| |
| |
| |
| |
| |
| |
Ypk fan der Fear / Feanwalden
Lipkje Post-Beuckens
berne to Sûndel yn Gaesterlân.
skriuwt romans en novelles ûnder de namme Ypk fan der Fear
hat gedichten publisearre ûnder de namme Ella Wassenaer.
wurk:
proaza
útskot - novelles
ta him dyn bigearte - histoaryske roman oer Gaesterlân (2e printinge) ik en menear - novelle
de breugeman komt - histoaryske roman oer de dopersken (útforkocht)
de deade by de libbene - roman
ek in minske - roman
eilân fan de silligen - histoaryske roman oer Antoinette Bourignon (17e ieu)
de man mei it famke - novelle
gedichten
reade runen
berneboeken
puppe en poppe (útforkocht)
sike bern
yn it hollânsk
land en volk van Gaast en Klif (útforkocht)
| |
| |
| |
In spoek fan Jiske
Ik siet foar it finster fan 't harkenieltsje boppe de herbechsdoar en seach oer in plein út op de âlde tsjerke mei it hôf. It wie yn novimber mei hjerstwaer, skriemerich en tryst. Ik stoarre en stoarre mar.
Doe hearde ik in foarsichtige klop op de doar fan myn keammerke, mar joech gjin antwurd. Doe't der noch ien kaem, hwat lûder, moast ik wol hwat sizze. De kasteleinsfrou brocht my thé. Hja woe my net op in ‘droochje’ sitte litte, sei hja. Mar ik wist wol better, hja woe pinfiskje en kloarkje. Ik glimke fyn, hja moast nearne op tidigje.
‘Sitte jo hwat to mimerjen?’ sa bigoun hja de oanfal.
Doe't ik allinnich bitanke foar de thé, forfette hja hwat neutraler: ‘In moai eachweid, wel?’
‘Hwat jo moai neame,’ woe ik sizze, mar it waerd: ‘Ik haw pineholle.’
Hja bigriep de wink, mar stiek my efkes mei: ‘It sille de oantinkens wêze.’
Dêrmei wie hja fordwoun. Miskien tocht hja wol, dat der mear kansen kamen.
Ik seach wer nei de tsjerke mei it hôf. Der omhinne stiene de bikende hege beammen, dy't har ikels falle lieten, as de wyn der yn blies. Ik hie lytse bern mei griene pypkes yn 'e mûle rinnen sjoen. It forline kaem noch dúdliker by my. Seale en ik hiene ek sa oer it plein roun, doe't wy lyts wiene. En dy beammen! Se makken my bliid, mar se rôpen ek ûntsach, suver eangst op. As ik goed harke koe ik se rûzjen hearre. Hwat hie ik der faek ûnder roun to genietsjen. Dat bearen fan de wyn troch de tûken wie foar my de noflikste muzyk. Allinne krige ik der altyd in sear gefoel fan yn it boarst.
As it tsjuster waerd, doarst ik der foar gjin jild sûnder selskip ûnder kuijerje. Op it tsjerkhôf der njonken koe ommers fan alles barre, as ik de minsken leauwe mocht. Spoeken! Hokke waerd der net by sein, dat waerd oan de fantasij oerlitten.
Miskien doarme Seale der nou wol om. Doarst ik him ek net moetsje? Ik hie sljocht op him west, ik hie him altyd lôke. Doe kaem er net. Mar as ik him nou ris rôp? As ik him ris oprôp? Ik fielde in bittere laits troch myn lea skriljen. Hwerom nou wol en doe net? Mar hwer hie ik it winliken oer?
| |
| |
Net iens sa faek hie ik mei Seale ûnder dy beammen roun. Doe wiene wy gjin bern mear. Ik fortelde him dan, dat ik bang wie yn it tsjuster en hy net tink? Hy wie in man!
Hoe lang wie dat nou forlyn? Tsien jier? Hwat hiene dy omgongen mei him altyd koart duorre. Ik die myn bêst oars wol. Soms bisocht ik him yn in iepen stikje by in hikke to troaijen, of bleau ik stean by in donker ticht boskje, as socht ik om it ien of oar. Mar hy trape der net yn.
