Trotwaer. Jaargang 1
(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 1]
| |
[Nummer 10]Speechke troch Lolle Nauta, ôfgeand lid fan de Rely-jury:Foardat de jierlikse jildforparterij mei in feestlike gearkomste yn Mantgum bisletten wurde kin, is der in jury oan 't skreppen en skuorren. Faeks hat it sin en fortel fan it hâlden en dragen fan dy-jury-efter-de-foarkleden hwat mear. Hwat ik siz, siz ik allinne út namme fan mysels; myn tekst is troch de oare twa leden net fantofoaren lêzen, lit stean fan goedkard. Fansels, de typoskripten dêr't ek noch wolris in fordwaeld manuskript tusken sit, wurde fan ús lêzen. Dy skripten binne ús dan ûnder motto tastjûrd en wy witte dus offisjeel net, hwa't hwat skreaun hat. Lykwols is ek de styl fan in forhael of fers in soarte fan hânskrift, sadat de leden fan de jury somtiden wol har formoedens ha, as se byinoarkomme. Is de kar makke, dan is it altyd wer in aerdich selskip-spultsje om nei de nammen to rieden, foardat de skriuwer fan it R.J.-founs troch ús opskille wurdt. De gearkomste fan de jury duorret sahwat in hiele dei. Der wiene dizkear seisentweintich fersen en twaentweintich forhalen ynstjûrd en wy bigjinne meastal mei it útselektearen fan dy forhalen en fersen, dy't nei de oertsjûging fan ús alle trije net foar bikroaning yn 'e nominaesje komme. Folle diskusje is der dan noch net, wol wurdt de negative seleksje motivearre en fansels kin der by sa'n motivearing wolris hwat forskil fan miening ûntstean. Meastentiids lykwols wurde allinne dy produkten byside lein, dêr't wy it gau oer iens binne, dat hja min binne. Hwat binne dat foar forhalen en fersen? It binne de meast tradysjonele, de meast wierskynlike produkten dy't dan byinoarswile wurde. Hwat de forhalen oanbilanget: de foar ús sub-literatuer ûnmisbere dochter fan de boer, dy't boaskje wol mei de soan fan de koumelker; de skrutene skoalmaster, alias yntellektueel, dy't foreale is, mar net krekt wit hoe't er it oanlizze moat en hwat knoffelich is by it earste op bêd sillen; ek de boer, | |
[pagina 2]
| |
dy't yn 'e stêd yn in kroech hast bistellen wurdt troch fansels in forkearde frou, hja forskynden allegearre op it aljemint. Oft oer sokke ûnderwerpen dan gjin goede forhalen skreaun wurde kinne? Théoretysk wol, mar praktysk, feitlik net, tinkt my. Men kin dizze figuren al, foardat men mei har yn 'e kunde komt. Har hâlden en dragen liket foar ivich fêstlein op de bân fan 'e tradysje. Men moat in great skriuwer wêze om fan dizze foarmen fan gedrach ôfstân nimme to kinnen en it wierskynlike op 'e nij ûnwierskynlik to meitsjen. Dochs wiene dit soarte fan tradysjonele en ek agraryske forhalen yn de minderheit. De ynstjûrder hie't dizkear ek to krijen mei in nij soarte fan moade of, as men wol, tradysje: de hjoeddeiske technyk: in boer, dy't in auto útfynt, dy't net allinne ride, mar ek hippe kin, in reidhipper, o sa noflik fansels; en twa kear foel der sels in atoombom op Fryslân. Dizze forhalen wiene alle trije net bêst; hja hiene de sykte fan it nijerwetske. Har skriuwers hiene forgetten, dat in forhael mei in moderne thematyk dêrom noch net in goed forhael hoecht to wêzen. Foaral as it sa'n spultsje is fan: ynsté fan in boer of skoalmaster nou mar ris in útfiner of in t.v.-journalist. Troch in fluts nijmoadrichheit smakket in cocktail, dêr't dochs noch frijhwat molke yn sit, gauris hwat sûr; in forhael kin ek troch in tofolle oan sosiael engagemint op 'e non rinne. It tal fersen, dat by foarrie útselekteard waerd, wie lykwols folle greater; oer mear as de helte wiene wy it frij gau iens. Ek hjir wiene fansels in stikmannich tige tradysjoneel en kitscherich: ‘Der leit in floed fan leafde oer de mar’. Of: It lêste blêd falt fan 'e beam
it dwarrelt yn 'e stream
wurdt wei...
ik stoarje 't nei.
Noch in foarbyld, ek mar in fragmint: Tusken de spiler en my
neat as de swarte plaet
't is oft er mei my praet
mei in mezykje derby.
