[Nummer 11/12]
Jo Smit / Sirkels
It blau waerd skaet - of forienige? - troch in sirkel.
Ek rounen der oare sirkels, steil omheech, dêr't se weiwaerden koe men tinke, mar se waerden net wei, se setten har reis fuort en heinden harsels wer. Sirkels fan blau, sirkels fan ljocht, fan sé en fan sinne.
De weachjes trillen yn lytse sirkeltsjes nei it neat.
Hy socht tusken de greate stikken basalt nei lytse stientsjes, platskuorre troch it biwegende wetter, it ivich biwegende. Nou en dan seach er even op fan 'e groun en reizgen syn eagen mei de sirkels nei it blauwe neat, dêr't it blau net iens blau mear wie.
Hysels wie it midpunt, foel him ynienen yn. In tins dy't er winliken forsmite woe, om't it sa opskepperich wie. Mar dochs ek wer net, hwant in midpunt is dochs altiten mar in punt, dat is suver neat, minder as neat, neffens master Wynstra.
Tsien hied er nou, dan mocht er ophâlde. Tsien moaije, platte stientsjes dy't it wier wol dwaen soene.
Rjocht oerein wachtte er earst noch in skoftke, net mear sa ré om ôfstân to dwaen fan de skat, al wie dy it inkeld om it gebrûk dêr't de saeistiennen foar ornearre wiene.
It wetter foar syn fuotten slobbere tsjin de bâlstiennen as in roun, tofreden bist. In sékeal. Wurd dat lykwols net koe, hwant dat wie foar it neist it bern fan in sékou, net de mem, de greate, ûnbidige mem.
De sinne wie lekker. Dy baernde net op him. It lûd wie. Even seach er yn syn hân of de stientsjes dêr wiene; hy wie ommers mar in punt en alles hearde by him. Syn fuotten stiene net earne op de dyk, hy stie, né: hy wie. En it oare wie, mar dat net apart: der wie.
Traech naem hy in stientsje yn syn rjochterhân, seach nei it flakke wetter deunby en de forronfeljende weachjes fierderop. Hy ûnderhelle de hân en kits, kits, kits saeide it stientsje oer it wetter. Trije