‘Kom mei,’ sei er. En dan koe ik net wegerje. As ik noch al drige, sette er de stap der yn en dan foelen myn beide eagen op de stive, stomme grêfsarken oer de smelle greppel. Sa nuver op en del stiene se. Nammen der op yn swarte letters. Bikende nammen fan ûnbikende minsken. Deaden! Ik fleach al.
Seale sei, dat er net bang wie foar dat folkje ûnder de groun. Mar ik frege my ôf, hoe't it wêze soe, as wy der sels ûnder leine. En dat sei ik ek.
‘Dat duorret noch sa lang,’ antwurde er, ‘en dan ha wy der dochs gjin weet fan.’
‘As ik dêr liz, kin ik moai nei de beammen harkje,’ fortelde ik dryst.
‘Dêr silst dan gau dyn nocht fan ha,’ tocht him.
‘Of,’ sei ik, ‘ik sil dy by my roppe.’
Doe seach er my sa frjemd oan, dat ik spyt fan myn wurden krige. ‘Ik sil de earste wêze om dêr to lizzen,’ sei er, as koe er dat sels útmeitsje.
Dat makke my kjel. Hwat moast ik yn it libben sûnder Seale.
De measte minsken koene net bigripe, hwat ik yn him seach, mar ik hie mysels oan him forsein.
Ik frege him: ‘As ik der earder liz as dû en ik rop dy, silst dan komme?’
‘Dû bist goddeleas. En dat in dûmnysdochter!’ sei er en roun sa hurd, dat ik him amper byhâlde koe.
Neitiid like it wol, oft er my noch mear ûntroun as foarhinne. Hy taelde ek net mei oare fammen. Op ien kear nei, doe't it nijs ûnforwacht troch it doarp roun, dat Seale fan ûntfanger forkearing hie mei in frjemd famke. Mar it hat net lang duorre, dêr soarge ik wol foar. Hwat waerd ik mei skeane eagen oansjoen! En hwat waerd der sabeare tomûk oer my rabbe!
Dat kaem my net oan de kâlde klean en ik haw noch mear op him roun. De measte kearen koe er my noch ûntglûpe. Mar op it lêst hie
| |
| |
ik gjin inkelde skrupule mear. Hy koe net wegerje en gyng mei my om it hôf hinne. Ik praette net oer dy faem. Ik hie it wer oer de deaden fan it hôf.
‘It sil wol nuver hearre,’ sei ik, ‘mar as ik in ûngelokkige leafde hie, soe ik my wol treaste, hwant nei de dea is der genôch tiid en gelegenheit. Hwant ik soe him ha, dêr't ik myn sinnen op set haw.’
Hy sei wer, dat ik goddeleas praet útsloech foar in dûmnysdochter. Ik kaem sa ticht by him, dat ik syn biwegings yn my fiele koe. De beammen rûzen fan leafde en min. Ek helle ik syn rook fan man yn my op. Alles yn my trille. Hwat wie dat dochs in hearlik gefoel, dat troch de hiele lea hinne loek. As er nou ris stil stean bleau en de sterke earms om my hinne sloech en syn kreaze holle tsjin my oan lei en syn leave mûle op mines treau? Ik hie it noch mar krekt tocht, of hy bleau stil stean en makke in foege hael nei my ta. Myn hert bounze al. Mar it gyng net troch.
Hy sei ynsté: ‘Sy is sa sêft en meigeand. Immen moat op har passe.’ ‘Forsin dy net mei sokken,’ sei ik pûr.
‘Dû bist sterk, dû moatst it bigripe.’
Sterk wie ik ja, en hy soe it ûnderfine!
Ik tocht it my yn, dat ik yn it wylde westen opgroeid wie en mei in lasso smite koe. Ik soe nea misse, as ik Seale fange woe. Ik glimke triomfantelik. Ik hie in lasso! De lasso fan myn tinzen!
Hy hie argewaesje fan my.
‘Hwerom lakest?’ frege er.
‘Samar. Mei ik net laitsje? Ik skriem ek wolris.’
‘Skriemstû wolris?’ frege er forheard.
‘Jawol. Of mei dat net?’
‘Hwer skriemst dan om?’
