hie de winkel al gau foun en skelde oan.
Hoasfuotlings, mei de galgen del en de broeksbân los, kaem de grienteboer tusken de bakjes troch. Hy skoude de knip fan de doar.
- Soa, wiest dêr al?
- Hjir is de bonke, baes.
- Moai sa. Hy hat ek al ien fan my hawn.
De grienteboer roun de winkel in eintsje yn en krige hwat fan in richel.
- Der is net folle fan oerbleaun, sei er.
Hy die syn hân iepen, der leine trije skyltsjes swarte rubber yn. De triennen sprongen Sander yn de eagen.
- Mar, baes.
- Neat oan to dwaen, jong. Hwat dy houn beet hat, hat er beet.
- Nou kinne wy net mear fuotbalje.
- Neat oan to dwaen. Wolst in lekkere par ha?
Sander biet op syn lippen, skodde van né en draeide him om. De grienteboer skoude de knip wer op de doar. Sander drafke nei it Saeilân ta en soalde ûnderweis de murchbonke yn de grêft. Mei in skok bleau er stean. Dêr wie it famke dat him fan 'e middei oanlake hie. Yn in wyt rokje en in koart blau manteltsje. Se soe krekt op har fyts stappe. In tennisracket en in kuorke stutsen ûnder de selsbiners fan har pakjedrager út.
Sander slokte en skeat op har ta. - Mei 'k mei?
Forheard seach se op. Har eagen waerden great. - Hwerhinne?
It swit bruts him út, syn holle roun leech. - In eintsje mei dy oprinne, brocht er út.
- Hwerom?
Syn sliepen prykten, hy waerd dwyl. - Samar, stammere er.
Se sei neat, mar bleau him oansjen.
- Ast it goed fynst, sei Sander amper forsteanber.
Se luts oan de skouders. - My bêst.
- Sil ik dy efterop nimme?, frege er hwat moediger.
- Lit ús mar rinne.
Se rounen fierder, sy op de stoepe, Sander op de dyk, de fyts tusken har yn.
- Bist al lang op ús skoalle?
- Né, andere se, noch mar in wike.
Hy seach in pear wite gymnastykskuon en twa nije tennisballen yn har kuorke lizzen. Hy krige der ien út, de bal fielde lekker pluzich yn syn hân.