R.R. van der Leest / Sunder salt
Joop Boomsma: ‘Frysk Om Utens’ Gouderak (Z.H.), 1969.
Joop Boomsma is by myn witten de tredde Fries om utens dy't syn dichterlik heil yn in pamflet siket. Tsjerk Veenstra en ûnderskreane gyngen him foar.
Boomsma, in ‘jonge fan krekt nei de oarloch’, is (hoe kin it oars) ûnderwizer. To Gouderak (ZH) en ‘hy formakket him dêr bêst’. Hy warskôget de lêzer fan syn pamflet FRYSK OM UTENS syn ferskes net to swier to nimmen. (‘né, né, it binne gjin gedichten, né, né’). Dêrmei slút er him by syn foargongers oan.
Yn it smelle hege pamflet binne 13 ferskes en ien siklus opnommen. De siklus binhannelt de sawn dagen fan de wike. Boomsma brûkt de praettoan en it understatement. Mar praettoan en understatement allinnich binne net genôch om in gedicht, sels net om in goed ferske to skriuwen. De nochtere konstatearring moat trochkringe ta in djippere laech. Boomsma wit foar my net dy djippere laech to suggerearjen.
De 13 ferskes kin men 3 soarten yn ûnderskiede. Ympresjes, oertinkings, ien ready-made. De ympresjes steane wol inkelde aerdige rigels yn: ‘de wyn kaertet mei beammen en struken’. Mar dy kinne it brek oan ûnderlaech net goed meitsje. Der stiet allinnich hwat der stiet, en dat is to min. By in skilderij soe men sizze: it is ferve bleaun.
Sa ek de oertinkings. Se forwurdzje ôfsage ûnderwerpen. Nou wit ik