Trotwaer. Jaargang 1
(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermdAs't my net mistAs't my net mist, forskynt Trotwaer ienkear yn 'e moanne, tominsten dat stiet oan 'e binnenkant fan it omslachblêd. As't my net mist, kaem it jannewarisnûmer yn 'e twadde helte fan febrewaerje út. Dat lei doe oan administrative en druktechnyske swierrichheden, sa ûntskuldigen de útjowers har. As't my net mist, seine hja tagelyk ta, dat it febrewarisnûmer oan 'e ein fan 'e moanne op 'e normale tiid forskine soe. In winskdream. As 't my net mist hiene wy it maertnûmer by de iepening fan it Frysk Letterkundich Museum op 27 april noch net. As't my net mist, wiene wy op 16 july sa fier, dat wy it meinûmer yn 'e hûs hiene. As't my net mist, hie dat maeijenûmer wêze moatten, mar dit is mûlk sa'n nijfryske foarm lyk as roombûter, dêr't neffens ús molktaper ien fan syn klanten mei har útfanhûzer, in Friezin om utens wei, oer | |
[pagina 302]
| |
tsierde. Dy hâldde by heech en by leech fol, it wie roombûter. Us molktaper woe op rjemmebûter út en ik op bûter allinnich. Hwer't ik mei sizze wol, ien dy't sa'n bûter op 'e holle hat, lyk as Riemersma mei syn Trotwaer, kin him better stil hâlde oer de Kikkerts, dy't net op 'e tiid forskine, al hat er hûndert kear gelyk. Dat hat er lykwols ek noch net, hwant yn 1969 binne útkommen Dat Sadwaende fan Paulus Akkerman en de werprintinge fan It Heechhôf fan Reinder Brolsma, dus twa mear as neat.
De kwaliteit fan de Kikkerts is R. lang net oer to sprekken, mar it opnimmen fan It Heechhôf yn 'e rige docht by him de doar ta. ‘It slimste ekses, in boek dat nota bene inkeld en allinne werprinte is foar âldere lêzers,’ ornearret er. Al wie it sa, meije dy âldere lêzers dan net oan ha trekken komme? Ik wit net, hwer't by R. âld bigjint, mar neffens it statistysk bûseboek fan 1966 bistie de bifolkings-op bou yn Nederlân yn 1965 út 9,8% ûnder de 5 jier, 18,3% fan 5-14 jier, 9,7% fan 15-19, 48,3% fan 20-59 en 13,9% fan 60 jier en âlder. Dy lêste groep is 28,8% fan dy fan 20-59. Yn 1950 wie dat mar 22,4%, dat der komme navenant folle mear âlderen en soks sil grif noch trochsette. Dy fan 60 en âlder sille de útjowers wol foar eagen hâlde moatte, binammen ek om't der moai wis in fikse ploech út dy fan 20-59 byteld wurde kin. En binne it allinne de âlderen dy't nei Reinder Brolsma tale? It soe spitich wêze foar de jongerein as dy him sa op himsels en hwat nou moade is blyn stoarre, dat er gjin each en ear hie foar de fine biskriuwingskunst fan Brolsma mei in humor, dy't men yn de nijfryske skriuwerij omdôch siket. Rink van der Velde en Reinder van der Leest kipe har der lokkich út. Ik moat it noch sjen dat om it jier 2000 hinne sa'n fraech is nei Fabryk as nou nei de boeken fan foar de twadde wrâldoarloch. De direkteur fan de Sentrale Biblioteeksjinst yn Fryslân fortelt, se wurde safolle frege, dat se finael stikken lêzen binne en om forfanging roppe. De sleet yn Fabryk wie, it mist my net, to tankjen oan, bûten de literaire waerden om, it trochbrekken fan in aerdich rychje taboe's. De naturalistyske biskriuwing fan heechstantsjes yn 'e lichaemlike houlikstechnyk hast oan de ein fan it boek, is fan datoangeande in klimaks. Dat Koop Scholten krekt dy scène nei foaren hell e yn syn lûdbyld oer it Frysk Letterkundich Museum, wiist der op dat hy dy as karakteristykGa naar eind1) biskôget. Hwa is dêr lykwols oer tritich jier noch sljucht nei? De publikaesjes en demonstraesjes fan de N.V.S.H. mei de bisprekkingen foar radio en de t.v. útstjûringen sille dan wol sa goed trochwurke hawwe, dat gjin lêzer der dêrom mear op ôffljocht. Allegearre âld nijs. As Brolsma yn Groun en Minsken in haedstik bislút mei: ‘Sa einige it feest fen de Risping en sette det fen de siedding yn,’ sil dat wer mear as genôch sizze foar ien, dy't net syklik as in struner forlet hat oarman to bignuven yn syn meast yntime dwaen en litten. Dat wy dêr nou noch net oan ta en likemin oan de syklike niget foar ‘fize’ wurden ûntgroeid binne, biwiist it lêste nûmer fan Trotwaer. De biskôging fan Klaas Tuininga oer ‘Operaesje Fers’ is it oan to witten. Hat de redaksje dêrom ek Solo, Intellektualisme en Lyts Ungemak opnommen? Ommyfreget dy in oare kear in tekener in protsje hounekalmei op it sljocht út to byldzjen, dat hat likefolle doel.
D. Rienks-Wallinga |
|