[De fruchtberens fan in ‘lullich’ fers.(vervolg)]
beschaafde aardrijkskunde
zullen in een van de volgende encyclieken worden herdoopt in
Yn oktober soe dizze tekst trije dagen útstjûrd wurde, as in sekere Algra nei in heale dei ‘beschaafde aardrijkskunde’ de PTT net skille en de stopsetting fan de útstjûring net easke hie.
Ek de subsidiínten fan Operaesje Fers waerden warskôge.
Der moat dy middeis in yntensyf telefoanforkear west hawwe.
De poézijlinen rekken tominsten swier biset.
Om in âld forhael koart to meitsjen: op forsyk fan 'e PTT hat de technikus fan OF de tekst der ôfnommen. Letter hat de PTT skriftlik witte litten de wraekte tekst net toetse to wollen oan it earste lid fan artikel safolle.
Fierder: Operaesje Fers hat de subsydzjes krige.
Nou't dit mislearre is, soe men hwat oare mooglikheden oan 'e hân dwaen wolle.
- | Alle skutwurden yn Ljouwert mei deiblêdden oerplakke. Pisherntsjes, brêgelinings, tsjerkebanken en liftkabines binne om to bigjinnen gaedlike objekten. It moatte fatsoenlike kranten wêze, hoe âld se binne kin net skele. |
- | Brûke bern of âlderen yn jou bywêzichheit ûnfatsoenlike wurden, dan sa lang mooglik beare dat jo neat hearre. Ast net heger en fral net leger kin, dan in strang gesicht sette, lûd fan bah roppe en jo fuort ôfjaen. |
- | Yn 'e Earste Keamer writen dwaen in kommisje ynsteld to krijen, dy't bistudearje moat oft en yn hoefier ús âlde dichters nei de Noarm fan it Fatsoen en yn oerienstimming mei de Goede Sede hoffene wurde moatte. Sitaten út 'e wurken fan Vondel en Gysbert Japiks kinne de útstellen yn 'e Keamer staevje. As it oan it wurd ta is, dan sizze: stippeltsje stippeltsje stippeltsje. |
Mar fan my hoecht it net. Ik bin de Paus net en mei de persoan Algra haw ik gjin gedoente.
Dêrom net, achter har helsdoarren bloeije dochs aerdige blomkes. Stiet sa de doar op, hwa soe dan net yngean en ploaitsje, se skikke en op dit trotwaer de lju om 'e nocht oan biede.
G.