| |
[pagina 3]
| |
Net iens ûnsympathyk faeks dit lêste, mar sûnder needsaek; aerdich bitocht, mar mear ek net; rigels dy't neat ophelderje, fordúdlikje, mar in lyts stikje fan de wrâld mei wurden, mei byld en rym forsiere. Nêst dizze tradysjonele ferskes, dy't op 'en heechsten in plakje op 'e sinteklaestafel fortsjinje, founen wy ek hjir produkten, dy't op in oerflakkige wize nijmoadrich wiene. Forskate fan de ynstjûrde fersen wiene net folle mear as imitaesjes fan nijere, experimintele tradysjes. In soarte fan pseudo-modernisme wie ek hjir in sykte mei as symptoom fakentiden in hwat ûnnoazele boartlikheit, dêr't ik net iens fan sizze wol, dat it yn alle bikroande fersen ûntbrekt. Hwant it hege wurd moat der nou mar út: de forhalen wiene dizkear fol better as de fersen, dy't foar fierwei it greatste part ûnder de mjitte bleauwen. Hoe giet it dan fierder mei de seleksje fan de jury? Nou komme har nuodlikste ûren, dizkear dus foaral by de bioardieling fan de forhalen, dêr't nei de earste seleksje mear as de helte fan oerbleaun wie. Oertsjûging stiet dan fakentiden tsjinoer oertsjûging en der wurdt fûl debatteard. Dat der troch dy diskusje fakentiden foroaring komt yn de stânpunten, kin ik net sizze. Foaral as minsken eat tige goed of tige min fine, is der net mear in soad oan to dwaen; der sit dan blykber tofolle emoasje oan it fakentiden sa rasjoneel fordigene wearde-oardiel fêst. Dêrmei is net sein, dat dy diskusje gjin sin hat; hja is op 't lêst in soarte fan eksplisite motivearring en evaluaesje, ek kin men wolris hwat oer de holle sjen, dêr't in oar jin op wiist en sels is it yn de ôfroune trije jier ris bard, dat in jurylid neí de gearkomste noch de arguminten fan de oaren yn him omgean liet en fan miening foroare; it koe noch; it wie snein en de kranten wiene noch net forskynd. Soks lykwols is in greate útsûndering en dêrom sit der yn ús mienskiplike kar ek in stik kompromis. Sa binne der b.g. forskillende, nei myn bitinken goede forhalen, net bikroand, ek al binne nei myn miening alle bikroande forhalen goed. Ik jow ta dat ús kar autoritair neamd wurde kin. Op in bipaeld stuit komme wy mei ús miening foar 't ljocht en sa sit it dan, foar ivich en altyd. Ik wit net, hoefolle romte it testamint fan Jorritsma talit, mar faeks kin men ris bisykje de skriuwers sels biskiede to litten, hwa't fan har it bêste produkt ynstjûrde. As learlingen sels bislisse meije oft hja oergeane, hwerom skriuwers dan net oer de har ta to mjitten prizen? | |
[pagina 4]
| |
In wurdmannich noch oer it bikroande wurk. As men de fersen lêst fan Durk van der PloegGa naar voetnoot*) en Hannah Ludwig, soe men op de gedachte komme kinne dat der in nij soarte poëzij op kommen is: poëzij mei in protest-funksje, like saeklik as sosiael en poëtysk. Hwerom ek soe de poëzij, dy't al fierstentolang - ek yn syn eksperimentele foarmen - it hillichdom is fan de emoasje, gjin maetskippij-krityske funksje ha kinne? Hja wol wol, sjoch mar nei it chanson en it protest-liet; oft de dichters ek wolle, is in twadde. It fers fan Josse de Haan, dêr't de jury noch al lang oer debatteard hat, past eins net yn dit milieu fan stivens, stoel en sprekkerij. It heart thús yn in jazzkelder. As Jo der nei hearre as nei in fers dat Jo ‘hwat dwaen’ moat, dan is de kâns great dat it Jo neat sizze sil. Spitich dat de measte poëzij, dy't wy ûnder eagen krigen, sa humorleas is. In man as Buddingh b.g., hwaens ynfloed yn 'e hollânske literatuer suver tradysje wurden is, soe hjir hwat mear lêzen wurde moatte. Sa't ik al sei, de forhalen dy't wy bikroand ha, founen wy alle trije tige goed, ek al wie ús bislút ienriedich dat ‘De Blauwe Bar’ fan Meindert Bylsma hjoed foarlêzen wurde moast. Dit forhael hat mear as allinne in moderne thematyk; de thematyk is hjir ek troch it hiele forhael folhâlden. Hja fungearret net as alibi foar in fierder folslein tradysjonele struktuer. It forhael bifettet boppedat in stik ymplisite krityk op de maetskippij, bihannelet in relevant probleem en docht dat mei in wikseljende kamera-ynstelling en in dochs tige sobere en ek direkte wize fan fortellen. Ik wol net besykje it oare forheljende wurk, dat Jo hjoed dochs net to hearren krije, to karakterisearjen. Ik hoopje dat dizze forhalen mei gauwens printe wurde. As men sjocht hwat der yn Fryslân oan forteltalint is, dan mei men hoopje, dat der ris wer ien of mear blomlêzingen forskine fan koarte forhalen. As de útjowers it net oandoare, dan mar as spesiael nûmer fan Trotwaer. Hja ha faeks yn oktober noch wol forlet fan in juny-nûmer.
Noch in mear saeklike meidieling ta bislút. Der binne noch altyd dichters dy't in syklus ynstjûre ynsté fan in fers. Hja moatte net forjitte, dat sa'n syklus as ien gehiel bioardiele wurdt en dat de jury der fansels net it bêste stikje útkieze kin. Ek binne der guon, dy't to lange forhalen ynstjûre. Sa koe dizkear in forhael fan 12.000 wurden net yn 'e bineaming komme foar bioardieling, omt yn de ynstruksje fan de priisfraech frege wie om in forhael fan likernôch 5000 wurden. | |
[pagina 5]
| |
Ik hoopje dat de Rely Jorritsmapriis yn 'e takomst - faeks mei help fan in skerpere seleksje - in priis wurde mei, dy't de fornijing fan it literaire libben yn Fryslân stimulearje kin. Wy ha gjin jildforparterij nedich foar wurk, dêr't de needsaek oan ûntbrekt en dat yn it buro-laed thúsheart ynsté fan yn de map fan in jury. |
|