Trioel
Paperback? Kikkert yn 'e sek? (II)
Is it dúdlik dat de paperbackrige net biantwurdet oan de stelde forwachtings by de lânsearring; ís it wier dat yn 1969 gjin paperback forskynd is en ís it sa dat de útjowers gjin earnst meitsje mei har Frysk-literaire branche?
Wy wolle gjin antwurden jaen, allinne in pear, nei ús bitinken, wichtige punten neame, as tafoeging oan it troch Riemersma skreaune.
Der is sûnt it forskinen fan de earste paperback mear romte foar útjeften, binammen foar dy fan 'e jongere skriuwers (û.m. Trinus Riemersma, Tjitte Piebenga, Jan J. Bijlsma, Hylke Speerstra en Reinder R. van der Leest); oant nou ta forskynden 26 paperbacks; dêrfan kamen yn 1969 3 út: ‘Dat sadwaende’ fan Paulus Akkerman, ‘It Heechhôf’ fan Reinder Brolsma en ‘Hwer komst wei’ fan Auck Smit-de Boer; fóar de Fryske Boekewike sille noch om-ende-by 10 paperbacks útkomme; de sifers hawwe útwiisd dat it allinne de muoite wurdich is om de boeken fan ûngefear Oktober oant en mei Maert út to jaen: de praktyk hat it yn dit opsicht woun fan it idéael.
Ien antwurd wolle wy lykwols ál jaen: der is nea ôfpraet, noch yn de Paperbackkommisje, noch yn it formidden fan 'e Bistjûrsrie fan 'e Stifting ‘It Fryske Boek’, dat ‘yn 'e paperbackrige allinne nij wurk mei in ridlik nivo fan jongere skriuwers forskine soe’ (ensfh). De paperbackrige wíe en ís ornearre foar in breed publyk, hwant ‘der is in titel foar beppe en beatle’ en de forkeapsifers fan ‘It Heechhôf’ wize út dat ek Brolsma blykber noch in breed lêzerspublyk hat.
foar de Paperbackkommisje/Stifting It Fryske Boek,
T.P. Kamminga.