| |
| |
| |
Leo Popma / De alde bew
In jier hast hie ik dêr wenne, myn keamer al opsein, en it hie de skyn wol, dat ik meikoarten in nuttich mar net bot feestlik tiidrek yn de annalen ús hearen Ludovicus Otto-Marie Pestael ôfslute koe. As hichtepunt fan skralens soe dêr yn formeld stean, dat him op 'e tolfde juny in toar en earmoedich kalligrafeard stik perkamint mei in biwyske fan plechtichheit oerhandige wie, om oan syn biskieden samling ta to foegjen. En dat, hoewol sibben, kunde en ûnyngewijden der elk op har wize heech fan opjaen soene, it sels mar amper earnstich nimme koe, hwerfoar it feit dat allinne syn earste namme, en dan noch as ropnamme, op it dokumint foarkaem, him frijhwat in bifestiging en rjochtfeardiging fan talike.
Mar dy lêste wiken siet ik yn 'e tomaten, en dy joegen der lang om let noch kleur oan.
Folle bimuoijing hie ik mei har net hawn, en hwat der needsaeklik to forhakstûkjen wie, die ik mei de frou ôf. Him hie ik mar in kearmannich sjoen.
It frommes wie yn 'e rin fan de tiid trouwens aerdich bykommen, sûnt bliken dien hie, dat ik oan har eask fan oarder en kreazens in stikhinne tomjittekaem. Fansels ûntroun ik de stream fan klachten en forsuchtingen net, as ik ienkear yn 'e moanne de hier bitelje woe. Mar myn démoedigens en goede foarnimmens dan, wiene har alhiel nei 't sin. En binammen as ik it, om fan har gejeuzel ôf to kommen, ek noch opbringe koe mei in aerdige opteinens har soarchsumens mei to stimmen, dan wie it ynoarder.
- En Luc - ik mei dochs wol Luc sizze, nou, mynhear Pestael? - hat dyn kostfrou alles net goed foarinoar; hast it net goed by my; ja, se is noch net sa min, hen, ist net sa, siz it mar, hen jong? -
Oer har treurend hounegesicht kaem in sunich glimke, de pearse pûden ûnder har eagen loeken yn 'e hoeken gear, en fanút har swiere lichem yn 'e stoel, naem se my op, dy't al in hoart wer mei de hân oan 'e klink stie.
| |
| |
It tal kearen dat ús wegen elkoar krústen, folgen altyd yn in lyts tiidrek koart opinoar, twa trije dagen, mar dêrnei seach ik har yn gjin wiken mear, en wie elk allinne oanwêzich yn in sêft gerûs dat oan de oare kant fan muorren en doarren waer to nimmen wie. Och, men mei nou, efternei, ek wol sizze, dat men op 'e hark stie en ta de doar útpike, hwannear't hja krekt in oare achter har tichtslein hie. It wie algeduerich in ôflossing fan slaende doarren en hastige fuotstappen, dy't as in ûrwurk ynelkoar griep.
De sleauwens dêr't hja har swiere lea mei hinne en wer sjoude en de trystheit fan har ôftrutsen gesicht, wiene net tige gaedlik om it minsklik bidriuw fan de fleurichste kant to bisjen. Dat, hwat soe men jinsels oandwaen.
Mar dan waerd it wer tiid foar de forplichte bisite, en moast it mar wer wêze.
Ek as ik earder as gewoanlik thúskaem, roun ik har wolris tsjin it liif. Hwannear't hja dwaende wie yn 'e keuken, dy't ik foarby moast, of as hja har lusten bodjoech yn myn keamer. Binammen yn it lêste gefal wie der fansels gjin ûntkommen oan. En hwerom dan ek gjin praetsje meitsje en har iver en geskrep achtslaen en nochris wer herhelje dat men it ochsa troffen hie.
- Hwat biste ek in rotjong, sjoch nou dy gerdinen ris, en al dy boeken, kin dat nou net hwat oars? En dan dy lekkens, krekt forline wike forskjinne en sjoch nou ris ta, jajah - en se kaem alhiel oerein en seach my oan as woe se my útklaeije, en op in toan, sa weak en traech fan forstânhâlding - hast grif in wiete dream hawn, hen? -
(Minsken, hwat in geëamel). En mei in knypeachje sette se ôf.
