Jan de Vries / Jorwert
Jan de Vries, yn 1939 berne yn Jorwert en dêr oant nou ta wenjen bleaun. Earst thús op 'e pleats en nou mei frou en twa soannen yn 'e buorren.
Nei de (lânbou)oplieding assistent redakteur west by it Fries Landbouwblad en dêrnei in jiermannich de publisiteit forsoarge by de CAF. Op 't stuit wurdt it brea fortsjinne as agrarysksoasjael foarljochter, mar meikoarten wurdt dit wer forwiksele mei in ‘publisiteit-forsoarging’ funksje.
It fers ‘Sicht op in flat’ wie it earste fers dat ynstjûrd waerd foar de Rely-Jorritsma priisfraech. It sil ek it earste wêze dat publisearre wurdt. It oare wurk hat altyd noch plak krige yn it bero fan de skriuwer en steapelt dêr aerdich op.
Dit yn tsjinstelling mei in stik of sawn kabaret-revu-programs, dy't allegearre op 'e planken brocht waerden.
It regelmjittich skriuwen as redakteur fan ‘de stiennen man’ lit ik by dit alles bûten skôging.
Dit wie't wol sahwat.
| |