gefaerlik, ik seach hoe't er fûsten makke yn 'e bûsen, syn bûsen stiene fier út en it biweechde dêr. Ik die in pear stappen efterút. Pier stie noch mei de skonken oer de stange, hy seach neat. Pyt kaem tichter by pier. Ynienen helle pyt syn fûst út en mepte pier lyk oan 'e kop. Pier foel oer de fyts hinne, it efterst tsjil lei los fan de groun en it draeide.
- Dat is foar it ligen, lake pyt.
Pier stoude oerein.
- Der wie in fjûrbal, fordomme, raesde er.
Hy soe op pyt yn mar dy bleau tsjin de hoeke fan de winkel oanhingjen. Hy seach hoe't pier op him yn kaem.
- Kom net tichterby, jonkje.
Pier bleau stean. Hy seach pyt oan, dy't nou net mear lake. Hy liet syn tosken sjen, it wyt skittere tusken syn lippen, dy't strak yn syn wangen stiene. Pier bleau stean, hy loek oan 'e skouders, en bigoun to glimkjen.
- Der wie in fjûrbal, sei er.
Hy loek nochris oan syn skouders en draeide him om. Pyt kaem efter him oan. Kalm pakte pier syn fyts by it stjûr en sette him rjochtop tsjin de winkelsmuorre oan. Hy die gjin stap hurder, ek al bleau pyt krekt efter him.
- Dû bist gek, gnyske pyt.
Pier draeide him om.
- Dat kinstû net bigripe, sei er.
Pyt stie foar him, de earms hongen gewoan by him del, hy makke gjin fûsten.
- Wy hawwe it sjoen, wy sieten by hanneke, dy hat it ek sjoen, freegje har.
Pyt loek oan de skouders en lake. Hy spuide lyk foar pier op de groun.
- Hanneke giet dea, sei er.
Ynienen waerd pier fjûrread, hy sprong op pyt ta en skopte him yn 'e mage. Pyt sloech dûbelgear tsjin de muorre oan, syn hannen mei de fingers wiidút tsjin de stiennen oan. Pier skopte en sloech, kroanend sakke pyt omleech, oant er yn it grind foar de winkel lei. - Der wie in fjûrbal en hanneke giet nét dea, flústere er.
Doe skopte er pyt fûleindich yn 'e side. Pyt sei neat mear, hy lei dêr mei in wyt gesicht op de grindstiennen, der kaem bloed út syn mûle. Pier liet him lizze, hy draeide him om en gie nei syn fyts. Stadich