Dan wiene der noch de jounen dat hja - klop-klop, goejoun mynhear Pestael, sjochris hwat dyn kostfrou foar dy hat - in bakje kofje brocht. Dat waerd yn net to neamen tankberheit oannommen en, hwannear't it erchtinken net sa mear yn 'e reden lei en de kâns op in twadde bakje noch net oanbrutsen wie, mei gerûs fan kranen, fanwegen smaek, rook en kleur yn 'e waskbak trochspield.
En dan it misbaer om it bineije ôfskie.
- Ik hie it wier goed by har hawn, mar hja moast bigripe, myn wurk hjir wie dien, en ik moast werom, alhoe't it my spiet. -
- Se bigriep it ek wol, ik koe slim om har bliuwe, en ik hie nou dy drege stúdzje hawn, mar ik soe dochs wolris hwat fan my hearre litte? It soe sa stil wurde en men moast altyd mar ôfwachtsje hwatfoar folk men opnij wer yn 'e hûs helle. -
| |
| |
Soe dat net hwat tafalle?, en ik wie ommers ek noch net fuort... Foarearst siet ik noch wol even yn 'e tomaten.
Meidat it stúdzjejier op in ein roun en in forlamjende wurgens oer dosinten en studinten kaem, de simmer, bûten, it forkearen yn skimerige kolleezjesealen jin langer de siken binaem, hie ik nei wurk útsjoen dat mear forromming en boppedat hwat jild oplevere, om de fierdere simmer op reis to kinnen. Dat it bôllefabryk en it portiersbaentsje op neat útrounen, wie spitigernôch. Mar dat it nei in pear wike omheukerjen sa bisloech, dat de âlde Bew der yn bihelle wurde soe, koe men doe net foarsjen.
En it wie in lust. Alle moarns foar dei en foar dage op it fytske de stêd út, oant men mei in lyts ûre op 'e túnderijen bidarre en de tomatepluk bigoun.
Moarnsk doek it folk de kassen yn, en ûnsichtber tusken de hege strûken, skrepte elk troch de rigen. Knappen fan de stâllen, ploffen fan fruchten en it lichte hymjen fan de plukkers; it huverjen yn 'e moarnskjeld as bûtendoar de kuorren leegd waerden, it driftich kocheljen as de earste sigretten oan giene, en letter, it lûdroftich sjongen dat it timpo noch opfierde, it ôfreizgjen fan guon seizoenwurkers, as de tiid foar de feiling de pluk opkearde, en dêrnei it ompakkend wurk; hwa koe formoedzje, dat er him liende foar de ôfgong fan de âldman?
In pear kear hie ik him troffen, faker dwaende heard yn 'e keuken, dy't njonken myn keammerke lei. Hwant as nachts de stilte yn hûs weromkeard wie, en ek fan har beide forwachte wurde mocht dat hja op bêd wiene, hearde men him hoeden har wenkeamer út kommen en foar myn keamer lâns slûpen. Dêrnei bleau it stil en frege men jin ôf, oft er faeks earne wer yn 'e sliep rekke wie. Allinne it monotoane gebrom fan de iiskast dat oant yn myn kêssen trochdindere, en it droege geknap fan yn- en útskeakeljen as it ding dêrfoar de temperatuer hie, wie noch to hearren. Mar altyd wol liet er dan it ien of oar knoffelje of ûntkaem him in kastdoarke of laed, en wie it dúdlik dat er dêr noch altyd omskaeide.
Ek woe it wol, dat er nachts pas thúskaem, de treppens op stommele en dan yn 'e flecht wei de tsjustere reserves oanspriek.
Hwant dat er op 'e iene of oare menear de kost fortsjinne, lei yn 'e reden. Tusken de klachten en it slije praet fan myn kostfrou troch, hie ik der wol ris hwat oer opheind. Mar dúdlik to omskriuwen aktiviteiten wiene him net oan to wriuwen. It meast hie it der fan, dat er op ien fan de legaetsjes hwat útheefde, dêr't er foar bitelle
| |
| |
waerd, en dêr't er him by dei- en nachttsjinsten foar del to jaen hie. Mar ek sichtberder putsjes hied er by de ein.
