[Nummer 7/8]
Redaksioneel I
Trinus Riemersma is fan doel mei 1 jan. 1970 ôf to gean as redakteur. Wy sizze dat nou mar fêst om de rabberij tsjin to gean as soe dat hjir of dêr om wêze. It is ntl. om in tweintichjierrich redakteurskip foar to kommen.
Yn forbân mei in yntiidse fornijing fan 'e redaksje binne wy fierders fan plan tusken Kryst en nijjier, dus nei de foltôging fan 'e earste jiergong fan trotwaer, in reboeljegearkomste to hâlden, dêr't elkenien syn miening oer ús bilied spuije kin.
Dit ek nei oanlieding fan it feit, dat wij sa'n bytsje ôfbrekkende of opbouwende iepentlike krityk krije.
Hwat sa'n reboeljegearkomste útwurkje sil, kinne wy nou noch net oersjen. Wol sprekt it fansels dat de redaksje himsels oanfollet. Op dy gearkomste kin elkenien mei nije kandidaten foar it redakteurskip nei foaren komme. Foarst kandidaten foar Riemersma yn 't plak, twad as forfanging fan net dogende redakteuren. Dus ûnthâlde: REBOELJEGEARKOMSTE TUSKEN KRYST EN NIJJIER.
Geart van der Zwaag, redaksje-foarsitter.