Redaksioneel II
De redaksje is fan doel
a) | de suggestje fan dr. Lolle NautaGa naar voetnoot*), okkerdeis dien by de Rely Jorritsmapriisútrikking, oer to nimmen en noch foár de Fryske Boekewike 1969 it bikroande wurk út de priisfraech 1968 as in spésjael nûmer fan TROTWAER út to jaen; |
b) | Yn in folgjend TROTWAER-nûmer de Rely Jorritsma-priisfraech-mei-omballingen kritysk to bisjen, hwerby't ek de tûtsing fan de ynstjûrde teksten de oandacht kriget.
Foar sa'n ‘ANTI-MANTGUM-NUMER’ sille wy graech biskikke oer de ôfwiisde teksten 1968: dêrom forsykje wy de ynstjûrders ús dizze teksten mei gauwens ta to stjûren. Allinne al fanwegen de kwantiteit kinne wy publikaesje fan hwat ynkomt yn 't foar net tasizze. Wy moatte ek om reden fan kwaliteit hjiryn wol de frije hân hawwe. |
|
-
voetnoot*)
- Yn syn taljochting pleite Dr. Nauta foar in gau-eftich útjaen fan de Rely-teksten. Miskien, sei er, hat de Trotwaer-redaksje yn oktober noch wol forlet fan in juny-nûmer.....
|