Trotwaer. Jaargang 1
(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 280]
| |
Geart van der Zwaag / By Sipke Dykstra syn anti-kwariaet (I)R. Brolsma, - Dou hast foar bisprek de sechste printinge fan Reinder Brolsma's ‘It Heechhôf’ bisjoen. Hoe fier biste? - Klear. - Moai, kinst de tekst ynleverje? - Né, der komt gjin tekst. - ? - Tominsten fan my net. - Hwerom'nt? - It boek is foarby, en al in hiel set. Ik woe it mar rêste litte, it hôf it hôf. It is trouwens al wol bisprutsen.Ga naar eind*). Der bin gjin nije gesichtspunten. - Op 'e efterkant fan it omslach stiet oars to lêzen, dat it wurk fan Reinder Brolsma by syn libben suver al klassyk wie. - Krekt, mar hast is hjir noch net heal. - Hwat bidoelt de tekstskriuwer hjir dan? - De forkeap fan it boek. Hy hat by Wadman grif hwat opheind en dat hwat biwurke. - Hwat hat Wadman yn dit forbân oer Brolsma sein? - ‘Yn safier is hy as skriuwer al klassyk wurden: al syn kwaliteiten en tokoarten binne oan alle kanten hifke en útspoun....’Ga naar eind**) - Ik tink by it bigryp ‘klassyk’ mear oan: mooglik âld, mar noait forâldere. - Just. - Net klassyk dus? - Né, antyk. - Is dat dyn karakteristyk fan ‘It Heechhôf’? | |
[pagina 281]
| |
- Ja, in moaije âld stelt út it fryske binhús fan in heale ieu lyn. - Dus, wol moai. - Moai biskildere, jawisse. - Frysk ierdewurk? - Ja, klaei en de lju der op. - Hwat dogge dy lju? - Se dogge hwat se diene: de loft skôgje, in koumelkersspultsje bibuorkje, jildlik ûnder in oar sitte, mekoar it near oplizze, reedride, jirpelskylje, fan de koöperaesje hearre, frije (nou ja), bûthúshimmelje, kealforhannelje, keninginnefeestfiere, tsjerkereizgje, koarsjonge, foardrage en in grammefoan sjen. - Hwat docht Brolsma mei syn minsken? - Biskriuwe, observearje en biskriuwe. Fierders neat. It systeem fan hâlden en dragen bliuwt sletten. Der foroaret neat. - De maetskiplike wurklikheit fan de jierren 10? - Brolsma syn wurklikheit, in tipysk statyskenien. - Hwat dogge wy mei dit boek? - Sipke Dykstra werom stjûre en him skriuwe dat er foar dit stelt âlde petretten útsykje moat. Moai foar meiinoar op 'e skoarstienmantel.
BY DE IEPENE SKUORDOAR STIE JAN SELS; HY SEACH OM HIM HINNE, HY SEACH EK DAT IT MOAI WIE. RICHT STOEP STADICH OP NEI IT ALD HUS TA; DER WIE FREDE YN HAR GEMOED. |