Josse de Haen / Hearbeam
josse de haan, hearbeam: dichter - kommunikativeling
- fotografysk werom/foarútsjen -
‘as dummy to wrâld kommen yn peins / 1941/2 meter snie / 20 ûnder nul / stienbok-wetterman / grinsmins / boekenletterfretter / troch freondinne op myn 16e gek van achterberg / bigjin fan de poëzijellinde / meiwurker “onzezin” friese koerier / in tiidlang oars neat as jazz / dan sartre, kafka, miller, poe, dostojewski, camus, kierkegaard, claus, vanostayen en yoga /op myn 19e in nederlânstalige roman skreaun / netprinte / meiwurkerredaksjelid quatrebras / yn 1963 yn de stifting de blauwe hand harns / blêd blabla / doe in fryske roman / ek net útjown / meiwurker awyt/yn 1968 operaesje fers / letter broadtsje healom / meiwurker trotwaer / libje is: it realisearjen fan de geastlike, seksuele, kommunikatieve en kreatieve eleminten yn de mins / ek sûnder in god foar 100% mins / de erotyk is tige wichtich foar my, foar dy, foar jo, foar jimme, foar alles hwat libbet / op priemmen: fersen en tekeningen mei joop huisman; eksperimintele teksten en illustraesjes mei harmen abma / honni soit qui mal y pense.’