gryp duorret ornaris sa lang net wol’?
‘Né ik bin der hwat oerspand by’, andere Pytsje.
‘Gjin mear krupsjes dus? As men oerspand is giet it jin ornaris de hiele lea troch’.
Pytsje seach hoe't Janke skerp nei de forweegjende bobbels yn 'e tekkens dy't har rossende hân der makke, seach. Mei myn skimmelynfeksje hat se neat to krijen, tocht se.
‘Gjin kwalen mear né. As ik dy leauwe mei bin ik dus ek net oerspand, hwant dan soe ik der minder foarstean moatte’.
Sa praetten se op it kreweauen ôf troch. Wol seach Janke fan en ta op 'e klok. Nou moast er doch nedich komme as er him oan 'e ôfspraek hâldde.
It duorre net lang doe't de doar nei in hastich klopke iepene waerd. Dokter Boggel hie him foarnommen it spul ta in hichte mei to spyljen, fanwegen de fortsjinste dy't der foar him oan fêst siet.
- Soa jo hjirre joffer Stoffel, sei er en fûstke. In skoft lyn dat wy elkoar metten hawwe, ja, ja wis ja. Ik haw altyd goede oantinzen oan de feesten op it slot hawn, foaral de lêste kears wie it tige ynoarder -. Janke fielde har misledige, mar liet it net merke. Pytsje lykwols foun it frjemd dat er itselde nea tsjin har sein hie, mar tocht der fierders net oer nei.
- Ik sil nou earst marris oan de patient freegje hoe't dy har fielt -, lake er, Janke ta knypeagjend. Hy bigoun yn syn tas om to reagjen oant er de spuit mei de lange smelle druk-sylinder hie. Hy koe Janke net freegje om der eefkes út to gean. Hja hie der op stien dat se der by wêze soe as de spuit faginael by Pytsje ynbrocht waerd, folle mei it sied dat hy der foar stoarte moatten hie, sahwat yn har bywêzen, fan 'e moarn. Hy hie har it sied sjen litten, en it doe hoeden yn 'e sterilisearre druk-sylinder dien. Underyn hie er it spiritusflamke oan stutsen sa dat it op temperatuer bliuw. Mear wissichheit koe er har net jaen, se leaude lykwols oan syn bitroubere meiwurking. Doe't se fuort wie hie er it sied fuort rinne litten út de druk-sylinder wei, en him folle mei in brûsdesynfeksje middel. Foar in leek wie it iene net fan it oare to ûnderskieden en it wie in goed middel tsjin faginaelskimmels. Nou hâldde er de spuit demonstratyf foar it rút, en fielde mei syn wang oft de temperatuer noch goed wie.
| |
| |
Janke seach troch it dikke glês hinne de stiselige smurry. Hja wie tofreden. Fan Sibe hie se de forsekering krigen dat Pytsje yn in fruchtbere rite wie, hwat har nei lang rekkenjen sels ek wol oan woe, en dan koe in bitoeft tapaste k.y. syn útwurking net misse hie se yn it hânboek fan dr. Santema lêzen.
It greate momint is nou oanbrutsen, tocht se, en knypte harsels fan kleare spanning yn 'e side.
‘Hoe is it dêr nou ûnder Pytsje’, frege dokter diskreet. Hja bigriep syn fraech.
‘It jokket der sa, mar oars gjin lêst’, sei se.
- Ik sil der hwat pasta op dwaen, dy't jo foldwaen sil -. Pytsje seach him helpeleas oan, en doe nei Janke. - Jo wolle jo miskien wol eefkes omdraeije -, frege er Janke. Pytsje luts har pyama omheech. - Doch it broekje mar eefkes út -. Hy sei it sa lûd dat Janke it dúdlik hearre koe: - Sa wiid mooglik de skonken út inoar graech. Just sa -. Doe makken syn gymmy-fingers hwat romte, en stiek er hoeden de fine spuit by har yn. Doe't er drukte fielde Pytsje it lij by har yn streamen. It wie har noflik, eefkes slette se de eagen krekt op it stuit dat de nijsgjirrigens Janke oermânsk waerd. Forsichtich kipe dy ûnder de earmtakke troch nei't bêd. Dokter hie net oars forwachte, hy joech har eagen alle romte. Doe wie it bard. Pytsje luts de tekkens wer oer har hinne. It joech har in spitich gefoel dat de pasta har al wer ûntslûpte.
Der waerdnoch hwat praet foar't dokter fuort gie. Hy hie it oer syn wiif: Tiny. - Nei't faillyt fan har blommeboutyk moat se har artistike oanstriden oars kwyt, liket it wol. Se is nou dwaende mei in roman: ‘De man op de súdein’, sil er hite. Der binne al sawn haedstikken fan skreaun. It sil my ris binije hwat se der fan tolânne bringt -, mei stie er al by de doar.
‘Ik sil jo der eefkes útlitte’, sei Janke. Op 'e gong joech se him in slúf.
‘Asjeblyft, neffens ôfspraek tocht ik’. - Tankewol joffer Stoffels.
Yn 'e auto lake er. De âlde sitroën like hurder to riden as gewoanwei. - Dit is goed biteard -, sei er by himsels.
Do hoechst dy gjin soargen to meitsjen', sei Janke tsjin Pytsje doe't se de keamer ynkaem. ‘It fâlt allegearre bot ta mei dy, sei er niis tsjin my, allinnich dat fan dy jokte, dat hast my net forteld, dat fâlt my slim ôf. “Dan sil notaris Bakkerman wol to optimistysk west hawwe”, sei Pytsje noartsk. Nim my net kwea ôf, ik moat earst nei
| |
| |
it húske’. Doe't hja de doar út wie krige Janke like ûnforklearber as yntuïtyf in skriklik formoeden. Se bûgde har foaroer en rûkte dêr't it lekken wiet wie: it rûkte net sûr. Doe't se fielde kleefde it ek net. Pytsje stie al efter har.
‘Bist noch altyd like nijsgjirrich leau ik’. It like Pytsje ta dat se boarste soe, Janke, sa read waerd se. Mar se bitwong har. 'Ik moat fuort nou, it is myn tiid, oant sjen. Foar't Pytsje der erch yn hie wie se de doar al út. Op 'e gong klonk de hege-hakken stap fan Janke hoar. Pytsje lake.
Hja hie it gefoel dat se in oerwinning bihelle hie.
|
|