d. | Jo anekdoate oer roombûtter is yndied kostlek. Om de achte bûtter (roomboter) fon margaryne te ûnderskieden wudt eastneamde yn 't Frysk gaures oantsjut mei ut wud boerebûtter. Mar wot mij oanbelanget meie Jo olles bûtter neame. |
e. | Jo ynformaasje oer de befólkingsópbouw is wot rûg, tinkt mij. Tenei matte Jo óp un meensten trije syfers efter de kómma sette. |
f. | ik bin ut mei Jo iens dot de ôderein ek oan syn trekken kómme mat; dot haf ik nammes nea ûntkend. |
g. | blykber havve Jo myn artykeltsje net goed begrype wóllen. Ik haf gjìn beswier tsjin ut werprintsjen fon ôde, útferkochte bûkken. Ik haf òl beswier tsjin ut ópnimmen fon 'e werprintinge fon un bûk, dêrt ollinne bij de ôderein fraag nei is, yn un rige dyt him bij ôspraak rjóchtsje soe óp 'e jongerein. |
h. | Jo ha gelyk: fon Akkermon is dur dut ier un paperback ferskynd. Dy hie ik oer de kop sjoen. Dot is dus ien yn (no) acht mwanne. It Heechhôf is gjin kikket. |
i. | lykos Jo mat ik ut noch sjen ot se yn 't ier 2000 bûkken os Fabryk noch lêze wólle. Ik hoopje dot wij ut beide belibje meie. Ik bin don jinnenseksteg. En Jo, Frouw Rynks? |
j. | matte Jo no ek ol oer de seksewalleteit begjinne? Oer fize bûkken en smwarge ynstellingen os de NVSH? |
k. | yn 'e Nijfryske lyteratuer binne trije humoristen! Beholven Rink fon dur Velde en Reinder Rienk fon dur Leest is dur noch ien.... Jo binne te beskieden, Frouw. |
Tr. R