Kommunikaesjeprogram............................
Operaesje fers
Us basiswurkprogram, mei de klam op basis, sprekt fan nije kommunikaesjewizen dy't sa breanedich binne yn de tsjintwurdige tiid. Wy mienden doe, febrewaris '68, dat it medium telefoan ien fan de kommunikaesjemiddels wie, dy't better brûkt wurde moast.
Nei 18 moannen draeijen kin men fêststelle dat it eksperimint slagge is. It is lykwols dúdlik dat ek de telefoan allinne gjin greate foroaring yn mentaliteit oanbrocht hat. Wy as redaksje fielden it dochs wol sa oan dat der in totale yntegraesje komme moast fan lûd en byld yn earste ynstânsje. Letter soene der noch mear mooglikheden op it flak fan gearwurking en yntegraesje foun wurde kinne. Wy tinke yn dit forbân oan in gearwurking tusken teater, televisy en radio. Mar earst wie it saek in losse forbining oan to gean mei in tiidskrift. As der dan op dit stik fan saken yn wêzen mar ien tiidskrift bistiet yn Fryslân (trotwaer), dan is it dúdlik dat mei dit tiidskrift praten wurdt.
Op woansdei 2 july 1.1. is der in petear west tusken inkelde minsken fan trotwaer en operaesje fers. It útgongspunt wie fanselssprekkend: eltse redaksje bliuwt autonoom, en forantwurdlik yn en foar it eigen bilied. Der is gjin ynfiltraesje, gjin ynfloed, mar wol in sa great mooglike gearwurking op it mêd fan poézij, en as it nedich is ek op oare gebieten.
De resultaten fan it petear binne: Operaesje Fers kriget eltse moanne 4 siden fan trotwaer, hwêrop dan de fersen dy't dy ôfroune moanne op 'e telefoanlinen stien hawwe ôfprinte wurde. Dizze 4 siden bliuwe ûnder de folle forantwurdlikens fan de redaksje fan Operaesje Fers. As honorarium sille deselde noarmen oanhâlden wurde dy't al by trotwaer fan tapassing binne: f 7,00 de side plus nochris f 10,00 fan it CRM as ‘additioneel honorarium’. De dichters sille der grif net minder fan wurde. Wy fan operaesje fers ha wol útdruklik steld dat it blêd eltse kear op tiid op 'e merk komt, (oars