‘Dat hoechstû net to witten.’
Ik socht syn hân, dat er it mar bigripe soe, mar hy treau him yn de bûse.
‘Kom mei,’ sei er.
Doe kroep der sa'n forlitten gefoel as in grouwe wjirm yn my om, dat ik net wist, hwer't ik hinne soe.
‘Seale,’ rôp ik, ‘dû bist fan my. Bitink dat goed.’
‘Né,’ sei er.
‘Ast by har bist, tinkst dochs oan my.’
‘Ja,’ sei er.
En dat wie moaijer muzyk as dy fan de beammen. Mar dat wie dan ek alles, hwat er my joech. It wie net folle, dat wit ik, mar as ik der
| |
| |
noch oan tink, wâllet der lok en blydskip yn my op. Mar wol fortroebele troch in bigreatlik gefoel, dat syn ‘ja’ sa nuver ek yn my oprôp en dat ik út 'e wei wrotte.
‘Mar dû krijst my net,’ sei er daelk der efteroan, ‘dû wolst dyn sin ha. Ik hâld net fan dy.’
‘Al,’ rôp ik. En ik lake oerdwealsk, mar it harke, oft der in skuor yn myn lûd lei. Soe hy dat ek heard ha?
‘Dû sjochst ek op my del om ús heit,’ sei er sunich, ‘dû tinkst, dat ik to jow bin.’
Syn heit hie jild efteroerdrukt fan ús heit syn gemeente.
Wer sa'n bigreatlik gefoel en ik ûnthiet fan alles en noch hwat. Om him to oertsjûgjen of om myn sin mar to krijen, lyk er sein hie?
Hy liet my prate en gyng by my wei. Omt wy doe op 'e doarpswei kaem wiene, koe ik neat mear sizze en neat mear dwaen, hwant alle huzen hiene eagen en earen. Efkes soe ik troch alles hinne brekke en gean him efternei, mar de tradysje kearde my noch krekt. Dêr't ik alle dagen noch spyt fan haw. Allinnich haw ik him letter in pear brieven skreaun, mar dat bleau fansels ek net stil yn it doarp.
Doe rekke syn mem siik en ik gyng der hinne en frege, oft ik helpe koe. Wie hja mei yn de mande? Né, hja hie oanbiedings genôch, ik hoegde net yn noed to sitten. Ik wist, dat hja liigde.
Dat Seale moete ik net. Neitiid ek net, doe't ik der dochs sa myn bêst foar die. As er my seach, draeide er him om. Ien kear haw ik wol in pear ûren om de hoeke fan dizze herberge stien to heukerjen om him to treffen. Doe wie er al lang thús, hy wie efterom gien. De kastelein fortelde it my, hy kaem der apart om bûtendoar.
Dêr wie wer in klop op de doar. Foar't ik it ergere. hie ik al ‘ja’ roppen. Deselde frou brocht my noch in kopke thé.
‘Hwat is it raer mei him gien, net?’ sei hja nou rjocht op it doel ôf.
‘Mei hwa?’ frege ik ûnnoazel. Hja gyng der net iens op yn.
‘Hat er slim lijd?’ kaem ik doe mar fanwegen.
‘Ik leau fan net.’
Dêrmei wie hja wer fuort, wylst ik wol graech even trochpraet hie. Misskien omt ik nou wol woe? Mar né, der wie folk yn de jachtweide kommen. Dat soe har spite. En ik koe wol gûle. Hwat die ik hjir hielendal? Foar al dy eagen fan it doarp? Alles koe mar wer opikkere en oereide wurde. As ik aenst op myn nuddelhakken nei it hôf rinne soe om syn grêf to sjen, soe myn hâlding dan net earmelytsen wêze, al tocht ik mysels noch sa greatsk? Foarhinne hie ik mysels ek wol oars tocht as ik wie, oant ik de mislearring op de
| |
| |
antlitten fan de minsken lies.