Hoewol't it boppehûs him in bytsje earmslach joech, sjoude er faek mei ridskip om, en binammen op it balkon oan 'e achterkant fan it hûs, timmere en seage hy fan alles byelkoar. Dat wie lykwols mear fordivedaesje, al sil dat perfoarst wol hwat brûkbers opsmiten ha. Hwant as de frou yn syn bywêzen him al ris sydlings yn it petear mei my bihelle, wie it om it ien of oar sjen to litten - greatsk as hie hja it sels makke en ek omt dêrmei bliken dwaen koe, hoe aerdich hja har yn party lytse dingen wisten to rêdden - en mei klam en mear as ien kear to forkundigjen, sels makke, hat myn man sels makke, handich hen?
Mar hwat sûnder mis wól hwat yn it laedtsje brocht, wie de skuonmakkerij.
Yn in tsjustere hoeke fan de oerrin, skean foar myn keamer oer, stie it apperaet dat troch 'en dei yn oertrekken en âlde kleden forburgen bleau, en dat men foar in stik geskut of hwat ek hâlde soe. Mar net foar de âlderwetske masine, dêr't noch oer to redendielen wêze soe, oft it rykrak fan natueren foar it meitsjen fan klean of skuon ornearre wie. Yn alle gefallen wie fuortoan it lêste it doel fan de eigener.
Hoe dan ek, by in lytse rounte fan buorlju en kunde wie dat bikend wurden, hwant nou en dan waerd der skille oan de foardoar fan V. Golubew. Mei't dy doar boppe oan in tou iepenlutsen waerd en it tsjustere trepsgat der yn earsten nei riede liet oft der dêr boppe yndied wol ien acte de présence joech, hie elk it foar gewoante en kundigje him mei net mis to forsteane dúdlikheit oan. Dêr die it holle betonnene trepportael dan ek noch sines ta, en sa koe it my nea ûntkomme dat der yn de kommende dagen wer in pear skuon op 'e helling moasten. Dat wie my troch ien fan de klanten ris útlein, omt ik, doe't hja beiden ris net thús wiene en ik de wacht by it tou oernommen hie, nei alle gedachten in kear hwat twiveljend in pak reparaesjeguod oannommen hie. Hwant doe't in frjemde stim frege hwat der wie, hie de klant earst ynformearre, is-'e-âre-Bewer-ek, en doe wiidweidich taljochte dat er wiswier net oan it forkearde adres wie.
En de ynbrek op de geheime gongen fan de âlde Bew troch in earder thúskommen, oertsjûge my fan de wierheit dêrfan.
Midden op 'e oerrin stie de masine, ûntdien fan alle kammeflaezje, op hege sierlike poaten dy't as in frisseling fan ranken omheech
| |
| |
kroepen. Dêrtusken it pedael hwer't it organisme mei oanjage wurde koe, ek yn deselde motiven en de staesje fan getten-izer. Mei rom oerstekkende kanten rêstte it tafelblêd op 'e poaten, en dêr kromme it swarte, deftige apparaet út op.
Breedút mei de earms op it blêd en djip foardelbûgd oer it wurkstik, siet de âldman foar de masine, stadich pedaeltraepjend en in bytsje smûgend fan ynspanning.
Troch it gegouns fan de driuwriem, en ek omt er op dy ûre nimmen to forwachtsjen hie en de oandacht hielendal by it wurk, wie myn komst him ûntgien. Mei sabeare stroffeljen op 'e lêste treed en hommels opkommend hoastjen, bisocht men noch in alto greate alteraesje foar to kommen. Mar altyd wer yn sokke sitewaesjes, skeat de âldman mei hoartende kielklanken oerein, joech skrikkerich blyk fan werkennen, en hinne-en-werjend op syn stoel, wylst de ûtroppen fan skrik oergongen yn in ûnrêstich gebrom, wachte er ôf oant ik yn myn apartemint weiwaerd.
Dan wie syn wurk ek wol dien, en wachte de masine en de hiele fierdere brot op 'e frou, dy't alles oan kant makke.
