Hannah Ludwig, berne 4-2-'43 to Assen, mislearre op de h.b.s. en op it kantoar fan de ryksbilêstingen, dêr't se ‘hwat to boartlik’ foun waerd. Dit stie ek yn de ynljochtings, doe't se by de fryske édysje fan ‘het vrije volk’ sollisitearre. Dêr foun men it in pluspunt, en sadwaende hat se sûnt ein '62 yn fêste tsjinst en as free-lance by dit deiblêd oan it wurk west. Bigjin '67 troude se mei tjitte piebenga en bigoun doe frysk to learen. ‘Soasiale bystân’ wie har earste fers yn it frysk.