hearre koe.
Rita bleau stean, trije stappen fan har ôf. In wyt skeinsprutich gesicht mei ljochtblauwe eagen en in roun noaske, lange brune slangen hier der om hinne. Se seach nei de tekening dy't Ele makke.
- Hast der sin oan, Rita?, frege Sierd.
Rita sei neat. Se folge Ele syn hân dy't in pear fikse boarsten oanbrocht.
- Rita hat altiten sin, hen Rita?, sei Sierd.
Ele tekene de mil och sa tin, tocht even nei en sette doe in rountsje op it plak fan de nawle.
- Of bist bang yn donker?, frege Sierd.
- Alles út bihalven de ljochten, sei Ele sûnder op to sjen.
Sierd lake. Doe't Rita noch hieltiten net antwurde, bigoun er súntsjes op de wize fan Lili Marleen to sjongen.
‘Ga je mee naar boven, ga je mee naar bed?
Onder de wollen dekens daar hebben we samen pret’.
Ele hie noch hwat forgetten, hy haeste him syn forsom goed to meitsjen.
- Forkeard, sei Rita, dêr sitte se net, doe't er de titten yn it sintrum fan de boarsten draeide.
- Hwer dan?, frege Ele nitelich.
- Leger en mear oan 'e siden, andere Rita freonlik.
- Jowt neat, mompele Ele.
- Dou soest better witte moatte, sei Rita.
Ele tekene de heupen, mar hy like nou net sa wis mear, syn streken waerden trilderich. Hy hold der mei op en stoarre nei de greate holle mei it lytse liif.
- Fierder, trune Rita oan.
Ele tocht wer nei. Ynienen kalke er mei wylde letters MINNY oer it ûnderliif en smiet it oerskot fan syn kryt fuort. Rita die in stap nei foaren ta, dat har klepper kaem op 'e foarholle fan Minny to stean.
- Is 't út mei har?, frege se.
- Ja, sei Ele, hoe wytstou dat?
- Hastou it útmakke?
- Sy woe net mear.
- Miskien wol Rita wol, stelde Sierd út. - Dou hast genôch seksepyl.
- Dat is 't him just, sei Ele, se wol myn sekse wol, mar myn pyl net!