Men kin lykwols net sizze dat er him alles sizze liet. Mar tsjin de bûtenwrâld oer die de frou it wurd, hwat har mei har skel lûd en it rou aksint fan de streek wol tabitroud wie.
De âlde Bew wie in man fan in bytsje wurden en hwat der út kaem wie amper nei to kommen. Syn hiele foarkommen wie dat fan in útwrydsk gewaeks, dat nei dizze streken oerplante wie en dêr, mei forlies fan eigen aerd, noch justjes it libben hâlde koe.
Koart fan stik, hwat foarmleas en ynelkoar en út in soarte fan skouwens de holle foardel, like it oft er kromgroeid wie. Dêrby kamen de brede, koarte nekke, de keale plasse en it warige gesicht mei de mopsnoas, dy't de yndruk fan in kobold noch forsterken. Hy roun ek net, mar kaem foarút op in wize dy't oan rôljen tinken die, op nei binnen kearde fuotstommeltsjes en mei bongeljen fan koarte roune earms.
En dan it kromme taeltsje, dat de frjemd libbenslang de kraech kostet, dat er achter him neibauwen heart, dêr't er yn it bywêzen fan oaren de tonge oer brekt, mei miaukjen yn 'e nasalen en komike iver yn 'e r-klanken.
V. Golubew, fan hûs en hiem forballe, in frou troud, of wierskynliker, troch dit frommes troud, en hingjen bleaun yn dizze oarden, dêr't er in lyts gebiet mei de natuerlike bigrinzingen fan swijsumens,
| |
| |
ûnwennichheit en forfrjemding, foar eigen gebrûk fan ôfbeakene hie.
Utsein de greatskens hwermei't de frou fan har man opjoech as it gie om in nij stik ynboel, dat oan myn biwûndering priisjown waerd, like it, oft hja it net wêze woe fierder gedoente mei him to hawwen. As de hierder my wer by har oer de flier brocht hie, wie ik langer de iennichste dêr't hja it moed by romje koe.
Ta in bal oprôle siet de âlde Bew yn in earmstoel, amper sichtber yn syn hoeke bûten it ljocht fan in pear nearzige skimerlampkes. Allinne in gebrom en in ûnrêstich biweech fan dy kusten, hie by it ynkommen syn oanwêzichheit forret.
Dochs bistie der soks as in stil forboun dêr yn 'e achterhoede, as ik op noch gjin oardel meter fan de tevé, midden yn 'e keamer op in stoel plante wie, en har beiden oan wjerkanten yn 'e rêch hie.
Mar har praet wie tsjin my. De âldman waerd dulde en mei minimale oanwizigen, sa goed sa kwea, bistjûrd.
Lyk as hwannear't de muzyk út it blauwe each, har ûnmisbere kykkas, op 'e parkiten oersloech, dy't yn in omboude muorrekast tahâldden, en der oan har getsjetter mar gjin ein komme woe.
- Even passearje, mynhear -, fottelle de man nei de kouwe en bigoun mei setten tsjin it gaes to slaen.
- Dou dêr, griene, net sa'n leven, hen; hâld jim de bek, bisten. -
Earder guodlik die syn likens oan, wylst er mei kluchtige meneuvels tsjin it izertried raemde, en lang om let troch it lege doarke yn it hok stoep.
- Och, man, lit se nou mar, dat giet fansels wol oer. Se dogge dy ommers gjin kwea. -
- Hwat dou, dou ek altyd. -
En opnij hearde men him tusken de fladderjende fûgels mei in piperich stimke flaeikjen en biwearen, en lilk wurden en grânzgjen.
- Man fan my, tink om dyn klean, och och, sjoch nou ris ta; ik wol dy brot hjir net langer ha, hearste? -
- Dou moast dy marris stilhâlde, dou. -
- Ja myn man tinkt om soks net, hear, mynhear Pestael. As ik der net wie. -
En wylst ik alle partijen har gerak wol jaen woe, fortoeve de âlde Bew yn syn kouwe, klage en jammere de frou by himel en ierde, en teach de wrâld yn kâlde bylden en kleurleas lûd op it skerm foarby. By wize fan presintsje hie ik in pûde tomaten foar har meibrocht. Dy waerden yn greate tank oannommen. En ek wol mei in bytsje
| |
| |
ûnderdienigens en forlegenheit. Hja wie der hwat mei oan, nei't it like, as wie ik har in stap yn it foar kommen.
