Hûpsûpengroattenbrij
Foar de Joast Halbertsma-bitinking, dy't op sneon 10 maeije to Grou hâlden wurde sil, binne in stikmannich skriuwers oansocht har meiwurking to jaen yn 'e foarm fan it forkeapjen en signearjen fan eigen wurk.
Koartby hawwe de skriuwers dy't har meiwurking tasein hienen fan it bitinkingskomité it forsyk krigen om de mjitte fan har jurk of pak klean en har hoed op to jean, hwant it wie it doel dat de meiwurkers yn Frysk kostúm optrede soenen. It komité soe soargje dat der foar elk in passend habyt klear lei.
Wylst de moderne Fryske literatuer him ôfset tsjin it ingprovinsjalistyske en stribbet nei universelens, wol it bitinkingskomité by middel fan in forklaeipartij dyselde literatuer it etikel fan folklorisme en provinsjalistyske leafhawwerij opplakke.
Ik haw my om dizze reden as meiwurker weromlutsen. Dat is it minste, en ik leau ek it measte dat men dwaen kin. Wy kinne de folkloristen dochs net bikeare, freonen. Lit harren dy tsiende maeije mar feestfiere - hwat in datum eigentlik! - en lit ús bisykje sa to skriuwen dat gjin folklorist der in bek op sette wol.
Tr. R.