Op in kear fortelde ús heit my tige ûnforwacht, dat er in birop krije koe en it ek oannimme woe. Dat wie krekt op in dei, dat ik wer hwat hoop krigen hie, omt er my sa freonlik groete. Alles yn my forsette him. Ik sei net in wurd, mar fleach ta de doar út. Us mem woe my keare, mar krige gjin kâns. Ik hearde noch justjes it bolderlûd fan ús heit, doe't ik de bromfyts oantrape. Mei't ik ried, kaem der in nuvere tins yn my op: as ik nou ris in ûngelok krige. Ik sloech it gjin acht, sokke gedachten hie ik wol faker en dan barde der neat. Mar diz kear wol. Op it krúspunt, dêr't it tsjerkhôf bigjint, wie ynienen in folkswein in hânbré fan my ôf. Ik sjoch it noch. Tiid om kjel to wurden wie der net. Fierder wit ik der net folle mear fan. It ding naem my en de fyts in ein mei en slingere ús tsjin de groun. Hiel yn de fierte wie hwat gerûs fan stimmen (minsken om my hinne! ) en ik sjoch noch hiel efkes in draeiding boppe my; dat moat yn de sikenauto west ha. Yn it sikenhûs waerd ik wekker. En dêr moast ik moai hwat wiken bliuwe. Us heit fûtere net en ús mem wie sa aerdich. It sil in hiele rêst foar beide west ha my dêr feilich to witten. Op in middei, dat ús mem by my wie, siet hja sa yn noed oer my (ik seach sels triennen), dat ik har in boadskip fan Seale meijaen doarst. Ik wit net, hwat der yn ús mem omgien is, mar hja hat yn alle gefallen soarge, dat er in kear by my kaem. Mar dit barde yn de snuorje, dat hja tochten, ik soe dochs wol dea gean. Hwat wurdt der net foar in stjerrende dien? Mar, doe't ik dat ergere, sette ik alles op alles. Boppedat út syn hâlding hie ik opmakke, dat er wier hwat om my joech. Hwerom wie er oars ek kaem? Of hie it ek om de stjerrende west? Letter kaem er noch ien kear en doe hie ik de frijmoedichheit om in tút to freegjen. Dy joech er my suver earbiedich,
miende ik, op de foarholle. Dêr't ik him wol gau weihelle. Ik socht syn antlit ôf om tekens, dat er fortriet om my hie. Ik seach se net, mar tocht se my wol yn.
Doe't ik wer opknapte, kaem er net mear. Ik frege ús mem der nei en soe se net nochris hwat dwaen wolle? Mar nou wie ús mem in stien. En ús heit sei, dat wy gau forfarre soene. Ik wie safier better, dat ik net weromgean koe nei it gebiet tusken libben en dea. Alle bisiteûren lang seach ik nei de doar. Oaren wiene wolkom, mar myn tinzen hie ik net by har.
Yn dy tiid haw ik in heap bidden. Hat God dochs meilijen mei my hawn? Op in nacht, doe't ik mei twa slieppillen (mear mocht ik net ha) net ynslomje koe, tocht ik neffens wenst stiif oan Seale. As krige
| |
| |
ik in ynjowing, moast ik tinke, dat Seale der ommers wie, al krige ik him net. Ik naem in bislút, salang't hy op de ierde wie, ik der ek wol op libje woe. Sûnt waerd alles lichter. Allinnich al, dat hy bistie, wie ommers bilangryk. Byneed koe ik earne hinne gean om him to sjen. Doe koe ik sûnder to folle fortriet mei forfarre. Dat ik him net sa faek mear sjen soe, moast wenne, ik waerd ek âlder. Ut en troch koe ik in boadskip nei it âlde doarp meitsje. En mocht er al wer kueren krije mei in oare faem, dan soe ik my wol gau oppenearje.
De earste kears, doe't ik forlet krige en der hinne woe, krige ik it leksum fan ús heit, oft ik dan alhiel gjin skamte foar de minsken oer hie. Mar hie ik dêr ea oer neitocht?
‘In dûmmysdochter,’ sei ús heit smeulsk.
Dat hie Seale my ek foar de fuotten smiten.
‘Nou ja,’ sei ús mem.
‘Dy fint jowt neat om dy,’ sei ús heit skerp.
‘Nou ja,’ sei ús mem.
‘Hy is ek noch bang foar dy,’ sei ús heit gemien.