- En dy griene, dat hindere neat, hear, dy lei se wol in hoartsje yn 'e sinne. -
Dat bisloech wol ris faker sa, en fuortoan leine op it sinkene flierke fan it balkon de aldergrienste eksimplaren noch in deimannich to stoven.
Omt ik de fuortgang yn 'e konsumpsje net achtsloech, en it fan myn kant mear as in aerdichheitsje bidoeld wie, stûke de oanfier wolris. Mar de minlikens fan myn kostfrou naem ta en fan der-net-goed-rie-mei-witte wie langer gjin praet mear.
- Och Luc, ik freegje mar, as it net kin, is 't ek net slim, mar soest ek nochris hwat tomaten meinimme kinne; myn man mei se sa graech. As it net tofolle frege is, hen jong, dat dochst wol, net? -
De jouns tôge ik dan wer in sekje fan dy heal-ripe kringen ta de keuken yn.
De wiken giene foarby, en mei de tomaten waerd ik bern oan hûs. En mear as de selsfoldiene tankberheit fan de frou, foelen jin de foroaringen op dy't der yn 'e âlde Bew pleatshiene.
Skrikkerich noch yn it earstoan en him biheinend ta in pear meistimmende klanken as der hwat ek oan 'e oarder wie yn it petear tusken de frou en my, kaem er aloan mear fanwegen. En hja liet him gewurde op 't lêst, sprong by as er nei wurden socht, birêdde en harke forfeeld of glimke my sahwat wurch oan.
De biroering yn 'e âldman wie net to kearen.
Yn it hûs en binammen yn har wenkeamer, hong langer in rook fan fochtige groun en planten nei in reinbuoi. Op kasten en yn finsterbanken leine de fruchten, en bidwelmen jin mei har skerpe, bittere lucht. En as kaem alles hwat ienkear yn 'e groun biwoartele wie ta de ûntdekking fan syn oarsprong, sa skeat datjinge hwat de namme fan natuer dêr noch forneare koe, by de muorren omheech of briek mei geweld út 'e folsûgde potten.
De frou klage en moanne en frege om bigryp. Mar de âlde Bew fearre op sadré't er my seach, grommele syn Pestael en skrepte fierder, my foarút nei it balkon of de keuken, dêr't de risping fan syn tunen wachte op 'e pluk.
In striehoed op, in bûsdoek om 'e nekke boun, sa seach men him fuortoan oer de ekers krûpen om de fruchten to kearen en to sortearjen.
| |
| |
Brânde de sinne to fûl, dan skermde er de ruten ôf en luchte hy de kassen. Rêstleas kontrolearre er syn ark, haeste him út en troch nei it balkon, eage de loft ôf en birekkene syn kânsen.
En as de droechte to lang oanhâldde en de ûnrêst fan de âldman mei de ûre greater waerd, hearde men him binnenmûls flokken en tjirgjen, oant er stampend op it lêst yn 'e hûs om fleach.
Ynienen wied er dan ek ta in bislút kommen, sa't like, hwant de opstannichheit saksearre, en langer hearde men allinne noch in doelmjittich geskrep, gesleep fan slangen en it rinnen fan kranen. De âlde Bew bispuite it gewaeks.
En lang dêrnei hâldde it drippen oan fan de geurende strûken, en hearde men it sloarpjen fan 'e groun, hwannear't it folk troch de wiete modder wâlde. Unforsteanber wiene de oarders dy't de âldman har tarôp. De dei roun nei de ein, de plukkers kearden werom nei it doarp. Stilte foel oer it lân, tusken de wenten klonken de bidimme stimmen fan minsken en hounen yn de skimer.
En as ik him frege, jouns as ik wer op bisite wie, nei de fuortgong yn it rypjen, de kânsen op ôfset en oft er net bang wie himsels mei de waer forkeapje to sillen, herhelle er fûl of ôfwêzich syn bitinken.
