Hy seach my oan. Hy liet neat skine, mar ik merkbiet it wol.
De eachopslach!
- Ik haw neat fan dy oan wol? -
Men kin der ien mei formoardzje yn fredestiid, sûnder dat der straf op stiet. Yn tiid fan oarloch kin it lykwols ek oarsom brûkt wurde. Mar, as de eachopslach fan in oar nou altiten fan jin ôfstuitet, as rinne jo mei in glêzen skerm foar!
- Wis, ik haw it yn 'e rin fan 'e tiid makke fan kûgelfrij glês. Mar, as ik nou wolris oansketten wurde wol! -
Lykwols der wie persoanielskrapte, en hy wie bliid dat er ien hie. Sa kaem ik tolânne by it ûnderguod. Trije moanne letter forhuze ik nei de snobberij, en in troude frou krige myn plak by de ûnderklean.
Ik stean nou al tsien jier forskûle efter greate steapels repen fan seis foar in goune, en nogablokken fan in kwartsje it stik.
Tonearsten wie 'k thús yn 'e kost, en reizge ik hinne en wer.
- Dou seist ek net folle. -
Mar moat ik dan elke dei opnij fortelle dat ik safolle repen, en safolle nogablokken forkocht haw? Dat it my noch altiten spyt, dat ik it oanjoech by de sjef fan it lytse jonkje, dat gau gau in nogablok yn 'e bûse stiek?
It wie sa'n aerdich mantsje, mei fan dy grappige ljipaikes op 'e snút. Syn rjochterhân hâldde er stiif yn 'e bûse, op syn nogablok. Faeks woe er syn suske de helte jaen. Hy raesde it út doe't de sjef him beetpakte. Letter helle syn mem him op. In grou frommis, dat him meiskuorde nei de draeidoar. Doe't se him der útdraeide, woe 'k him in knypeachje jaen, mar dêr wie 't al to let foar.
- Mar fanke dêr kinst dochs gjin spyt fan ha. Dou hiest great gelyk, it achtste gebod. -
- Ha dy Saekje, moai waer net? -
- Ja, moai waer. -
- Foldocht it hwat yn 'e stêd? -
- Ja bêst. -
- Hast it al heard fan 'e slachter? -
- Ik wol it net hearre. -
Letter naem ik in keamer yn 'e stêd. Yn 't wykein gie ik nei hûs.
- Dou seist ek net folle. -
Mar moat ik dan elke kear wer fortelle dat ik jouns hwat nei de radio harkje, dat ik in protte lês,