‘Nou né,’ bisocht ús mem to forguodlikjen.
‘Hy hat gjin spoen frouljusfleis oan him,’ sei ús heit pûr.
‘Nou né,’ sei ús mem. En tsjin my: ‘Dat hiest dochs al lang bigripe moatten, bern.’
Ik harke net nei har. Wol haw ik mei in ekstra slach yn de rêch oer de doarpsstrjitten roun. Ik wie sa gelokkich, dat ik Seale noch foar in lêste kear sei ik meikrige om it tsjerkhôf hinne, dêr't de beammen wer muzyk útjoegen. Dêr't wy it gesicht hiene op de toarre stiennen mei de swarte rouletters. Njûre wachters. En hwerta eins?
‘Bistû bang foar my?’ frege ik Seale op 'e man ôf.
Hy seach my skrutel en kjel beide oan, mar joech gjin útslútsel. Hie ik dat dan forwachte? Doe't ik it him nochris frege, sei er slop: ‘Hoe komst dêr by?’
Mar sa gau't er doarst, spile er fan ruten en dat sei my genôch. Ik sykhelle djip en tocht wer: hy is der altyd, ik kin him mei myn tinzen elk eagenblik by my helje. Mar wylst ik dat ta treast bisocht, skriemden al myn lea.
Neitiid haw ik hwat ynboun. Earne fielde ik blykber ek wol, hwat ús mem my sa faek bihindich to hâlden jown hie, dat in frommes har net sa bleat jaen mocht. Of joech ik my heal en heal del by it hopeleaze gefal? Nei al dy jierren wit ik it net mear. Nei al dy jierren doarsten hja thús wolris redelik oer him prate en dan kaem it der op del, dat er nea in keardel útmakke. Mar foar alle oare kanten
| |
| |
fan him hie ik gjin each. Hja ornearren, dat er it gefal fan syn heit tofolle him neinommen hie. Us heit sei ek: ‘Hy doarst in frommes net oan, lit stean fan dy.’
‘Nou nou!’ sei ús mem.
Doe't ik stume, sei er, dat it as grap bidoeld wie.
Yn dy tiid wie ús mem har libben oan it útgean. En ús heit wie bliid, dat ik der wie om syn húshâlding waer to nimmen. It makke my neat út, hwer't ik wenne op 'e wrâld, salang't Seale ek earne wie. En hwat hja seine, rekke my yn wêzen ek net.
Mar dat is nou allegearre foroare. Hy hat longkanker krigen. En hy smookte net iens. Hy wie al wei, doe't ik fan syn sykte hearde. Fansels hiene hja it foar my stilholden. Ik lies it yn de krante en bigriep, dat ik mysels foar de kroade riden hie.
As wyld socht ik om in nij hâldfêst, nou't hy net mear op de ierde wie. Hwer moast ik it sykje? Moast ik in spoek fan him tinke en koe ik him moetsje yn de leane njonken it tsjerkhôf? Dêr't hy nou dochs earder lizze soe as ik. Op it lêst wist ik it wer. Syn grêf! Dat hie ik noch. Ik waerd bliid, hwant in grêf is it minste, mar ek wisser bisit as in libben minske, dat bang fan jin is.
Dêrom siet ik nou yn it harkenieltsje to stoarjen. Ik hie it hierd, omt ik der de tiid foar nimme woe. Hwat ús heit der ek fan sei! Soe ik de kasteleinsfrou freegje, hwer't syn grêf wie? Né, ik woe it sels opsykje. Ik hie in krânse stjûrd. Net mei myn namme der op. Sa dryst wie ik net mear. Mar ik hie him sels útsocht. Oan it reade lint soe ik him herkenne, as der ris oare grêven mei krânsen wiene. Trouwens it reade lint wie dúdlikernôch. Hwat soe dêr oer praet wêze!
Tsjin skimertiid gyng ik der op ôf. Yn de jachtweide siet folk, mar ik koe troch de skuorre gean. Soene hja boppe de gerdyntsjes stean to loeren, hwer't de dûmmy's dochter hinne gyng? Wisten hja dat dan net? Sokke deaden! Dy't noch in hert hiene, dat kloppe, dy't har eagen en earmen noch brûke koene, dy't har earmen noch om in leafste hinne slaen koene, as se net bang wiene. Dêr stiene se mei leedformeits in iensum minske har smert to binoaskjen. Ik forachte har, mar it fielde, oft ik oan striptease die.