Sûnder ophâlden wie it blauwe each fan de wrâld op ús rjochte. Fan skamte swijde de frou. De fûgels roerden har sûnder dat har noch eat yn 'e wei lein waerd, en pikten yn it gaes as soe dat it ea ris bijaen.
As de âldman mei glinsterige eagen út ein sette en my mei fjûr by de earm griep, wie er noch wol nei to kommen. Syn forhalen wiene deselde, men koe de oarden dêr't er fan spriek, de earmoed en de ienfâld fan liemige doarpen, de forlittenheit fan de flakten, de forbounens fan de biwenners en it rjocht fan elk fan de genoaten; de groun en de greatskens om hwat dêr op woun waerd. Men fierde de feesten mei as it folk to merkjen gie.
Mar net mear to forstean wied er, as wy sabeare yn 'e stêd oankamen en de hannel bigoun en elk lûdroftich syn waer oanpriizge yn de tael fan syn streek, tsierde, lake en him forsoene.
Triennen, leafde, oarloggen en forbanning, dat wiene de roken dy't it hûs fan de âlde Bew forfollen. En frege ik, hoe't de meibrochte fruchten har formannichfâldigen en langer net to tellen wiene, dan wie de stream fan wurden forstomme en mompele hy, mynhear Pestael, ik bin it dy't har splits en splits, hja groeije oan, ik draei en kear har, hja folje it hûs, ik regelje ljocht en bisproeijing, har bitterheit en wéë smaek bisette har yn myn klean, myn hûd, de
| |
| |
kring wurdt lytser en lytser.
Wy swijden; de frou dy't forbjustere foar har út stoarre, de âldman dy't him opnij yn syn stoel oprôle hie en ik, dy't har beiden yn 'e keamer achterliet by de tevé.
De spreaksumheit fan de âlde Bew naem ôf en foroare yn in woedende iver, doe't de tomaten ienkear op kleur kamen. Doe kaem ek de naeimasine wer út 'e lapen en gounze de driuwriem dagen achterinoar oan ien tried wei. Ut alles hwat dêrfoar mar brûkber wie, fabrisearre de âldman de sekken dy't er folle mei de ripe fruchten, en dêr't er dan ek de lêste iepeningen fan tichtnaeide.
Heger en heger waerden de steapels, mei har frjemdsoartige draechbannen en mei fochtige plakken hjir en dêr, hwer't de tobarstene fruchten troch de forpakking dripten.
Men mijt elkoarren as oerripe oantinkens de wrâld to lyts meitsje. Men teantet oer oarmans hiem en hantlanget yn it geheim en ûnsichtber. Geduld, en harkje nei de âldman, leaf wêze foar de frou dy't har rie to'n ein is.
En wachtsje op syn thúskomst, om in nije fracht om syn skouders to hingjen en him der withwersanne fan to ûntdwaen.
Dêrmei giene de folgjende dagen foarby. De drokte binnendoar wie dien en moarns bytiid al reizge de âlde Bew ôf, as in frachtdier bipakt en biladen, en him blynseach en op 'e taest troch de stêd winend. Oeral prebearre er syn gelok; op 'e hoeken fan strjitten, op bistoude pleinen, yn de parken fan skoftsjende middeisminsken, yn 'e gongen fan al den dei, op it fjild fan eare, oan 'e grinzen ek fan flechtige forstânhâldingen. Mei wifeljende gebaren priisge er syn waer oan, lústerjend en hakkeljend en net to forstean. De hoed oer syn eagen, bisidekrûpend yn syn klean, lâns de huzen slûpend, tahâldend yn tsjustere portalen. Withwerearne tôge er syn fracht, oeral dêr't men him folge, sûnder der eat fan kwyt to wurden.
Wy seagen him gean yn it each fan de wrâld, de frou en ik. Njonken de kouwe, op it tillerich skerm fan de T.V.
Yn de blauwe mist, bûten it birik fan de seinen út 'e stêd. Krûpend wol hast ûnder de lêst, hâldend foar it sân dat de wyn oer de flakte jage, sykjend om de spoaren fan in bigeanber paed. Stroffeljend en oereinkommend.
Mar núnderjend ek soms, soe men sizze, stanska bronájawa, stanska ji Bew, en hoopjend en tofreden súver, nei't it like.
|
|