Doe't Seale syn eagen noch hie, seach er fan my ôf en syn earmen sieten him omkeard oan de lea, as ik by him yn de buert wie. En syn hert kloppe wol hurder, as er my seach, mar dat wie eangst. O, God, hwerom? God! Ik hie bidden, dat ik gjin wurden mear fine koe. Dat ik net mear tinke koe. In koperen himel, in izeren loft wie it
| |
| |
antwurd.
Ik roun op de wiete modder fan de paden en digere de grêven oer. En seach efterom: allegearre dobkes fan myn hakken. Wie it jinsen dat nije grêf? Mar dêr lei gjin krânse by. Ik woe op syn grêf ek omrinne en lit der dobkes fan myn hakken yn efter. Myn eigendomsteken. Mar hwer wie it? Ik roun it hiele hôf om. Hja hiene him de krânse dochs net ûntholden? Neat koe my ûntkaem wêze, mar dochs gyng ik der wer omhinne. En foar de trêdde kear. Lykas op in âlderwetske bigraffenis om de tsjoede geasten to bannen. It kloklieden mankearre der noch mar oan. Hiene se myn krânse der weihelle? Hwer lei Seale dochs?
Ik seach efterom nei de herberge. Dêr koene se my omavensearjen sjen. Toe mar, noch mear klean út!
Doe draefde ik der wei, nei syn hûs ta. Mar ûnderweis kaem ik de deagraver tsjin. Ik fleach op him ta en rôp: ‘Hwer is syn grêf?’
Ik hoegde gjin tekst en útliz to dwaen, hy koe my wol. Hie er net mei Seale en my yn de skoalbanken sitten?
‘Hy hat gjin grêf,’ sei er koart.
‘In deade moat dochs in grêf ha,’ sei ik lilk, ‘of is er earne oars bigroeven?’
‘Hy hat gjin grêf,’ herhelle er op in toan, oft er it my kwea ôf naem.
‘Dat kin ommers net, man,’ sei ik, bang nou.
‘Hy hat him forbarne litten,’ sei er, ‘nuvere keardel.’
‘Hwerom?’ frege ik op in toan, as wie it syn dwaen. It krong ek mar stadich ta my troch. Soks wie by ús alhiel gjin wizânsje.
‘Freegje my dat net,’ sei er.
‘Ha syn heitendy dat bioardere?’ Mar dat koe ik my ek net yntinke.
‘Hy hie it biskreaun.’
Forachtlik sei er: ‘Kremaesje. Heidensk.’
‘O,’ en mear koe ik net útbringe.
‘Der binne frjemden op 'e wrâld, moatst mar tinke.’
Dat skreaude er my efternei, doe't ik him forslein forliet. Dêr bidoelde er my ek mei grif.
It koe my neat skele. Hwer moast ik my nou oan oereinhâlde? Sels in spoek soe er net mear foar my wurde kinne. Hwant hwat wie in spoek fan jiske?
Doe't ik yn de herberge weromkaem, wie de kasteleinsfrou der wer. Ik moat wol raer sjoen ha, hwant hja sei sûnder dat ik ien wurd falle
| |
| |
liet: ‘Wisten jo it dan net? Ik tocht al.’
Hja bisocht my to treasten, mar ik stegere har ôf. Ik gyng wer foar it finsterke sitten. Ik seach ien greate, swarte massa. Ik seach in gat, in ôfgroun as de ierde sels, sa wiid. En ynienen waerd ik sa bang. Staf-en-af griep ik myn kofferke, dat noch ynpakt stie, rekkene ôf en draefde suver ta de doar út.
It wie sa stil as dea yn de natuer wurden. Flokken wiete snie foelen nuvere sêft en sunich del. Jiske, tocht ik, jiske. In spoek fan jiske, dat my gripe woe en net iens koe!
Ik fleach as wyld efter in bus oan, dy't net foar my stopje woe.
|
|